Taalgenoat en taalgeniet


artikels Taalgenoat en taalgeniet

(rubryk yn Friesch Dagblad 1998-2000)


- Frysk(prat)en frij? (21-02-98)

- De iene taal is gelikenser as de oare (14-03-98)

- We hč hier altyd Nederlans sproken, e n su mut ut blive oek!  (04-04-98)

- "gewoan" oanpasse of  "stoef" Frysk trochprate (25-04-98)

- Frysk praten ūnfatsoenlik? (16-05-98)

- Taalhabitus: macht fan de gewoante (06-06-98)

- Praten is ūnderhanneljen (27-06-98)

- It Frysk is ek "matrikstaal" (18-07-98)

- Nij taalbelied:  oanpassing bij it Frysk heart  (08-08-98)

- Ald taalbelied:  arrogānsje fan de macht  (29-08-98)

- Sprutsen geef Frysk net altiten "gaaf" (19-09-98)

- Stedfrysk is net Frysk en net bryk  (10-10-98)

- Algemien Beskaafd Frysk en  Strjittefrysk  (31-10-98)

- Prate jo NOCH ......?  (21-11-98)

- De berte fan in taal  (12-12-98)

- De berte fan it Frysk  (09-01-99)

- Diglossia is gjin twataligens  (30-01-99)

- Twa kanten fan de sosjale medalje:prestiizje en solidariteit  (27-02-99)

- Frysk imago is 'solidariteit'  (13-03-99)

- Hoeno, it Frysk in moaie taal?  (10-04-99)

- Rivella of it omgean mei Fryske identiteit  (08-05-99)

- Fryske identiteit is mear as taal  (29-05-99)

- Oansprekfoarmen fan macht en solidariteit  (19-06-99)

- Fryske en Stedske oansprekfoarmen  (10-07-99)

- Doocht 'jo' wol?  (31-07-99)

- It nije oansprekken  (21-08-99)

- De (taal)striid fan de seksen (11-09-99)

- Taal is in kleure bril  (02-10-99)

- Kleure taalgebrūk  (23-10-99)

- Misferstannen oer taal en dialekt  (13-11-99)

- Taal ferWURDet religy  (04-12-99)

- Frysk(prat)en frijer  (08-01-2000)


Frysk(prat)en frij? (21-02-98)

 

In earste stikje yn in rige fan in nije skriuwer freget altiten om in ferklearring foarōf: wat kant giet it śt? Dizze earste ōflevering fan myn hān iepenet dan ek mei in koarte omskriuwing fan wat it aard fan myn stikjes wźze sil. Myn ynfalshoeke is dy fan de taalsosjology. Dizze tak fan sport lit him koartwei beskriuwe as it sjen nei it plak fan taal yn de maatskippij. It giet oer hoe't minsken omgeane mei taal, dus mear oer harren taalgedrach as oer harren taal op himsels. It hat earder te krijen mei maatskiplike regels foar dat gedrach as mei allerhanne 'geve' of 'minne' wurden dy't yn in taal sitte kinne. Foar śs eigen situaasje sil it faakris gean oer de fraach ynhoefier't Fryskpraten frij is. Taal wurdt yn dizze "sosjale taalkunde" as in maatskiplik ynstrumint sjoen om in boadskip tusken twa minsken mei oer te bringen; in middel foar kommunikaasje, mar net in neutraal middel.

 Sljuchtweihinne kin kommunikaasje werjūn wurde mei in Stoerder dy't in Boadskip - yn wurden fan in bepaalde taal - śtstjoert nei in Untfanger. Dźrmei is de taal as boadskipdrager tusken de Stjoerder en de Untfanger pleatst; taal stiet net op himsels mar is ōfhinklik fan sawol de Stjoerder as fan de Untfanger. Sij kinne ta ferskillende taalgroepen hearre dy't maatskiplik net likefolle yn te bringen hawwe. Ek de situaasje kin ynfloed śtoefenje op hoe't se inoar oansprekke of hokker taal keazen wurdt. Yn de measte gefallen sille ūnbekende folwoeksenen yn in formele situaasje inoar mei 'jo' oansprekke. As immen dźrfoaroer yn sa'n gefal doket, kin dat as in net-winske yntimiteit oanfield wurde. Foar alles liket oars de regel te kommen dat beide dielnimmers inoar yn deselde taal oansprekke moatte. It hāldt yn dat taalgedrach net frij is; men kin net samar alles sizze en moat allegeduerigen rekkenje mei hoe't de oar der op reägearje kin. Der besteane koartsein allerhanne maatskiplike regels foar it taalferkear dźr't men jin oan hālde moat om sosjaal net te ferūngelokjen.

It is oan de iene kant fansels aardich om te sjen hoe't bepaalde regels foar taalgedrach no funksjonearje, mar it is faaks noch nijsgjirriger om śt te finen hoe't dy yn it ferline ta stān kommen binne. Wźr komt it bygelyks wei dat it dookjen fan in ūnbekende gauris as plat oanfield wurdt? Wźrom wurdt it ūnfatsoenlik fūn as immen Frysk werompraat as er troch in oar yn it Nederlānsk oansprutsen wurdt en oarsom net? Fryskpraten is net frij. It fiert ūnder oaren nei de fraach wa't de taalgedrachsregels fźststelt. Hawwe yndividuėn dy macht of kinne inkeld sosjale groepen soks bepale? Giet it om in ferskil yn maatskiplike posysje tusken Stjoerder en Untfanger, dy't him uterje kin yn it dookjen tsjin de legere en it jookjen tsjin de hegere, of giet it om in machtsferhālding tusken de oanbelangjende taalgroepen dy't makket dat ek in Frysktalige learaar in Nederlānsktalige learling yn it Nederlānsk oansprekt?

Nźst it sjen nei de no- en doetiidske regels foar it taalferkear mei fansels in foarśtsjen nei mooglike feroaringen yn de regels net ūntbrekke. Besjoen sil wurde hoe't in oerheid mar ek yndividuėn in taalbelied fiere kinne dy't it Frysk praten frijer meitsje kin. Dy kant giet it śt.

 


De iene taal is gelikenser as de oare (14-03-98)

 

Yn it ferneamde boek 'Animal Farm' fan George Orwell komme de bekende wurden foar dat "guon gelikenser binne as oaren". De bazige bargen besykje mei dy wurden te rjuchtfeardigjen wźrom't sij bij eintsjebeslśt mear rjuchten hawwe as oare bisten, ek al wie ōfpraat dat elk nei de machtsoername gelikens wźze soe. Yn dizze taalrubryk meitsje ik de ferliking mei talen. Nei in wetlike lykberjuchtiging kinne twa talen faaks yn prinsipe gelikense rjuchten krigen hawwe, mar yn de praktyk bliuwt de iene, dominante, taal noch hieltiten gelikenser as de oare, de minderheidstaal.

Op 1 maart lźstlyn is it Europeesk Hānfźst foar Regionale of Minderheidstalen ek foar Nederlān yn wurking gongen. Men soe sizze dat yn de "Minskebuorkerij" fan Fryslān it Frysk en it Nederlānsk eins min ofte mear gelikense rjuchten krigen hawwe. Mar wźrom wurdt it dan ūnfatsoenlik fūn as immen Frysk werompraat as er troch in oar yn it Nederlānsk oansprutsen wurdt en oarsom net? De taalgedrachsregels foar sprekkers fan it Frysk binne net deselde as dy foar de sprekkers fan it Nederlānsk. Wźr sit him dat yn: komt dat troch de maatskiplike status fan dy Nederlānsktalige yndividuen of sit him dat mear yn de macht fan de Nederlānske taalgroep as gehiel?

Ien antwurd wurdt jūn troch de Welske taalsosjolooch Glyn Williams. Hij seit dat men in taalgroep ek as in sosjale groep sjen moat en dat sosjale groepen in ūngelikense macht besitte. In Frysktalige dokter sil in Nederlānsktalige pasjint - likefolle de maatskiplike status - yn it Nederlānsk oansprekke: de dokter past him oan, omdat de pasjint bij de sosjaal machtiger taalgroep heart.

Dat ferskil yn macht tusken de twa taalgroepen is net fan de iene op de oare dei ūntstien. It mei śt de Fryske skiednis dśdlik wźze dat de macht fan de Frysktaligen as taalgroep der yn de lźste 500 jier net grutter op wurden is. Sūnt de Midsieuwen is de oanwźzichheid en macht fan net-Frysktaligen yn Fryslān net mear fuort te tinken. Benammen troch hannels- en bestjoerlike kontakten mei Hollān moast it Frysk al yn de sechtjinde ieu romte foar it Hollānske Stedsk ynskikke yn de grutte stźden yn Fryslān. It Frysk sakke ōf ta 'Boerefrysk' doe't Hollān de oermachtige posysje yn Republyk beklaaide. Yn de lźste twa ieuwen hienen de Nederlānsktaligen "het Rijk alleen". Ut dy machtsposysje wei koe dy groep in struktuer foar bestjoer, ūnderwiis mar ek it fierdere maatskiplike libben opsette dy't oant yn dizze tiid trochwurket. De maatskiplike struktuer joech fuortdaliks ek struktuer oan it taalgedrach. Nederlānsk prate wurdt sa ūngemurken stipe troch in systeem dat troch de ieuwen hinne opboud is.

Dat systeem jout ūnder oaren oan dat immen fan de minmachtige sosjale groep him yn taal oanpast bij de machtige sosjale groep. Frysk prate tsjin in net-Frysktalige giet tsjin dat maatskiplik systeem yn en wurdt dźrom gau as "ūnfatsoenlik" sjoen. It Frysk mei dan de lźste desennia wetlik gāns in ein foarśtbuorke wźze, mar it Nederlānsk bliuwt op it maatskiplike flak noch altiten aardich wat gelikenser as it Frysk.

 


We hč hier altyd Nederlans sproken, en su mut ut blive oek!  (04-04-98)

Yn de foargeande taalgenoat en taalgeniet wie ik ta de konklśzje kommen dat it Frysk maatskiplik net gelikens oan it Nederlānsk wie, omdat de Nederlānsktaligen as sosjale groep machtiger binne. De maatskiplike struktuer dy't dyen troch de ieuwen yn Nederlān opboud hawwe, hat fuortdaliks ek in normative struktuer oan it taalgedrach jūn. Mei dy oantsjutting "normative struktuer" bin ik ryklik koart om 'e hoeke gongen. Sadwaande dat ik dźr no noch wat djipper op yngean wol.

Normatyf hat te krijen mei noarmen; regels dy't oanjouwe wat neffens in bepaalde groep al of net heart. Minsken hawwe ferlet fan fźstichheid oer hoe't se har hālde en drage moatte. Se moatte har ergens op rjuchtsje kinne, oars wurde se ūnwis. Fan jongsōf oan wurdt śs ynprinte wat fan śs ferwachte wurdt, troch ālden, maten, leararen, freonen, ensfh. Yn it begjin kin men noch wol ris bewust it idee hawwe wźrom't bepaald gedrach wol of net heart, mar op in stuit wurdt dat gedrach automatysk dien, like ūngemurken as bijgelyks rinnen.

In normative struktuer liket wol wat op in park. Foardat der paden leinen, hie men de frijheid om alle kanten śt te rinnen. Mar as ienkear de paden it kreas meande gers strak trochkruse, giet der fan it padestelsel in twang śt om sa en net oars troch it park te gean: ferbean om op it gers te rinnen.

Lyksa koenen yn de foarige ieu in bestjoers- en ūnderwiisstelsel opboud wurde, dy't in stevige ūndergrūn oan de him ūntwikkeljende Nederlānske standerttaal joegen. Alle Nederlanners, ek de Friezen, krigen dźrmei in Nederlānsktalich "padestelsel" yn de holle printe. Fan dat stelsel ōfwike soe ynhālde dat men op it gers komme soe en dźrmei oanjaan dat men net wist hoe't it hearde.

Dy Nederlānske normative struktuer wie yn de njoggentjinde ieu sa goed as ūnbedrige en ūnbestriden. De Fryske beweging begūn earst yn de tweintichste in eigen, Frysk paad te sykjen. Ek it Frysk moast syn plak hawwe yn it ūnderwiis, it bestjoer, de rjuchtbank, de tsjerke en neam mar op. Omdat dźr al sljuchte paden leinen, waard sok dwaan lykwols as it ferwāldzjen fan it gers en dus de besteande noarmen sjoen. Kommissaris fan de Keninginne Van Harinxma thoe Slooten soe net al te lang foar de oarloch noch in Fryskpratend Steatelid ōfhammere hawwe mei de wurden: "We hč hier altyd Nederlans sproken, en su mut ut blive oek!"

It monopoly foar it Nederlānsk (of beskaafd Stedsk) taalgedrach yn formele fermiddens is nei de oarloch oer. Dochs is, ek no't der min ofte mear in beskaafd Standertfrysk bestiet, it Nederlānsk de foarsprong fan syn as earste oanleine padestelsel noch lang net kwyt. De normative struktuer is der noch altiten, ek yn it 'Fries' Museum. Yn dizze liberale tiid is it faak wol tastien - as jo miene dat sa nedich dwaan te moatten - om op it gers te kommen, mar eins is it wol sa fatsoenlik en beskaafd om op de earder baande paden te bliuwen: sa heart it!

 


"gewoan" oanpasse of " stoef" Frysk trochprate (25-04-98)

 

Yn de eardere ōfleveringen fan taalgenoat en taalgeniet haw ik it benammen hān oer wat de ynfloed fan de maatskippij as gehiel wie op it taalgedrach. As dy maatskiplike struktuer yn in twatalige mienskip allinnich de tsjinst śtmeitsje soe, hearde mar ien taal - dy fan de machtichste groep - yn formele fermiddens as bestjoer en ūnderwiis brūkt te wurden. De oare taal - dy fan de swakkere taalgroep - mocht dan inkeld en allinnich mar būten dy offisjele fermiddens praat wurde. Yn sa'n gefal soe de troch de dominante sosjale groep opboude normative struktuer it taalgedrach hielendal foarskriuwe.

Der binne lykwols ek oare as dizze fan būten de petearsituaasje kommende ynfloeden. De "grutte" (makro) maatskiplike krźften wurde foar in part tsjinwurke, mar foar in part ek fersterke troch "lytse" (mikro) krźften dy't śtgeane fan de yndividuėn dy't bij it petear oanwźzich binne. It taalgedrach wurdt sa besjoen net op it foarste plak śt de maatskippij as gehiel wei bepaald, mar troch de identiteiten fan twa of mear yndividuen. Ien fan dy lytse krźften skriuwt de regel foar dat de sprekker him oanpast bij de taalidentiteit fan de oansprutsen persoan(en), dat sij ien en deselde taal yn itselde petear brūke. Wij sjogge yn dizze ōflevering nei dy mikro-krźft.

De Britske sosjaalpsycholooch Howard Giles hat de taalgedrachsregels foar in dialooch gearfette yn syn model foar 'akkommodaasje' (oanpassing) yn taalgebrūk. Hij giet der fan śt dat in sprekker him safolle mooglik oanpasse sil bij de oansprutsen persoan as de sprekker de ynhāld fan it boadskip dśdlik oerkomme litte wol en hijsels posityf oankomme wol. Hij kiest foar de taal fan de oar. As in sprekker dźrfoaroer syn taalidentiteit klam jaan wol, wurdt krekt de foarm fan it boadskip foarop setten. De sprekker past him yn sa'n gefal net yn taal bij de oansprutsen persoan oan, mar kiest foar syn eigen taal. Sok taalgedrach sil bij de oansprutsen persoan negatyf oankomme. De noarm is dat jo je "gewoan" oanpasse. Sanet, dan prate jo "stoef" jo eigen taal troch.

Net alle minsken yn in taalmienskip binne bij steat om in taal te kiezen, dat kinne - logyskerwize - inkeld twataligen, dus yn Fryslān meast Frysktaligen fan-hūs-śt. As it taalgedrach inkeld neffens it prinsipe fan de akkommodaasje śtfierd wurde soe, prate twataligen Frysk tsjin Frysktaligen en Nederlānsk tsjin Nederlānsktaligen, sawol yn formele as yn ynformele fermiddens. Wij witte allegear dat dy patroantsjes yndie foarkomme yn Fryslān: Frysk prate oan it loket op it gemeentehūs mei in Frysktalige amtner en Nederlānsk mei de Nederlānsktalige buorman. Sawol it Frysk praten tsjin in Nederlānsktalige amtner oarekant loket as in Nederlānsktalige buorman oarekant hage kin as stoef Frysk trochpraten oankomme.

Der wurdt sa yn it algemien yn de praktyk lykwols minder Frysk praten as neffens dit akkommodaasjeprinsipe ferwachte wurde mei, hielendal yn de gruttere stźden fan Fryslān. Oan de iene kant wurket de lytse krźft fan akkommodaasje de grutte krźften yn de formele fermiddens wol tsjin. Oan de oare kant fersterket it akkommodaasjeprinsipe dy grutte krźften lykwols krekt, omdat Frysktaligen ūnbekenden gau as Nederlānsktalich ynskatte, krekt yn formele fermiddens. En yn dy formele fermiddens prate Frysktaligen dan meast wer Nederlānsk..... Of soenen de grutte krźften fan de maatskiplike struktuer dan dochs wer earder de tsjinst śtmeitsje?

 


Frysk praten ūnfatsoenlik? (16-05-98)

 

Yn de foargeande Taalgenoat en taalgeniet gong it oer de takenning "stoef" oan Frysk trochpraten tsjin Nederlānsktaligen. Ik wol dźr no de beöardieling fan it Frysk op himsels noch oan taheakje. Guon tinke dat it "ūnfatsoen" net allinnich yn it Fryskpraten tsjin oarstaligen sit, mar ek yn it Frysk praten sels. Dźrmei komme wy op in nij aspekt foar it bepalen fan de taalgedrachsregel: de taal as drager fan sosjale eigenskippen. De taalfariėteit sūget om samar te sizzen de skaaimerken op fan de sosjale groep dy't dy fariėteit praat. Taal en (de sosjale posysje fan de) sprekkers binne oan inoar keppele. It 'Leewarders' mar ek it Stedsk fan oare Fryske stźden wurdt faak as "plat" en "grappich", mar tagelyk ek as "fertroud" omskreaun. Om dy reden soe it stedsdialekt net būten de eigen kunderūnte brūkt wurde kinne. Is ek it Frysk praten tsjin ūnbekenden ūnfatsoenlik?

Om dat nei te gean haw ik al wer wat jierren lyn twa dialoochjes fan twa deselde persoanen op de bān fźstlein. De iene persoan frege oan de oare om him - in ūnbekende op de dyk - it paad te wizen. De oansprutsen persoan die dat dźrnei ek dśdlik. It iene twapetear is yn it Frysk, it oare yn it Nederlānsk. Beide opnommen twapetearen binne foar earstejiers pabū-studinten fan alle pabū's yn Fryslān ōfspile. Op in frageformulier moasten dyen op in skoarelist oanjaan wat se fan de paadwizer fūnen: hoe (ūn)fatsoenlik, (ūn)beskaafd, (ūn)saaklik, dom/yntelligint, ensafuorthinne is dizze persoan? De iennichste grūn dy't ta in ferskil yn beöardieling liede koe, wie de sprutsen taal, om't alle oare ūnderdielen lykas de stimkleur en it ferteltempo itselde wienen.

De śtslach wie dat der hoegenamt gjin ferskil makke waard tusken de paadwizer yn de Fryskpratende en de Nederlānskpratende rol op de neamde eigenskippen. Dat dienen de Frysktalige studinten net, mar ek de Nederlānsktaligen net, likefolle at dyen no hjir wei of fan būten Fryslān kamen. As der noch op oare persoanlike eigenskippen in ferskil makke waard, dan wie dat yn it foardiel fan de Fryskpratende paadwizer. Dy waard ūnder oaren 'nofliker yn de omgong' achte. De maatskiplike posysje fan de Fryskprater waard oars wol as leger as de Nederlānskprater sjoen.

Myn konklśzje wie dat it Frysk net negativer, op guon eigenskippen sels positiver as it Nederlānsk beöardiele waard, ek al steane de Frysktaligen trochinoar (wat) leger op de maatskiplike ljedder as de Nederlānsktaligen. De Frysktaligen foarmje yn Fryslān yn alle gefallen net sa'n śtsprutsen lege sosjale groep as bijgelyks de sprekkers fan it Leewarders yn Ljouwert dat it Frysk as in "platte" taal oanfield wurdt. De sosjale eigenskippen fan it Frysk sels lykje dźrom hoegenamt gjin rol te spyljen bij de taalgedrachsregel foar it al of net kiezen foar it Frysk tsjin in ūnbekende.

Is dan dochs it Fryskpraten tsjin oarstaligen fierhinne de wichtichste reden om it brūken fan it Frysk ūnfatsoenlik te achtsjen? Yn itselde ūndersyk haw ik tagelyk ek noch in tredde dialooch - wer troch deselde persoanen - ynsprekke litten op de bān: de paadwizer jout no in Frysk antwurd op in Nederlānske fraach. Alle studinten stroffelen oer dat "stoef" Frysk taalgedrach: se joegen de ōfwikende Fryskpratende paadwizer in legere beöardieling as dyselde paadwizer doe't er him mei in Frysk antwurd op in Fryske fraach wol oanpaste bij de fragesteller. De "stoef" trochpratende paadwizer wie ūnder oaren minder 'fatsoenlik' en minder 'beskaafd'.

Dizze śtslach is in befźstiging fan it model foar akkommodaasje (oanpassing): Frysktaligen prate mei bekende čn ūnbekende Frysktaligen Frysk; są Frysk prate is neat ūnfatsoenliks oan.

 


Taalhabitus: macht fan de gewoante (06-06-98)

 

Oan no ta haw ik yn elke taalrybryk los in pear faktoaren oanstipt dy't ynfloed hawwe op it (taal)gedrach: ūngelikense ferhāldingen yn macht, gedrachsnoarmen en de oanpassing fan it taalgedrach bij de oar syn taalidentiteit. De Frānske sosjolooch Pierre Bourdieu hat dy faktoaren mei inoar ferbūn. Syn begripen ‘merk’, 'kaptaal' en ’habitus’ heakje yn op de ferbining tusken de maatskiplike (taal)ferhāldingen en it (taal)gedrach tusken persoanen.

In 'merk' is neffens Bourdieu it plak dźr’t yndividuėn fia konkurrinsje en kompetysje dwaande binne om har eigen posysje te ferbetterjen of om der yn alle gefallen net op achterśt te gean. De feardigens fan minsken om oan dy kompetysje mei te dwaan, hinget ōf fan it maatskiplik “kaptaal” dat se ynbringe kinne. It giet dźrby net inkeld om it suver ekonomysk begryp 'kaptaal' yn de foarm fan jild of oar besit, mar ūnder oaren ek om kultureel kaptaal (kennis, feardichheden, diploma's) en symboalysk kaptaal (oansjen, eare en status). Sa smyt it lid wźzen fan in maatskiplik machtiger groep gāns 'kaptaal' op.

In Nederlānsktalige boargemaster hat net allinnich op grūn fan syn sosjale posysje, mar benammen troch syn taalgroepslidmaatskip in grut kaptaal op de 'taalmerk' opboud. Hij kin dźrtroch bijgelyks bij it ōflizzen fan de ynstallaasjebelofte yn de gemeenteried makliker de taal bepale as in Frysktalich riedslid.

It begryp ‘habitus’, rūchwei oer te setten mei 'gewoante', stiet foar de oanstriid om op dingen te reägearjen. Dy oanstriid soarget foar gedrach dat “wenstich” is foar in persoan. Dy is streekrjocht ferbūn mei immen syn ūnderfiningen as bern. Dy ūnderfiningen binne om samar te sizzen ynprinte en ta in twadde natuer wurden. Dźryn sitte ek de sosjale posysje fan de ālden en dy harren ideeėn oer de maatskiplike taalferhāldingen bebakt, bijgelyks dat it Nederlānsk maatskiplik "gelikenser" is as it Frysk. De habitus jout in praktysk hāldfźst - in 'padestelsel' - foar hoe te hanneljen en te reägearjen yn it libben fan al den dei.

De Frysktaligen is as leden fan in sosjale minderheidsgroep troch de ūngelikense taalmacht fan jongs ōf oan ynprinte wurden om harren oan te passen by de Nederlānsktaligen. It is foar in grut part fanselssprekkend en ta in ūnbewust automatisme wurden: "gewoan" oanpasse en net "stoef" Frysk trochprate. Itselde jildt oars ek foar it oanpassen bij Frysktaligen. It makket dat men jin net foar elk nij gefal ōffreegje hoecht, hokker taal at keazen wurde moat: de automatyske piloat - de taalhabitus - hat dat oernommen. Ynprinte ūnderfining śt it ferline beskiedt sadwaande foar in grut part it taalgedrach fan hjoed.

Om op de taalmerk “winst” te heljen śt in kontakt mei in oar, wite meartaligen wannear’t se foar de iene ynstee fan de oare taal "kieze" moatte. It oansluting sykjen by de taalidentiteit fan de oansprutsen persoan sil in (ūnbewuste) strategy wźze om in petear sa foardielich mooglik ferrinne te litten. Sa besjoen is de kar foar it Nederlānsk tsjinoer net-Frysktalige persoanen faak goed-begrepen eigenbelang; macht fan in earder oanlearde minsklike gewoante.

 


Praten is ūnderhanneljen (27-06-98)

 

De lźste kear haw ik wat ferteld oer de ideeėn fan Pierre Bourdieu oer taalgedrach yn it algemien sa't dat yn de maatskippij as gehiel te sjen is. De macht fan de gewoante - de 'taalhabitus' - jout in persoan yn wat foar him wenstich en normaal taalgedrach is. Dy gewoante is it resultaat fan in ūnderhanneling op de 'taalmerk' op maatskiplik nivo. Yn Fryslān hawwe wij dźr de gewoante fan Frysktaligen oan oerholden dat dyen har yn har taalgedrach ornaris sūnder erch oanpasse bij Nederlānsktaligen. De Amerikaanske sosjaal-psycholooch Carol Scotton sjocht krekt mear nei it mei opsetsin kiezen foar in taal op persoanlik nivo. It al of net oerstappen op in oare taal yn in petear tusken twa of mear minsken wurdt troch har as ūnderhanneljen sjoen.

Har model is boud op it neikommende ūnderhannelingsprinsipe. Dielnimmers oan in petear hawwe ferskate rjochten en plichten foarinoar oer. It kiezen foar in beskate taal wurdt beskōge as ūnderhanneljen oer of it presintearjen fan de rjochten en plichten fan de sprekkers fan wjerskanten. Der is lykwicht tusken beide sprekkers at se inoar erkenne yn inoars rjuchten en sels net yn har eigen plichten tekoart sjitte.

Bijgelyks, in āldere wurdt gewoanwei troch in jongere mei 'jo' oansprutsen en de āldere doket de jongere. De maatskiplike noarm skriuwt sok oansprekgedrach tusken minsken fan ferskillende leeftiden foar. As der net fan dy noarm ōfwykt wurdt, is der sprake fan ferwachte en wenstich gedrach. As in jongere it lykwols net iens is mei de besteande ferhālding, dan kin dy bijgelyks de oar ek dookje. It is in oanbod yn de ūnderhanneling om him net langer as jongere te sjen. Dat oanbod kin troch de āldere oannommen mar ek ōfslein wurde. Dy jongere wol mei it oanbod in nije ferhālding yn rjochten en plichten berikke en wykt dźrom mei opsetsin ōf fan de noarm.

Krektsa mei taalgedrach: as de ferwachte taal keazen wurdt, is der sprake fan saneamd 'ūnmarkearre' taalgedrach. As der wol ōfwykt wurdt fan de ferwachte taalkar, giet it om 'markearre' taalgedrach. Wat de ferwachte taalkar is, hinget fan de algemiene noarmen ōf yn in maatskippij. Neffens it markearringsmodel fan Scotton binne de neikommende fjouwer patroanen fan taalwiksel 'ūnmarkearre' en 'markearre'.

Bij it earste patroan giet it om in besteande petearsituaasje fan twa Frysktaligen dy’t feroaret trochdat  in Nederlānsktalige him derbij oanslśt. Der wurdt ferwachte dat de Frysktaligen dźrnei fan it Frysk op it Nederlānsk oergeane. Dat is de 'ūnmarkearre' taalkar. De feroaring yn (de taalachtergrūn fan) de peteardielnimmers wurdt folge troch in feroaring fan taal. De noarm liket te wźzen dat Nederlānsktaligen der rjucht op hawwe om yn it Nederlānsk oansprutsen te wurden en de Frysktaligen de plicht hawwe om harren oan te passen.

In twadde patroan fan kiezen is dat deselde persoan yn it petear mei hieltiten deselde peteardielnimmer it Nederlānsk mei it Frysk ōfwikselet. Dat 'ūnmarkearre' patroan komt wolris foar bij Frysktaligen, mar it is gewoaner foar Leewarders dy't ūngemurkenwei har Nederlānsk mei mear of minder Stedsk bijminge. It sinjaal dat śtgiet fan immen dy't op dy wize twa talen ōfwikselet, is dat er bij beide taalgroepen rekkene wurde wol.

In tredde patroan fan feroarjen fan taal is it ōftaasten fan wat twa ūnbekenden mei inoar prate sille: "Jo prate Frysk? U spreekt Nederlands?" It is in ūnderhanneljen om ta in ūnmarkearre taal foar it petear te kommen. Beide talen binne mooglik.

It lźste patroan is fan in 'markearre' taalkar. Neffens it model fan Scotton soe dy taalkar foar Fryslān dit ynhālde: in Frysktalige ūnderbrekt ynienen syn Nederlānsktalich petear mei in Nederlānsktalige troch op it Frysk oer te gean. De reden is dat de Frysktalige him troch de oar misledige fielt. De Frysktalige wol mei syn ūnferwachte oergong op it Frysk de ōfstān ta de oar fergrutsje. It model swijt oars oer hoe’t it sit mei it foar Fryslān wenstich twatalich petear. In  Frysktalige wol dźryn mei syn oergong op it Frysk faak gjin ōfstān ta de oar śtdrukke.

De essinsje fan it model is, dat sawol mei in ūnmarkearre as in markearre taalkar oanjūn wurdt hoe't in sprekker himsels presintearje wol oan de oar. De oar kin - yn reäksje dźrop - troch syn taalkar wer oanjaan oft dat oanbod oannommen wurdt of net. Elk momint yn it petear kin in oanbod ōfwiisd wurde. Praten is ūnderhanneljen.

 


It Frysk is ek "matrikstaal" (18-07-98)

 

Praten kin as ūnderhanneljen sjoen wurde. Om in bepaald doel te berikken moat men mei opsetsin foar taal A en net foar taal B kieze. De Amerikaanske sosjaal-psycholooch Carol Scotton beskriuwt yn har markearringsmodel in taalkar as in bod yn in ūnderhanneling. Mei in ferwachte oftewol 'ūnmarkearre' taalkar jout in sprekker oan dat er de besteande persoanlike ferhālding sa litte wol. Mei in ūnferwachte oftewol 'markearre' kar wurdt krekt oanjūn dat de sprekker dy ferhālding feroarje wol. Yn de Taalgenoat en taalgeniet fan 27 juny haw ik it dźr al oer hān. Ditkear gean ik yn op hoe't it 'stoef' trochpraten fan it Frysk tsjin in net-Frysktalige as in bod yn in ūnderhanneling sjoen wurde kin.

Yn Nederlān, dus ek yn Fryslān, wurdt sa yn it algemien it Nederlānsk as de saneamde "matrikstaal" oanfield. Dat is de taal dźr't alle taalgedrach yn de maatskippij oan ōfmetten wurde kin. It kiezen foar it Nederlānsk wurdt yn in soad gefallen as it gedrach sjoen dat de foarkar hat. De śtspraak "We wonen tenslotte in Nederland" is as rjuchtfeardiging foar dy noarm bedoeld. As in Frysktalige in ferwachte of ūnmarkearre bod oan in Nederlānsktalige dwaan wol, moat er foar it Nederlānsk kieze. De besteande maatskiplike en persoanlike ferhāldingen wurde dan net wjersprutsen. As dy Frysktalige him yn in Nederlānsktalich petear misledige field, kin er lykwols op it Frysk oergean. Dy taaloergong wurdt dan neffens it markearringsmodel fan Scotton as in persoanlik ōfsetten opfette troch de Nederlānsktalige. De Frysktalige wol mei syn ūnferwachte oergong op it Frysk, in markearre taalkar, mei safolle wurden oanjaan dat de reden fan syn lilkens weinommen wurde moat om de persoanlike ferhālding wer goed te krijen. Dat kin mei it oanbieden fan ekskuses. De ūnmarkearre oergong op it Nederlānsk troch de Frysktalige kin dan wer oanjaan dat it ekskśsbod oannommen wurdt.

Yn it besprutsen gefal gong it om de ferhālding tusken persoanen. De maatskiplike ferhāldingen hawwe net ūnderwerp fan ūnderhanneling west. Dat is sa wol bij it "stoef" Frysk trochpraten fan it Frysk yn in saneamd twatalich petear. Bij it oangean fan in twatalich petear troch in Frysktalige is der hielendal gjin sprake fan lilkens. It kiezen foar it Frysk tsjin in Nederlānsktalige moat dan ek net as in ūnderhanneling oer de persoanlike ferhālding opfette wurde. Sa'n bewuste kar foar it Frysk hat te krijen mei in eigen foarkar om de eigen taal te praten, omdat dat makliker is of omdat it Fryskpraten as in promoasje dźrfan bedoeld is. It is net sa bot it wjersprekken fan de besteande ferhālding tusken de beide peteardielnimmers, mar krekt dy fan de besteande machtsferhāldingen tusken de taalgroepen dźr't de beide peteardielnimmers bijhearre. It bod fan de Frysktalige is in bod om oan te jaan dat it Frysk (yn Fryslān) ek matrikstaal is. It kiezen foar it Frysk kin yn dy gefallen ek as taalgedrach sjoen wurde dat de foarkar hat: "Wij wenje op 't lźst yn Fryslān."

Hoe't sa'n bod troch de oansprutsen persoan begrepen wurdt, hinget faak ōf fan oft de peteardielnimmers inoar al of net kenne. As it bod oan in ūnbekende dien wurdt, hat it kāns dat de taalkar as in persoanlik ōfsetten opfette wurdt. As se inoar al kenne, sil de foarkar foar it Frysk troch de Nederlānsktalige net as sadanich oanfield wurde. As yn dat lźste gefal ek it bod dat it Frysk ek matrikstaal is troch de oar akseptearre wurdt, is der in nije persoanlike ferhālding ta stān kommen. It trochpraten fan it Frysk tsjin dy bekende Nederlānsktalige is dan net 'stoef' mear; in markearre Fryske taalkar is nei ūnderhanneling in ūnmarkearre bod wurden.

 


Nij taalbelied: oanpassing bij it Frysk heart  (08-08-98)

 

Op dit stuit liket in minderheidstaal yn Spanje ūnderweis te wźzen om yn syn eigen regio dominante taal te wurden. It Katalaansk waard yn Katalūnje waard ūnder it bewāld fan diktator Franco noch ūnderdrukt. Nei Franco syn dea yn 1975 krige de regio de kāns ūnder de kwint fan Madrid wei te kommen. De autonomy dy't Katalūnje yn 1979 krige waard brūkt om op in soad plakken it Katalaansk ta iennichste taal te meitsjen. Tsjintwurdich binne ek yn de twatalige haadstźd Barcelona alle strjitnammen ientalich yn it Katalaansk oanjūn.

Foar it wźrom achter it sukses fan it Katalaanske taalbelied kinne wy oanheakje bij de regels foar taalgedrach dy't yn dizze rubryk op it aljemint west hawwe. Dy regels soargen der yn de ālde situaasje foar dat it praten fan de minderheidstaal net frij wie, omdat de nasjonale taal de matrikstaal wurden wie dźr't alle taalgedrach oan ōfmetten wurdt. Oanpassing bij it Nederlānsk is ek yn Fryslān de wichtichste noarm. De reden wźrom't it taalbelied yn Katalūnje fertuten docht hat te krijen mei it feit dat oanpassing bij it Katalaansk ūnderweis is om de wichtichste noarm te wurden.

Maatskiplike regels lykje lykwols slim te feroarjen. Om it Frysk praten frijer te meitsjen soe men dźrom besykje moatte dyselde regels yn it foardiel fan it Frysk wurkje te litten. De oerheden mar ek yndividuėn kinne har eigen taalbelied fiere om greep op de grutte en lytse maatskiplike krźften te krijen dy't de taalgedrachsregels oanstjoere. Taalbelied soe dźrmei in nije - tsjinsteld oan de besteande - noarm oerbringe moatte: oanpassing bij it Frysk heart.

De regels soenen it ienfāldichst foar it Frysk ynsetten wurde kinne as de Fryske taalgroep de sosjaal-ekonomyske sterkste taalgroep wurde soe yn Nederlān. Dan soe in oanpassing fan de Nederlānsktaligen bij it Frysk taalgedrach it gaust it ferwachte en ūnmarkearre taalgedrach wurde. No wykt de Katalaanske situaasje troch syn histoarje fan ūnderdrukking troch it sintraal regear en de sosjaal-ekonomyske sterkte fan Barcelona en omkriten nochal sterk ōf fan de skiednis en de ekonomyske posysje fan Fryslān. It liket der net op dat hjir te uzes op koarte termyn de sosjaal-ekonomyske ferhāldingen oars komme te lizzen.

De taalstriid mei Den Haach sil mear op in Welske wize fierd wurde moatte. Troch polityk ūnderhanneljen waard troch Wales hieltiten mear bestjoerlik foech nei de eigen regio helle. Fansels hat ek Wales syn eigen unike skiednis dy't net mei de Fryske te ferlykjen is, mar Fryslān soe serieuzer oanstean kinne op mear polityk foech fanwegen it spesifike fan de eigen taalsituaasje. De ūntjouwingen yn de Europeeske Uny mei nije ynternasjonale wetten en ferdraggen kinne faaks nije iepeningen biede.

De regels dy't troch de grutte maatskiplike krźften (ekonomyske en politike ferhāldingen) oanstjoerd wurde en de grutste ynfloed hawwe binne tagelyk it dreechst te feroarjen. Oarsom binne de lytse maatskiplike krźften tusken persoanen makliker yn te setten, mar dy hawwe navenant mar in lytse ynfloed. In yndividu dat yn in petear oan it Frysk fźsthāldt, kin sa it Frysk ta matrikstaal ūnderhannelje foar dy petearsituaasje. Dy lytse ynfloed dy't fan it taalgedrach fan in yndividu śtgiet, kin maksimaliseard wurde troch yn gearkomsten fan maatskiplike ynstellingen in foarsitter allinnich Frysk prate te litten, bijgelyks de nije kommissaris yn de Steaten of de nije boargemaster yn de ried fan Ljouwert.

Dźrmei kriget de minderheidstaal mooglikheden yn in beskaat maatskiplik fermidden matrikstaal te wurden. Op in noch heger maatskiplik nivo kinne de provinsje en de gemeenten troch in konsekwint mūnling čn skriftlik taalbelied dśdlik meitsje dat "Frysk heart". De Fryske haadstźd soe om dy reden in foarbyld nimme kinne oan Barcelona troch alle strjitnammen ientalich yn it Frysk fźst te stellen.

 


Ald taalbelied:arrogānsje fan de macht  (29-08-98)

 

It ūnderhanneljen oer nij en āld taalbelied tusken dominant en minderheid is op it stuit folop oan de gong. 'Boetebureau klungelt met Friese namen' stie 1 augustus ll. yn dizze krante. Rein Hofstra fan Grou krige foar de safolste kear syn ferkearsboete troch it Centraal Justitieel Incasso Bureau (CJIB) op syn adres yn 'Grouw' tastjoerd. Ien fan de ferantwurdliken, adjunkt-direkteur L. van Tilburg, hāldt it no al skoften śt om būten de nije noarm en rjuchtlike śtspraken om op in ynkorrekte wize mei de offisjele Fryske plaknammen om te gean. It liket op "klungelen", mar dat is it net; der sit in persoanlik taalbelied achter. As immen op datselde Buro in boete ien kear nei in adres yn bijgelyks 'Ljouwert' stjoerd hawwe soe, dan kaam dat fersin net in twadde kear foar.

It is in foarbyld fan hoe't (arrogānsje fan de) macht yn de ūnderhanneling oer nij en āld taalbelied in rol spylje kin. Ien inkelde persoan kin noch frij lang de ālde noarm fan oanpassing bij it Nederlānsk oerein hālde, omdat dy in posysje mei macht ynnimt. Sa koe yn 1951 ek rjuchter Wolthers fan It Hearrenfean dy ālde noarm noch rekke troch it Frysk praten yn de rjuchtseal domwei te ferbieden. Der hawwe in Fedde Schurer en in Kneppelfreed foar nedich west om de nije noarm troch te setten tsjin de arrogānsje fan in rjuchter as Wolthers yn.

Op it earste each wurdt it opkearen fan it Frysk troch Van Tilburg wat handiger spile as dy lyksinnige funksjonaris śt 1951. Wie rjuchter Wolthers noch iepentlik oan it narjen, lykas Fedde Schurer dat doetiids typearre, Van Tilburg beropt him op "administratyf-technyske redenen": it CJIB moat him noch hieltiten fan ferāldere adresbestannen fan PTT post betsjinje. En dat is fansels net te feroarjen, no!

De werklikheid is lykwols oars. Van Tilburg wyt ek wol wat it taalbelied fan de Nederlānske oerheid is. Nei Kneppelfreed yn 1951 is der in taalbelied kommen dat hoeden romte ynskikte foar it brūken fan it Frysk yn it offisjele ferkear. Dat taalbeleid liet oars yn syn algemienens de posysje fan it Nederlānsk as matrikstaal fierder gewurde.

Mar op ien spesifyk punt krige it Frysk deselde mooglikheden fan matrikstaal: bij de offisjele nammejouwing fan bijgelyks de wenplakken. It Nederlānsk kabinet hat al yn 1953 oanjūn dat it jaan fan plaknammen it foech is fan de gemeenterieden. As in gemeenteried kiest foar in Fryske namme, dan is dat de iennichste offisjele namme. De lźste tiid binne boppedat besluten op dat punt nochris fierder formalisearre yn de saneamde NEN-noarmen, de 'Nederlānske Noarmen'. Yn 1992 hat de Steatskrante NEN-noarm 5825 publisearre. Dźryn stiet dat oerheidsynstellingen, lykas it CJIB, ferplichte binne om yn alle gefallen fan 1997 ōf de offisjele plaknammen te brūken. De nije noarm is dźrom foar iderien glźshelder: ek foar it CJIB en ek foar Van Tilburg. Dźr hoecht net nochris in rjuchter śtspraak oer te dwaan.

It CJIB hat it fiif jier oan tiid hān om oan de nije noarm te foldwaan. Dat it om administratyf-technyske redenen net slagge is? Noait in kear. Van Tilburg syn dwersbongeljen is fan deselde soarte fan arrogānsje as dy fan rjuchter Wolthers. It wurdt tiid dat in persoan op in noch machtiger plak - de minister - him ditsoarte fan narjen ōfleart.

 


Sprutsen geef Frysk net altiten "gaaf" (19-09-98)

 

Yn de Ljouwerter Krante stiet alle dagen de rubryk 'Opskerper'. It is bedoeld om de lźzer syn minne Frysk foar te hālden en him op dat punt op te skerpjen. Yn in kartoen seit de iene figuer wat yn 'min' Frysk en de oare figuer ferbetteret dat yn 'geef' Frysk. Figuer 1 seit bijgelyks: "Dy planke sjocht der noch gaaf śt" en figuer 2 reägearret mei: "Sa geef is dat no ek wer net." Dochs sil net elke Fryskprater sagau de geve foarm 'geef' yn de mūle nimme, ek al ken er dy wol śt de krante of in boek. Learlingen kinne hiel fyn ynlein harren noarm foar sprutsen Frysk uterje troch de learaar Frysk te freegjen oft er thśs ek sa praat. Foar harren is dat geve Frysk net "gaaf".

Der bestiet foar it Frysk in dśdlik ferskil tusken de noarm foar de skriuwtaal en dy foar de sprektaal. Dat ferskil bestie der yn it ferline foar it Nederlānsk ek. Mar wat earder yn it Standertnederlānsk noch as skriuwtaal oanfield waard, is tsjintwurdich gewoane sprektaal wurden. Hoe kin dat foar it Nederlānsk no wol akseptearre wźze en foar it Frysk (noch) net?

It ferskil yn macht tusken beide talen spilet dźrbij - lykas bij de taalkar - in grutte rol. Ek de wurdkar yn it Frysk stiet dśdlik ūnder ynfloed fan it Nederlānsk. Wurdkar en taalkar hingje fan deselde maatskiplike krźften ōf. Dat kin men helje śt de skiednis fan beide talen wat it kearen fan ynslūpsels śt oare talen oangiet.

It Nederlānsk is mei it taalsuverjen en de taalopbou fierder as it Frysk, omdat de earste rykstaal dat standerdisearjen al sūnt de Midsieuwen ūndergien hat. Yn de fjirtjinde ieu wurdt al oer de kwaliteit fan it Brusselske Nederlānsk fan de skriuwer Jan van Ruusbroec skreaun: "Oec is te merken dat dese boecen ghemaect sijn in onvermingheden (=suver) bruelselschen dietschen (=Nederlānsk), soe datter luttel latijnscher ofte walscer woerden ofte van enighen anderen tale in sijn ghesaeit." Oan it begjin fan de santjinde ieu set de Amsterdammer Bredero yn syn 'Spaanschen Brabander' in ynkommeling śt Brabān te kyk, omdat der neffens de Amsterdammer tefolle Frānske wurden yn de frjemdling syn sprektaal sitte. Foąr 1800 liket der foar de Nederlānske skriuwtaal in standerttaal ūntstien te wźzen, dy't as matrikstaal tsjinje koe foar de sprektaal.

It is net tafallich dat de noarm foar de geve sprektaal him earst nei 1800 goed trochsette koe tagelyk mei it setteljen fan it Nederlānsk yn bestjoer en ūnderwiis. Dat setteljen dźre soarge der lang om let net allinnich foar dat it Nederlānsk (de taalkar) yn datsoarte fermiddens de noarm waard, mar ek dat it Algemien Beskaafd Nederlānsk (de wurdkar) dźr de oanwiisde taalsoarte wurde soe. Om mei te tellen yn dy fermiddens, wienen minsken twongen om har oan te passen oan dat spraakgebrūk.

It Frysk is noch net safier. Men kin faaks sūnt de Jongfryske Beweging (1915) foar it earst prate fan in serieus besykjen om sa'n sprektaal op te bouwen. Mannen as Douwe Kalma skreauwen net allinnich beskaafd Frysk, se praten it ek. Mar omdat it Frysk doe būten de offisjele fermiddens keard waard, bleauwen sij de iennichsten. It Frysk sit mei inkeld in foar it skriuwen akseptearre standert noch yn de situaasje dźr't it Nederlānsk om 1800 hinne yn siet. Earst as it Frysk him as matrikstaal yn it bestjoer en ūnderwiis trochsette kin, sil der in maatskiplike oantrśn ūntstean dy't it praten fan Standertfrysk needsaaklik makket om der bij te hearren. Dan wurdt sprutsen geef Frysk ek "gaaf". De Fryske taalsosjolooch Pieter van der Plank hat it ferskil tusken beide talen yn Fryslān wolris kearnachtich gearfette mei: it Nederlānsk ģs in standerttaal, it Frysk hąt in standerttaal.

 


Stedfrysk is net Frysk en net bryk  (10-10-98)

 

Ien fan de opmerklikste taalfariėteiten dy't yn Fryslān praten wurdt is wol it Stedsk of, wat ek wol sein wurdt, it Stedfrysk. Dy lźste namme is winliken wat nuver, want it giet hielendal net om Frysk dat yn de stźd praten wurdt. Oan de iene kant is dy namme wol te begripen, omdat der sa hjir en dźr wolris in Frysk oandwaand wurd yn it Stedsk sit. Ek de śtspraak docht Frysk oan, mar fierder is de wurdskat fierhinne Nederlānsk. In hiel soad Frysktaligen sjogge it as Nederlānsk dźr't in soad Frysk trochhinne griemd is; it is fleis noch fisk. Harren wurdearring is navenant: bryk praat. Mar beide is net wier: der sit lang net safolle Frysk yn as dat se tinke en de minsken dy't Stedsk brūke, prate net sloarderiger as oaren. De skiednis fan it Stedsk kin dat dśdlik meitsje.

It begjin fan it Stedsk yn Fryslān is frij goed te pleatsen. Doe't yn de 16de ieu hieltiten mear bestjoerders en keaplju yn Ljouwert en de oare stźden kamen te wenjen, namen sij harren eigen taalfariėteit mei. Yn dy tiid bestie der noch gjin Standertnederlānsk, en alhielendal net foar de sprektaal. De nije fźstigers yn Ljouwert, Snits, Harns, ensfh. sille it oer 'seun', 'sundag', 'gien' en 'du hest ut deen' hān hawwe, lykas se dat yn harren eardere Hollānske wenplakken lykas Amsterdam en sa ek praten. Ek doe't se harren yn de Fryske stźden nei wenjen set hienen, hawwe se dat oan harren bern trochdien. Tagelyk pasten Friezen har ek bij dat spraakgebrūk oan, dat se earder al fia hannelskontakten koenen. Hieltiten mear ynwenners fan Ljouwert en oare Fryske stźden namen dat soarte fan dialektysk Nederlānsk oer. It Fryske dialekt fan Ljouwert - dat net safolle ōfwykte fan it plattelānsdialekt - krige troch it opkringen fan dat Nederlānsk hieltiten minder romte yn de stźd. It Nederlānsk fan dy tiid - op syn Frysk śtsprutsen - waard de nije taal fan in grut part fan de hiele stedsbefolking yn Fryslān.

Dat Nederlānsk mei Fryske kleur waard troch de elite fan Fryslān nei ferrin fan tiid as harren soarte fan Nederlānsk sjoen. Bij it oersetten fan de Steatebibel waard troch de Friezen Bogerman en Festus Hommius pleite om de foarm 'du' foar 'gij' opnimme te litten. It gong dźrbij net om it promoten fan it Frysk sa't dat op it plattelān praten waard, mar om it beskaafde Nederlānsk yn de Fryske stźden. 'Du' hat it net helle omdat dy foarm yn de oare beskaafde Nederlānske stedsfariėteiten al weirekke wie.

Oan de ein fan de achttjinde ieu wie de ynfloed fan it beskaavjen en standardisearjen fan it Nederlānsk śt de Hollānske stźden stadichoan ek yn de Fryske stźden te fernimmen. Wurden as 'du' of 'dou' waarden net mear as (beskaafd) Nederlānsk oanfield, mar as dialekt. Der kaam yn de njoggentjinde en tweintichste ieu in hieltiten grutter wurdende skieding tusken Nederlānsk en stedsdialekt. De stedsdialekten krigen allegear eigen nammen, lykas 'Leewarders', Frźnekers, ensfh. Meidat it Algemien Beskaafd Nederlānsk yn dy tiid de noarm waard foar de formele fermiddens en de hegere klassen, sakke it Stedsk hieltiten fierder ōf nei de ynformele fermiddens en de legere klassen. It dialekt fan de stźd waard sadwaande hast inkeld noch mei de arbeidersklasse ferbūn en krige it stimpel fan 'plat' en 'rūch' opdrukt. Earder al ferdwūnen soartgelikense stedsdialekten yn Hollān. Sadwaande is it geögrafyske en taalkundige komōf fan it Stedsk foar de hjoeddeiske Friezen net mear werom te kennen. As in stedsjer tsjintwurdich 'Dou hest ut deen' seit, klinkt dźr it beskaafde Hollānsk śt de 16de ieu yn troch en net in griemmank fan hjoeddeisk Nederlānsk en Frysk. Stedfrysk is net Frysk en net bryk. Faaks soe men it Fryske dialekt fan Hylpen mei 'Stedfrysk' oantsjutte moatte.

 


Algemien Beskaafd Frysk en Strjittefrysk  (31-10-98)

 

Yn in eardere Taalgenoat en Taalgeniet haw ik it hān oer it feit dat der foar de Fryske sprektaal in folle minder dśdlike noarm bestiet as foar de Nederlānske sprektaal. Jehannes Ytsma hat it yn syn taalrubryk fan de Ljouwerter Krante alris skreaun oer it ūntbrekken fan Polderfrysk as tsjinhinger fan it saneamde Poldernederlānsk, de populźre Hollānske śtspraak fan (froulike) pop- en televyzjestjerren. Oan de oare kant moat ek opmurken wurde dat it Frysk ek gjin śtsprutsen strjittetaal ken. It Frysk hat maatskiplik net safolle profyl, soe men sizze kinne; Frysk is Frysk.

It Stedsk koe as Nederlānske fariėteit beide begripen wol. Der bestie foar de oarloch in "beskaafd" Stedsk fan de Ljouwerter hegerein as baron Van Harinxma thoe Slooten en it "platte" Leewarders fan wiken as It Fliet en de Weerklank. It beskaafde Stedsk soe him ūnderskaat hawwe troch it net "douwen en stouwen" mar inkeld "jouwen" en it mijen fan tefolle fan it Nederlānsk ōfwikende lūden. Dus net "Ik hč ut si-en" mar "Ik hč it syn" en net 'deen' mar 'daan'.

Troch de ynfloed fan it beskaavjen en standardisearjen fan it Nederlānsk yn de njoggentjinde ieu hie nammentlik it proses fan skieding tusken Nederlānsk en it Stedsk yn taal en dialekt trochsetten. Dy skieding wie taalkundich lykwols noch lang net folslein. Der bestie noch in grutte oerlaap tusken beide. As Nederlānske fariėteit stie it Stedsk om samar te sizzen op in glidende skaal mei it Nederlānsk. It suvere Nederlānsk siet oan de iene kant fan de skaal, it suvere Leewarders oan de oare kant. Dźr tuskenyn siet it beskaafde Stedsk. De hegere klassen besochten sa geef mooglik Nederlānsk te praten en brūkten sa min mooglik dialektwurden yn harren spraakgebrūk. Dat slagge de iene maatskiplike laach wat better as de oare. Men koe yn dy tiid nei alle gedachten net allinne oan it soarte fan dialektwurden hearre wa't men maatskiplik sjoen foar jin hie, mar ek oan it tal dialektwurden yn it spraakgebrūk.

It Frysk bleau būten dat beskavings- en standardisearringsproses stean. It Frysk stie as "Boerefrysk" sels letterlik būten de taalmienskip fan de grutte stźd. Yn it stedske fermidden mei syn gruttere maatskiplike tsjinstellingen waard sūnt de njoggentjinde ieu de striid tusken stedhūs- en strjittetaal op syn fūlst fierd. Yn it dynamyske fermidden fan de stźd koe de taal as middel tsjinje om jin te ūnderskieden fan maatskiplik legere groepen. It plattelān hat gjin stźdhūs en ek gjin strjitten (mar wegen en diken). Omdat de Frysktaligen boppedat it besef hienen in taal mei in oare identiteit te praten as dy fan it Nederlānsk, waard it beskaavjen en standardisearjen net socht yn it stadichoan opskowen nei it Standertnederlānsk. Der waard yn ien kear oerstapt op dat Nederlānsk.

 Op dy wize koenen der yn it Frysk gjin sosjale dialekten ūntstean. It Frysk hat inkeld geögrafyske dialekten dy't min ofte mear allegear op deselde maatskiplike hichte steane. It Frysk soe eins earst noch troch in stedsk fermidden mei dśdlik profilearrre hegere en legere lagen hinne wrakselje moatte. As in beskaat soarte fan Frysk dźr drager fan in heger oansjen wurde soe, sil in maatskiplike skieding ta stān brocht wurde tusken standert en dialekt. Dan is Frysk gjin Frysk mear, mar is der earst sprake fan Algemien Beskaafd Frysk, čn fan Strjittefrysk.

 


Prate jo NOCH ......?  (21-11-98)

 

De fraach is sa maklik steld. Faaks is it net iens sa negatyf bedoeld. Dochs tsjūget it fan in arrogānsje om oan ien te freegjen oft ien NOCH in bepaalde taal of dialekt praat. Itselde jildt foar de omskriuwing dat der NOCH safolle minsken dy en dy taal prate. Stel dy foar datst sa mei in minske omgieste. As soest immen freegje: Bisto noch net dea?

Fansels, it bestean fan in spesifike taal is net hielendal mei it libben fan in minske te ferlykjen, mar ek in taal wurdt berne, groeit en bloeit en sil nei ferrin fan tiid wer śt dy tiid reitsje. Yn de krekt ferskynde 'Grote Taalatlas' wurdt rūsd dat der 15.000 jier foar Kristus mear as 10.000 ferskillende taalfariėteiten op śs planeet praat waarden. Tsjintwurdich binne der sa'n 5.000 talen en dialekten as libbene taal yn gebrūk. Dat in hiel soad talen mei bijhearrende kultueren binne yntiid ōfstoarn. Bijgelyks it Latyn, dat nei it begjin fan śs jiertelling (dat begjint mei it jier 1!) as sprektaal weirekke is. Al ieuwen wurdt dy taal thśs net mear as groepstaal leard, mar hast inkeld as skriuwtaal en serimonieel brūkt.

In foarbyld fan in taaldea śt de tweintichste ieu is it Gaelic yn in tal doarpsmienskippen yn de Skotske Highlands. Dźr is de taal net mear yn in eigen mienskip ynbźde. De Amearikaanske antropologe Nancy Dorian hat it ōfstjerproses fan tichtbij meimakke en wiidweidich beskreaun. Yn in tal fiskersdoarpen yn East-Sutherland wie de Highlandse boppelaach sa njonkenlytsen feringelske, om't it politike en ekonomyske swiertepunt yn de Ingelsktalige Lowlands lei. De skieppehālders en fiskerslju kamen yn de njoggentjinde ieu net allinnich maatskiplik, mar ek as Gaelic-praters hieltiten mear yn it isolemint te sitten. It oergean op de sosjaal hegere, Ingelsktalige, lagen waard yn de tweintichste ieu foar guon in ūntsnappingsmooglikheid. It oerjaan fan de sosjaal swakkere taal paste dźr ek bij. Yn de praktyk fan al den dei betsjutte dat de rūnte fan minsken dźr't de oaren yn te ferkearen kamen, hieltiten Ingelsker waard. Sadwaande koe men yn de moderne tiid mei it Gaelic aloan minder śt de fuotten. It brūken fan it Gaelic waard werombrocht ta in spesifike groep mei in leech oansjen. Dźrmei krige de taal ek in leech oansjen. Lang om let waard syn lot besegele troch it fuorttrekken en it trouwen mei Ingelsktalige Skotten.

Dorian har stśdzje lit sjen wat de śtwurking is as sletten rūnten mei inkeld sprekkers fan de minderheidstaal iepen brutsen wurde en feroarje yn rūnten mei mear sprekkers fan de dominante taal. De dominante taal en de bijhearrende identiteit krije hieltiten gruttere ynfloed. Taal en identiteit wurde sa njonkenlytsen permanint oernommen en de eigen taal en identiteit oerjūn.

It stjerren fan in taal wurdt hjir sjoen as it folslein oerjaan fan in taal en net troch it sa stadichoan opnimmen fan wurden en sinskonstruksjes śt de dominante taal. Men soe dat oernimmen sels as in teken fan libben beskōgje kinne; as in ding net mear feroaret, is it dea. It Frysk hat sūnt de midsieuwen al safolle wurden śt it Nederlānsk ynkapsele en it libbet as in hart. De identiteit fan it Frysk as spesifike groepstaal fan de Friezen of - oars sein - as etnyske identiteit, stiet dźrmei betreklik los fan de taalkundige identiteit.

Dat oan it begjin fan de 21ste ieu NOCH 450.000 minsken yn Fryslān Frysk prate kinne, is dźrom gjin praat: aansen yn 2001 kinne hast sa'n heal miljoen minsken Frysk prate. Hoefolle minsken at dat hūndert jier letter oan it begjin fan de 22ste ieu prate, doar ik net sizze. Neat is wisser as de taaldea, mar neat is ūnwisser as de oere fan de taaldea. Carpe diem.

 


De berte fan in taal  (12-12-98)

 

De lźste kear haw ik it hān oer de dea fan in taal. Yn de moanne fan de Berte wol ik hoopfol ōfslute mei de berte fan in taal. Bij it ferhaal oer de dea fan in taal haw ik it foarbyld neamd fan it Latyn dat weirekke is. Mar dat is net it hiele ferhaal. Eins bestiet it Latyn noch as sprektaal en wol yn de foarm fan Frānsk, Italjaansk, Katalaansk, ensfuorthinne. Tusken dy ālde en nije stadia sit de berte fan de oanbelangjende talen. Mar wannear hat dat dan west en wźrom krekt doe?

De Britske histoarikus Paul Lloyd wiist op it grutte belang fan it jaan fan in spesifike namme oan in beskate taal. It jaan fan in namme oan in ding jout de mooglikheid om it te ūnderskieden fan oare dingen. De fraach is no wannear dat momint fan ūnderskieding kommen is. Is it omdat de nije soarte fan taal taalkundich fier fan de earder bekende soarte begjint ōf te wiken of is it earder om in oare reden?

Wij sjogge wer nei it Latyn. Oant yn de tiid fan Karel de Grutte - de achtste en njoggende ieu - waard net in ūnderskied yn namme makke tusken de skreaune taal Latyn en it sprutsen Folkslatyn. Dochs wie de sprektaal yn Itaalje, Spanje en Frankryk taalkundich troch de ieuwen hinne op gāns punten feroare neffens it Latyn. Elk gebiet hie syn eigen dialekt fan it Latyn ūntwikkele.

In būten de taal steande ūntjouwing wie nedich om de taalkundige ferskillen te brūken foar it meitsjen fan in ūnderskied. Mei oare wurden, it giet op it foarste plak net om it 'ūntdekken' fan taalkundige ferskillen, mar om it 'śtfinen' fan in namme om it gehiel oan taalkundige ferskillen mei oan te tsjutten. Tore Janson tinkt dat earst nei it jier 1000 de maatskiplike omstannichheden ūntstien binne dy't oanlieding wienen om de folkslatynske dialekten in eigen namme te jaan. It momint fan nammejouwing falt gear mei it skriuwen yn dy eigen taal. It kreėarjen fan in nije skriuwtaal is om samar te sizzen it bertekaartsje fan in taal!

De maatskiplike omstannichheden waarden makke troch in nije ekonomyske en politike oarder yn West-Europa. De lokale plattelānsekonomy feroare yn ien mei stedske en bopperegionale trekken. It grutte Frankyske ryk wie sa stadichoan yn lytsere dielen utinoar fallen. Yn dy lytsere dielen kaam it ferlet op om har oars as de oare dielen te beskōgjen. Ek de eigen identiteit fan de taal dy't yn it oanbelangjende diel fan West-Europa praten waard, krige - as dat kultureel en polityk nedich wie - in eigen namme.

Omdat it om skriuwtaal gie, soe de namme yn earste ynstānsje allinnich bij in lytse elite - dy't skriuwe koe - bekend wźze. De idee fan in nije taal wreide him letter śt ūnder de sojaal legere lagen. Sa njonkelytsen waarden ek fan de skriuwtaal ōfwikende dialekten yn namme ek bij de groep fan de skreaune taal rekkene. De oantsjutting waard in koepel foar in groep fan dialekten.

Ekonomyske, politike em kulturele kanten spylje dus in wichtige rol bij de berte fan in taal. Oan de oare kant hoecht lykwols it ūntstean fan in steat net te lieden ta in nije namme foar de eigen taal. Egypte syn Arabyske dialekten ferskille nochal wat fan it klassike Arabysk en de dialekten fan bijgelyks Saoedy Araabje. Dochs bestiet der gjin namme 'Egyptysk'. En hoe sit dat yn it omkearde gefal fan bijgelyks it Frysk? Fryslān is gjin steat, mar hat wol in taal? It antwurd op dy fraach bliuwt noch even yn de skoat fan de takomst.

 


De berte fan it Frysk  (09-01-99)

 

Yn myn lźste Taalgenoat en taalgeniet fan '98 fertelde ik it algemiene ferhaal fan de berte fan in taal. It kin dźrom net oars as dat hjoed de berte fan it Frysk op it aljemint komt. De konklśzje fan de foarige kears wie dat it bij de berte fan in taal net sa bot giet om it 'ūntdekken' fan taalkundige ferskillen mei in oare taal. Nee, op it foarste plak giet it om it 'śtfinen' fan in namme foar de besteande taalkundige ferskillen op it stuit dat politike en kulturele omstannichheden dźr ryp foar binne. It momint dat in spesifike namme oan de eigen taal jūn wurdt, falt gear mei it skriuwen yn dy eigen taal.

De datearring fan it Frysk kin ferlike wurde mei it momint dat it Frānsk, Katalaansk, ensafuorthinne net mear as foarmen fan sprutsen Folkslatyn sjoen wurde, mar op skrift harren eigen identiteit krije, dus nei it jier 1000. Opmerklikernōch is de oerlevering fan de namme 'Frisiaca lingua' (=Fryske taal) al fan it jier 882. De skriuwer fan būten Fryslān dy't dy namme brūkt, ferwiist dźrmei lykwols nei de taal fan Dimter. In ferklearring dźrfoar soe wźze kinne dat er Dimter as in plak yn (Grut-)Fryslān sjocht. Net hielendal ūnbegryplik yn in tiid dat de grinzen noch net sa dśdlik wienen. Myn konklśzje is dat it hjir net om in spesifike, in taaletnyske, mar om in geögrafyske namme giet: 'taal fan Fryslān'.

In bettere kandidaat foar de earsteling is te finen yn it 'Leven van Sint Servaes' (likernōch 1170), skreaun troch de Limburger Hendrik van Veldeke. De namme 'vriesschen' wurdt troch him ferlike mei 'ebreuschen', 'dietschen' en 'walschen'. It opfallendste fan dat rychje nammen is, dat der ūnderskied makke wurdt tusken 'vriesschen' en 'dietschen', sis mar "Nederlānsk".

Dat it yn dit gefal al om in spesifike namme gean kinne soe, wurdt stipe troch in Latynske tekst fan 1167. Dźryn wurdt in etnysk ūnderskied makke tusken beide groepen sprekkers: "Yn it greefskip Hollān wurde twa hiel ferskillende folken fan inoar ūnderskaat: it Hollānske en it Fryske." De taalhistoarikus Blok konkludearret mei op grūn fan dy tekst dat it greefskip Hollān him polityk, mar ek kultureel oan it losmeitsjen is śt it eardere West-Fryslān. De ferskillen yn taalgebrūk tusken beide groepen - dy't mei men oannimme al foar 1167 'ūntdutsen' wienen - waarden tink ik fan dy tiid ōf brūkt om in ferskil yn taal en identiteit mei śt te drukken. It taalferskil waard 'śtfūn'. De (hegere) Hollanners identifisearren harren net mear mei de ynwenners fan Fryslān.

Oan de kant fan de Friezen wie der fanwegen de ekspānsjedriuw fan it greefskip Hollān yn dy tiid ek alle reden om harren net mei de oaren te identifisearjen. Net allinnich beroppe de (hegere) Friezen harren op de Fryske frijheid, ek skriuwe se sūnt dy tiid de Fryske rjuchtsteksten yn de eigen taal, it Frysk, op. De rjuchtshistoarikus N.E. Algra wiist dźr in mooglike gelegenheid foar oan. It saneamde "Kondominiumferdrach" śt 1165 hat faaks oanlieding west om de sprutsen Fryske tekst op skrift fźst te lizzen. De greve fan Hollān krige mei dat ferdrach in beskate sizzenskip oer Fryslān. Om dy sizzenskip sa lyts mooglik te hālden wurde de foarrjuchten fan de frije Friezen troch harsels breed śtmetten. Nei alle gedachten hat dy sosjaal-politike feroaring oanlieding west om tagelyk klam te lizzen op de eigen juridysk-etnyske identiteit čn de eigen taaletnyske identiteit.

Mei de datums fan achterinoar 1170 (spesifike namme jūn troch in net-Fries), 1167 (etnysk-kulturele tsjinstelling) en 1165 (politike tsjinstelling) liket it allegear wol hiel moai, tč moai faaks, śt te kommen mei it finen fan it tolfde-ieuske bertekaartsje fan it Frysk. Spitich is lykwols dat de Friezen dan sels noch net in spesifike namme oan it Frysk jūn hawwe. De fynst fan 'frescher tonge' as earste oantsjutting is alteast pas śt de fyftjinde ieu. Ynearsten is it genōch om te sizzen dat net foąr mar pas nei it jier 1000 tynge dien is fan de berte fan it Frysk.

 


Diglossia is gjin twataligens  (30-01-99)

 

Ien fan de āldste begripen śt de taalsojology is 'diglossia'. It bestjut letterlik 'twataligens', mar troch dy klassike term yn de folkstaal oer te setten ferliest er in soad fan syn teöretyske gefoelswearde. Dy gefoelswearde fertribelet oars it sicht op de twataligens yn Fryslān. It begryp 'diglossia' hat nammentlik in skiednis meimakke wat syn ynhāld oangiet. Wat earst net ūnder dat begryp foel, koe dźr letter wol ūnder beflapt wurde. Dat makket it dreech om de term ta te passen.

De Amerikaanske taalsosjolooch Charles Ferguson hat it begryp bekend makke mei de beskriuwing fan taalmienskippen lykas dy fan Arabieren en de Switsers. Thśs leare dyen harren eigen dialekt - respektivelik in Arabysk en Switser-Šśtsk dialekt - foar de gewoane (mūnlinge) omgong. Op skoalle leare se letter de standerttaal - respektivelik it klassike Arabysk en it Heechdśtsk - derbij foar de offisjelere gelegenheden lykas godstsjinstbeoefening en it bestjoerlik ferkear. Ien en deselde taalgroep brūkt dus twa farianten fan deselde taal ūnder ferskillende omstannichheden. It fan hūs śt learde dialekt (de "lege" fariėteit) wurdt troch elk brūkt foar ynformele doelen. De letter oanlearde taalfariėteit (de "hege" fariėteit) is inkeld gaadlik foar offisjele en publike doelen. Der is in skerpe opdieling neffens en assosjaasje mei de maatskiplike funksje fan beide fariėteiten. De lege fariėteit foar offisjele funksjes brūke "kin net", dźr komme ūngemakken fan.

De boppeneamde omskriuwing fan suvere diglossia is "fersteurd" troch Joshua Fishman, dy't sjoen wurdt as ien fan de grūnlizzers fan de taalsosjology. Hij hat it begryp 'diglossia' śtwreide foar de beskriuwing fan taalmienskippen mei ferskillende taalgroepen dy't thśs elk in oare fariėteit as memmetaal leare. In foarbyld binne de Portorikanen yn New York dy't fan hūs śt Spaansk prate en New Yorkers dy't Ingelsk as memmetaal hawwe. De Portorikanen prate thśs Spaansk en op it wurk meast Ingelsk. De diglossia giet allinnich op foar de taalgroep fan de Spaansktaligen, want de Ingelsktaligen brūke har memmetaal sawol thśs as op it wurk. De winst fan dizze śtwreiding fan it begryp 'diglossia' is, dat ek tusken twa op harselssteande talen in opdieling yn maatskiplike funksjes bestean kin. It ferlies is dat de yngeande ferskillen dy't tusken taalmienskippen mei ien en mei mear taalgroepen besteane, oersljuchte wurde.

Om dat probleem dśdlik te meitsjen helje ik foarbylden oan śt śs eigen taalmienskip. Frysktaligen kinne sawol yn de hśslike as yn offisjele omstannichheden (bij dokter en op it gemeenthūs) Frysk prate. Der binne lykwols ek party minsken dy't gau Frysk prate tsjin minsken yn offisjele funksjes. Ek it omkearde komt geregeld foar; tsjin de Nederlānsktalige of Stedskpratende buorman wurdt Nederlānsk praten, wylst tsjin bijgelyks de Fryskpratende dokter Frysk brūkt wurdt. De faktor fan de oansprutsen persoan dy't Frysk werompraat spilet nźst de omstannichheden net swak bij as in taalkar makke wurdt. Fan dy faktor wurdt lykwols mei safolle wurden ōfsjoen bij de omskriuwing fan Fishman syn foarm fan 'diglossia'.

De fraach yn hoefier't de term 'diglossia' op Fryslān of oare mienskippen mei twa ferskillende taalgroepen fan tapassing is, neam ik op syn minst ferrifeljend. It hat it gefaar yn him dat de ynfloed fan de omstannichheden oerwurdearre wurdt en de ynfloed fan de oansprutsen persoan op de taalkar ūnderwurdearre. De fraach foar taalmienskippen lykas dy fan Fryslān soe wźze moatte wat de ferhālding is tusken de maatskiplike omstannichheden en it groepslidmaatskip fan de petearpartner bij it kiezen foar taal A of taal B. Diglossia is ynhāldlik net samar itselde as twataligens.

 


Twa kanten fan de sosjale medalje: prestiizje en solidariteit  (27-02-99)

 

Yn de lźste Taalgenoat en taalgeniet haw ik śtlein dat it bij 'diglossia' om in hiele spesifike foarm fan twataligens giet. De dialektyske taalfariėteit wurdt allinnich foar de ynformele omgong brūkt, wylst de standertfariėteit inkeld in funksje hat foar it formele taalferkear. No binne der in net in soad taalmienskippen dźr't sa'n skerpe funksjonele opdieling foar taalfariėteiten bestiet, hielendal net as it om talen fan twa ferskillende taalgroepen giet.

It omkearde is oars noch mear wier: der is gjin taalmienskip dźr't twa talen presys deselde funksjes hawwe. As dat lź_te it gefal wie, dan soe de iene of de oare taal better ōfskaft wurde kinne fanwegen de oerstalligens fan ien fan beide. Yn de praktyk hawwe twa taalfariėteiten lykwols altiten ferskillende eigenskippen. Mei de begripen 'prestiizje' en 'solidariteit' kin dat faaks dśdliker makke wurde.

It begryp 'prestiizje' hat te krijen mei it besit fan in hege maatskiplike status. De taalgroep dy't it foar it sizzen hat sil besykje de eigen, de dominante, taal foarrang te jaan op alle maatskiplike terreinen dźr't de leden fan dy groep belang bij hawwe. Sij keare dźrmei de minderheidstaal foar in grut part būten de publike terreinen. De dominante taal wurdt dźrtroch drager fan prestiizje. Mei dy taal komme jo "fierder as Wolvegea", om samar te sizzen. De taal fan de oare groep, de taalminderheid, kin dy net belykje en kriget in leger prestiizje takend. Persoanen dy't de taal mei prestiizje prate, wurde as yntelliginter, ambysjeuzer, saakliker en selsstanniger beöardiele. Se krije ek in heger maatskiplik plak takend. Soenen dyselde persoanen de minderheidstaal prate, dan komme se minder yntelligint, minder ambysjeus, minder saaklik en minder selsstannich oer. Ek wurde se mei in legere sosjale status ferbūn. Oant safier de prestiizje-diminsje.

It begryp 'solidariteit' soe men de oare kant fan de sosjale medalje neame kinne. As in taal minder prestiizje hat, kriget it hast as fansels mear 'solidariteit' takend, benammen troch de groep dy't sels dy minder prestizjieuze taal praat, de taalminderheid. Kin de dominante taalgroep faaks it taalgedrach op publike terreinen beskiede, dat is net sa foar it taalgedrach fan leden fan de minderheid ūnderinoar yn de priveesfear. It ūnderinoar brūken fan de minderheidstaal ropt in "wij-gefoel" op. Persoanen dy't de minderheidstaal prate wurde as oantrekliker, nofliker yn de omgong, ferdraachsumer, hertliker en betrouberder sjoen. As dyen de dominante taal prate, wurde se op deselde eigenskippen leger beöardiele; ūnoantrekliker, minder noflik. ūnferdraachsumer, minder hertlik en ūnbetrouberder. Dy eigenskippen foarmje de solidariteitsdiminsje.

Mei de twa beskreaune begripen is better te begripen dat twa talen yn de praktyk net sa gau deselde funksjes yn deselde taalmienskip krije sille. De taalfariėteit mei prestiizje hat in legere solidariteitwearde en de taalfariėteit mei in hege solidariteitswearde hat in leger prestiizje. Mocht de taalminderheid him emansipearje en de eardere minderheidstaal dźrmei presys in like heech prestiizje berikke as de oare taal, dan noch sil elke groep syn eigen taal op de solidariteitsdiminsje heger wurdearje. Sa hālde beide taalfariėteiten elk har eigen spesifike funksje en sil net ien fan beide gau oerstallich wurde.

 


Frysk imago is 'solidariteit'  (13-03-99)

 

In net-Frysk advysburo hat de twataligens fan Fryslān as "inefficiėnt" en it brūken fan it Frysk as "kneuterig" kwalifisearre. It Frysk soe inkeld as Volendammer folkloare foar toerisme brūkt wurde moatte. Ditsoarte fan beskamsume konklśzjes pleitet net foar de kwaliteit fan de rest fan it rapport oer de trends yn Fryslān oant 2010. Ik tink dat dy klap yn it gesicht fan de opdrachtjouwer - de provinsje Fryslān - wol troch dyselde beäntwurde wurde sil. Ik brūk dy foarbylden hjir inkeld om oan te jaan dat in taal en de bijhearrende taalgroep koartsichtich en iendiminsjonaal besjoen wurde kinne. Inkeld 'prestiizje' ("fierder as Wolvegea") is dan yn tel. Sels it lytse bytsje 'solidariteit' (it "wij-gefoel") wat oan it Frysk eigene tastien is, moat "vermarkt" wurde foar toeristyske doelen. Ik sil besykje om oan de hān fan dy beide foarige kear oantsjutten diminsjes oan te jaan hoe't sok koarte-termyntinken ek ekonomysk ferkeard śtpakt.

Yn de Nederlānske boargermaatskippij is de fraach "wat kin ik der mei fertsjinje" faak de wichtichste grūn om in taal op te beöardieljen. Dat hat it gefaar yn him dat it ta iennichst kritearium wurdt. Omdat it Nederlānsk de namme hat it heechste prestiizje te besitten, moat dat mar de iennichste taal wurde, yn alle gefallen foar de "hegere" funksjes. Foar de "legere" funksjes mei dan noch wol wat oars brūkt wurde. It Frysk mei neffens it advysburo net itselde prestiizje as it Nederlānsk takend krije om deselde funksjes as it Nederlānsk śt te oefenjen. Mar krekt it ūnthālden fan prestiizje oan in taal en nčt de promoasje dźrfan liedt ta wat hjir "kneuterig" neamd wurdt.

It docht nammentlik bliken dat de diminsjes 'prestiizje' en 'solidariteit' inoar beynfloedzje. Neffens in ūndersyk fan mij śt 1985 ūnder Pabo-studinten wurdt it Frysk heger as it Nederlānsk wurdearre op solidariteitseigenskippen lykas noflikens, hertlikens en flottens. Op de prestiizje-eigenskippen lykas saaklikens en yntelliginsje krijt it Frysk lykwols gjin legere skoare takend. Mei in statistyske bewurking (faktoranalyze) fan alle eigenskippen dy't yn it ūndersyk beöardiele binne, kin śtfūn wurde wat foar rige bijinoarhearrende eigenskippen (de faktor) it dśdlikste skaaimerk oanjout foar elk fan beide talen. Der komt foar elke taal in tsjinstelde folchoarder śt. Bij de beoardieling fan it Frysk komme de solidariteitseigenskippen boppe-oan te stean. Foar it Nederlānsk binne dat de prestiizje-eigenskippen. Oarssein: it imago fan it Frysk wurdt op it foarste plak bepaald troch de diminsje 'solidariteit' en it imago fan it Nederlānsk troch de diminsje 'prestiizje'.

Dy śtkomst liket de adviseur fan it rapport op it earste besjen gelyk te jaan: lit de drager fan prestiizje - it Nederlānsk - inkeld de prestiizjefunksjes ferfolje. Dat is effisjint. It gefolch sil op lange termyn lykwols wźze dat it Frysk śtsprutsen leger skoare sil op prestiizje-eigenskippen. As dat houtsje fallen is, dan sil as domino-effekt nei ferrin fan tiid it Frysk ek net mear heger skoare op de neamde solidariteitseigenskippen noflikens, hertlikens en flottens. Lykas it Leewarders sil it Frysk inkeld noch heger wurdearre wurde op fertroudheid en grappigens. Dy śtholling fan 'solidariteit' hat fan gefolgen dat ek it imago fan it Frysk op it foarste plak troch de diminsje 'prestiizje' bepaald wurdt sil, en dat sil gjin posityf imago opsmite. It sil dan sels te "kneuterig" wźze om toeristen mei te konfrontearjen.

It advisearre koarte-termyntinken (oant 2010) sil lang om let ek ekonomysk ferkeard śtpakke. De ūnderdrukkende kanten fan de konklśzjes fan it advysburo lit ik oan de beöardieling fan de polityk oer.

 


Hoeno, it Frysk in moaie taal?  (10-04-99)

 

It Frysk wurdt meastentiids in moaie taal fūn. Dat is moai, mar wźrom is dat eins sa? Yn de taalsosjologyske literatuer wurde ferskillende ideeėn neamd wźrom't in taal estetysk wurdearre wurdt. Ik rin hjir in pear bijlāns om te sjen hokker op it Frysk fan tapassing is.

De moaiens fan in taal soe sitte kinne yn it feit dat de iene taal troch bepaalde lūden "swietlūdiger" is as de oare. As dat it gefal wźze soe, dan kin dat troch elk fźststeld wurde. As men lykwols twa ferskillende Grykske taalfariėteiten oan in net-Gryk hearre lit, dan kin dy dźr gjin ferskil tusken oanjaan. Dat komt omdat in būtensteander gjin weet hat fan de maatskiplike kanten fan it taalgedrach yn de Grykske taalmienskip.

Dat liket te pleitsjen foar de idee dat de maatskiplike posysje yn in taalmienskip de moaiens fan in taal śtmakket. Hoe heger syn sprekkers op de maatskiplike ljedder, hoe moaier in spraak oankomt. De śtkomsten śt in Ingelsk ūndersyk wize ek yn dy rjuchting. Oan Ingelsken waard frege in estetysk oardiel śt te sprekken oer it "Queens English", sis mar de Ingelske standerttaal, en oer in tal regionale en stedsdialekten. Stedsk wurdt ek dźr troch de arbeidersklasse praten. It Standertingelsk waard it moaist fūn, dan kamen de plattelānsdialekten en it stedsk waard as it platst kwalifisearre. Dat stipet de idee fan wat heger it skift sprekkers, wat moaier de taal fan dat skift beöardiele wurdt.

Foar Nederlān yn it algemien liket in oare regel, dy fan de opleine noarm, op te gean. Troch it Nederlānsk ūnderwiis is de korrektens en maatskiplike nuttigens fan de Nederlānske standertfariėteit der sa yndruid dat dy positive fyzje ek syn wjerslach fynt yn de estetyske wurdearring. Dat makket ek dat wat mear in fariėteit fan dy standert ōfwykt, wat leger dy wurdearre wurdt. De Nederlānske sosjolingwist Renée van Bezooijen fūn nammentlik śt dat it Standertnederlānsk fierśt boppe-oan kaam te stean, dźrnei it net tefolle fan de Standert ōfwikende Plat-Haachsk en ūnderoan de fierder ōfsteande regionale dialektfariėteiten śt Tielt (Flaanderen) en Bedum (Grinslān).

Foar Fryslān liket it lān der noch wer oars hinne te lizzen. Bij myn ūndersyk yn Ljouwert haw ik in pear hūndert minsken frege om op in skaal oan te jaan hoe moai at sij it Nederlānsk, it Frysk en it Leewarders fūnen. De beöardieling ferskilde per taalgroep. De Nederlānsktaligen setten it Nederlānsk boppe-oan, it Leewarders ūnderoan en it Frysk yn in middenposysje, dus krektlyk as de Ingelsken dat dien hawwe mei regionale en stedske fariėteiten. De Leewarders fūnen dat sawol it Nederlānsk as it Frysk moaier wie as it Stedsk, mar dyen makken gjin ferskil yn moaiens tusken it Nederlānsk en it Frysk. De Frysktaligen setten it Leewarders ek wer ūnderoan, mar it Nederlānsk kaam net boppe-oan te stean, want foar harren is it Frysk moaier as it Nederlānsk.

Der wurket yn Fryslān sa't it liket noch wer in oare regel. It giet der dus net om dat it Frysk troch syn twa- en trijelūden moaier is as it Nederlānsk. Ek is dśdlik dat de Frysktaligen yn de taalmienskip fan Fryslān net it heechste maatskiplike skift foarmje en ek is it net wier dat it Fryske ūnderwiis foar it Frysk in noarm fan maatskiplike superioriteit oplein hat. De hege estetyske wurdearring fan it Frysk hat foar alles te krijen mei de loyaliteit oan it Frysk. It is it symboal fan it wij-gefoel oftewol de 'solidaritieit'. Dźrom is it Frysk in moaie taal.

 


Rivella of it omgean mei Fryske identiteit  (08-05-99)

 

"Wat een klankrijkdom. Een prachtige taal. Ik spreek graag Fries en ik lees het ook nog geregeld." De Fryske filosoof Lolle Nauta (āld-redakteur fan De Tsjerne) hat dat sein yn in ynterview mei Trouw fan 10 april ll. Hij slśt him mei dy wurden oan bij de positive estetyske wurdearring dy't de measte Frysktaligen mei inoar diele. Nauta beweart oars fierderop yn itselde petear dingen dy't dźr mei safolle wurden mei yn tsjinspraak binne. Hij fynt it Frysk wol in moaie taal, mar bestriidt fūleindich dat er dielhat oan it wijgefoel fan de Friezen. Yn it algemien liket it moaifinen fan it Frysk op etnysk bewustwźzen en nčt op swietlūdigens basearre te wźzen (sjoch foarige Taalgenoat en Taalgeniet). Nauta smyt dat etnyske - mei ōfgriis - fier fan him.

Nauta praat oer in tsjinstelling tusken 'ethnos' en 'demos'. Beide Grykske wurden bestjutte 'folk'. Bij ethnos giet it om it dielen fan deselde kulturele achtergrūn en taal, bij demos om it mienskiplike demokratyske bestel. Mei rjucht konstatearret de śt Snits ōfkomstige filosoof dat de Fryske beweging de Fryske taalstriid mei etnyske middels fierd hat, mar dochs wol in demokratysk karakter hat. Nauta is lykwols benaud dat it trochslacht. Hij tinkt dat lykberjuchtiging fan it Frysk ta skea giet fan de frijheid fan it (Nederlānsktalige) yndividu. Yndividuėle rjuchten moatte neffens him prioriteit hawwe boppe rjuchten fan kulturele mienskippen. De Nederlānsktalige moat de frijheid hālde om net mei it Frysk konfrontearre te wurden. "Uiteindelijk gaat het om het vermogen als mens met meerdere identiteiten om te gaan."

Hij kin it him dan ek net begripe dat in politike partij as de FNP śtgiet fan etnysk bewustwźzen. Hij neamt it "stuitend, bekrompen en gevaarlijk", omdat foar him dat itselde is as mei mar ien, de eigen, identiteit omgean. As er fan de ynterviewer boppedat noch heart dat der hjir yn Simmer 2000 in reüny foar de Friezen om utens opsetten wurdt, slacht er echt op tild. Om dźr mar gjin nijs oer hearre te hoegen, soe er bij wize fan sprekken dy simmer wol būten Europa wźze wolle. Ik tink dat Nąuta hjir trochslacht.

Nauta ferienselviget him net graach mei syn Frysk komōf, mar - dan komt it problematyske om mei syn Fryske identiteit om te gean - hij kultivearret syn aksint wol wer. Nauta tinkt nei alle gedachten dat syn wurdearring foar it Frysk komt troch de "klankrijkdom" fan it Frysk. Hij liket de posysje en de wurdearring fan de taal yn syn filosofysk tinken dźrmei los te keppeljen fan de maatskiplike ferhāldingen tusken in minderheid en in dominant.

De ūngelikense ferhāldingen meitsje dat de leden fan de Fryske minderheidsgroep net de frijheid hawwe om net mei it Nederlānsk konfrontearre te wurden. Oars as Nauta him foarstelt, giet it krekt wol om gelikense rjuchten as beide taalgroepen mei inoars talen yn kontakt komme: ethnos čn demos. Hielendal gjin tsjinstelling dus.

Hoe etnysk Nauta eins tagelyk yn it djipst fan syn gedachten is, komt hiel subtyl nei foaren as er wilens it Trouw-ynterview in gleske Rivella ynjit: "Een Fries drankje", neamt er dat Switsersk (!) produkt. It is sa eigen oan Fryslān wurden dat it as typysk Frysk sjoen wurdt. In gefoel fan grutskens - lykas bij de taal basearre op it wijgefoel - wurdt oproppen. Nettsjinsteande himsels is neat Frysks dizze filosoof frjemd.

 


Fryske identiteit is mear as taal  (29-05-99)

 

De Fryske taal is sūnder mis IT symboal fan de Fryske etnisiteit. Dat it Frysk sa'n opfallend symboal is, komt troch dat de taal in dśdlike groepsgrins tusken 'śs' en 'harren' lūkt. It is oars wol wer in grins dy't yn Fryslān maklik te passearjen is. Ynkommelingen kinne troch it oanlearen fan it Frysk wat dat oangiet maklik "Fries mei de Friezen" wurde. It is earder sa dat net-Frysktaligen harsčls būtenslute troch it Frysk net te learen.

Foar de Fryske identiteit yn it algemien is de taal net it iennichste kriterium. As men tsjin in tafallich foarbijkommende Leewarder sizze soe dat er in Fries is, dan is de kāns mar ien op tsien dat er dat bestriidt, en net alle Leewarders kinne Frysk prate. Hjir berne wźze, is ek ien.

Yn de twadde enkźte fan Taal yn Fryslān (yn 1994 ōfnommen) is dat kritetium mei fjouwer oare foarlein oan de respondinten. Wat is in foldwaande reden om in oar in Fries te neamen: 1) Frysk prate kinne, 2) yn Fryslān wenje, 3) yn Fryslān berne wźze, 4) Frysktalige ālden hawwe en 5) jinsels as Fries beskōgje. It gong dus om in kritearium foar in oar en net foar harsels. Op dy wize frege docht bliken dat 'berne yn Fryslān' foar de measten (80 persint) genōch is om immen in Fryske identiteit ta te kennen. 'Frysktalige ālden hawwe' (55 persint) en 'Frysk prate kinne' (45 persint) binne minder wichtige eksklusive redenen. Ek 'jinsels as Fries beskōgje' skoart mei 68 persint heger as dy beide taalkritearia. 'Yn Fryslān wenje' telt foar de measten net mei: foar mar 24 persint is in adres yn Fryslān genōch om Fries te wźzen. It opfallende fan dizze folchoarder is, dat dźr grutte ienriedigens oer bestiet tusken de Frysk-, Nederlānsk- en streektaligen.

De trije groepen wike wol sterk fan inoar ōf at de respondinten fan harsels sizze moatte oft se sels in Fries binne. De Frysktaligen sizze hast allegear (97 persint) dat se in (Nederlānske) Fries binne. De streektaligen folgje mei 71 persint, wylst de Nederlānsktaligen hjir mar 34 persint skoare. De taal fan de respondint hat wis wol ynfloed op dy selsdefinysje as Fries, mar oan de hege skoare fan de streektaligen kin men sjen dat it berne-wźzen yn Fryslān (autochtoaniteit) noch wol safolle meispilet. De autochtoanen fan alle trije taalgroepen mei-inoar beskōgje harsels foar 88 persint in Fries, de net-autochtoanen mei-inoar dogge dat foar mar 28 persint. Dat immen fan hūs śt Frysktalich is (wat foar hast hūndert persint gearfalt mei it berteplak yn Fryslān) is dus net it iennichste kritearium foar de Fryske identiteit, mar taal fersterket it gefoel dźrfoar wol. It jout der in ekstra, etnyske, diminsje oan.

Fryske Akademy-ūndersiker Jehannes Ytsma fūn oars noch śt dat men dy fraach nei Fryske identiteit net samar omsette kin nei in fraach nei de Nederlānske identiteit. Yn syn fragelistje dat er oan syn respondinten foarlei, hie er nźst ūnder oaren 'Ik voel me Fries' ek in antwurdmooglikheid 'Ik voel me Nederlander' opnommen. Doe't er de frageformulieren weromkrigen hie, seach er dat guon dy't de list ynfolle hienen, śt harsels dy lźste antwurdmooglikheid feroare hienen. Los fan elkoar hienen se it antwurd 'Ik voel me Nederlander' trochkrast en ferbettere yn 'Ik bčn Nederlander'...

De Nederlānske identiteit is sa't it liket in feit dat los stiet fan immen syn miening dźroer. De Fryske identiteit dy't net sūnder mear in feit is, is wol ōfhinklik fan wat immen dźr fan tinkt. Men kin jin dźr ta bekenne of net. En hjir liket wer de matriks fan it Nederlannerskip en de Nederlānske taal troch de antwurden hinne te skimerjen. Foar it Nederlanner-wźzen hoecht men net te kiezen, dat ģs men gewoan.

 


Oansprekfoarmen fan macht en solidariteit  (19-06-99)

 

Earder haw ik it al oer 'prestiizje' en 'solidariteit' hān. Dy beide sosjale diminsjes hawwe in grutte ynfloed op hoe't leden fan taalgroepen mei inoar omgeane. Taalgroepen kinne as sosjale groepen besjoen wurde en dy steane yn in ūngelikense machtsferhālding ta inoar. Dat is te merken oan de noarmen foar taalgedrach. De machtichste taalgroep, de dominant, kin syn noarmen oan de taalminderheid oplizze. Foar Fryslān hāldt dat yn dat Frysktaligen harren yn taalgedrach bij de Nederlānsktaligen oan hearre te passen. Dy't fan dy noarm ōfwykt is 'ūnfatsoenlik'. It brūken fan it Frysk troch de leden fan de minderheid ūnderinoar ropt in wij-gefoel op: solidariteit.

Bij de oansprekfoarmen spylje dy algemiene diminsjes foar it taalferkear ek in grutte rol. In āldere persoan mei 'do' oansprekke kin as hiel ūnfatsoenlik oankomme. De foarmen fan en de noarmen foar it oansprekken binne troch de ieuwen hinne sa groeid. Yn harren klassike artikel 'De oansprekfoarmen fan macht en solidariteit' fertelle de Amerikanen Brown en Gilman oer hoe't dat ferskil tusken de twa oansprekfoarmen ūntstien wźze soe.

Yn it oarspronklike Latyn bestie der mar ien foarm om ien persoan mei oan te sprekken: 'tu'. Dat soe feroare wźze doe't der yn de fjirde ieu twa Caesars oan de macht wienen yn it opspliste Romeinske Ryk; ien yn East (Konstantinopel) en ien yn West (Rome). It keizerskip waard doe belichame troch twa persoanen. Om dy twa minsken oan te sprekken moast de meartalsfoarm brūkt wurde: 'vos'. Dy oansprekfoarm waard ek brūkt as mar ien fan de beide keizers oansprutsen waard. It is ek sa dat in keizer as fertsjintwurdiger śt namme fan syn minsken sprekt en it dźrom ek oer 'wij' hawwe mei. De  pluralis majestatis (it keninklik meartal) lykas dat hjir te uzes brūkt wurdt yn de wetten mei 'Wij, Beatrix'.

Sa njonkenlytsen is it keninklike fan 'vos' ōfgongen. It gebrūk wreide him śt nei oare machtsfigueren. Der begūn him troch de ieuwen hinne noarmen foar de oansprekfoarmen te ūntjaan op grūn fan macht en prestiizje. De persoan dy't mear macht hat kin bepaald gedrach fan de minder machtige ōftwinge. De adel hie macht oer de net-adel, de prysters oer it tsjerkefolk, de master oer de slaaf, de ālder oer de bern, de learaar oer de learling, superieuren oer ūndergeskikten. De ūngelikense machtsferhālding wurdt utere bij it oansprekken; de machtiger persoan wurdt mei 'vos' oansprutsen, de minder machtige kriget 'tu' werom. Yn (hast) alle talen kamen twa soarten ta stān: 'tu' en 'vous' yn it Frānsk, 'du' en 'Sie' yn it Dśtsk, 'thou' en 'ye' yn it āldere Ingelsk, 'jij' en 'U' yn it Nederlānsk en 'do' en 'jo' yn it Frysk.

Yn it gefal at der net in hiėrargyske ferhālding bestiet tusken twa persoanen kin de 'tu'-foarm brūkt wurde. De net-adel, it tsjerkefolk, slaven, bern, learlingen en ūndergeskikten kinne ūnderinoar inoar 'tu'-toyearje. It ropt in gefoel fan solidariteit op. It brūken fan 'tu' makket de ōfstān lytser tusken minsken: der wurdt yntimiteit mei śtdrukt. Dat makket ek dat as dy yntimiteit op it ferkearde momint brūkt wurdt, dat as "plat" oankomt. Lźsten hearde ik in frou dat koel ferwurdzjen doe't immen har doke: "Moat ik jo kenne?"

It brūken fan 'vos', of yn dit gefal 'jo', hāldt minsken krekt op ōfstān. Dźrom hat it brūken fan dy oansprekfoarm fan macht bij maatskiplik machtigeren ūnderinoar lang stān holden. Macht makket erchtinkend en liedt net gau ta solidariteit. Oan de ein fan de tweintichste ieu is it oars folle gebrūkliker wurden om yn de fermiddens fan de machtigeren inoar ek wol mei 'do' oan te sprekken. Dochs sil it 'vos' net samar wer ferdwine. Of it moat wźze dat wij allegear oerstappe op de machtichste taal op ierde: krekt dźryn binne de oansprekfoarmen fan solidariteit čn macht itselde: 'you'.

 


Fryske en Stedske oansprekfoarmen  (10-07-99)

 

'Mei ik jo wat freegje? Doge jo wol?' In part fan de grap yn dizze bekende śtspraak sit him yn de tsjinstelling tusken de formele oansprekfoarm en de ynformele ynhāld. De oansprekfoarm is nammentlik net samar in neutraal wurdsje der tuskentroch. De oansprekfoarmen wurde brūkt om macht (ōfstān) en solidariteit (fertroudheid) tusken minsken mei śt te drukken. Yn it Frysk binne dat foar it iental respektivelik 'jo' en 'do'. Foar it meartal is 'jim(me)' langer foar beide sfearen de gaadlike foarm, ek al waard it oarspronklik inkeld as in solidariteitsoantsjutting oanfield. De Stedske oansprekfoarmen 'jou', 'dou' en 'jim' wike dźr taalkundich net bot fan ōf, mar hoe sit it eins mei de oerienkomsten yn gebrūkssfear fan dy foarmen?

Ut de histoaryske behanneling yn dizze rubryk die bliken dat de oantsjutting fan macht yn de oansprekfoarm śt de oarspronklike meartalsfoarm fuortkommen is. Sa wie it yn it Latyn, sa is it ek yn it Frysk. Earst wie der yn it Aldfrysk allinnich mar 'thu' foar it iental en '(j)y' foar it meartal. Dat feroaret as yn de lette Midsieuwen 'jy' ek brūkt wurdt om ien persoan mei oan te sprekken. Dy oansprekfoarm hat, no noch altiten, in persoansfoarm yn it meartal bij him: jo sjogge (en nčt: jo sjocht). Doe't 'jy' de oansprekfoarm fan macht yn it iental wurden wie, ūntjoech him tagelyk in nije foarm foar it meartal: jy-man. It dźrśt ūntstiene 'jimme' luts sa njonkelytsen it meartal hielendal nei him ta.

De gebrūkssfear fan 'jim' beheinde him letter ta de eigen bekende rūnte fan minsken. De tredde persoan foarseach yn it meartal yn it ferlet fan sosjale ōfstān, nim no bijgelyks: Wolle 'heit en mem' noch wat śt de winkel ha? Kin ik de dames ek helpe? Oant noch net sa hiele lang lyn koe yn de oanspraak fan it eigen folk of fan frjemden śt noch yn 'jim' brūkt wurde. It sechje wie dan "jimme is gemien folk".

Nei de oarloch nimme de maatskiplike tsjinstellingen yn it algemien ōf. Dat hie oan de iene kant ta gefolch dat it oansprekken yn de tredde persoan (yn ien- en meartal) as ūnderdanich oanfield waard. Tagelyk soarge de sosjale sljuchting derfoar dat de gemiene oansprekfoarm 'jim' tsjintwurdich ek tsjin frjemd brūkt wurde kin: Dames, kin ik jim ek helpe?

Foar it Stedsk, dźrfoaroer, gong it benammen om in taname fan de maatskiplike tsjinstelling tusken it Stedsk en it Nederlānsk. De tredde persoan iental waard net troch it eigen machtsoantsjutting 'jou', mar troch it Nederlānske 'U' ferkrongen. It taheakjen fan 'U' hat nei alle gedachten it effekt hān dat 'jou' hieltiten mear as fertroulike foarm oanfield waard. Dźrmei krige 'dou' in noch folle fertrouliker lading, dat dy oansprekfoarm allinnich brūkt wurde koe tsjin echte yntimy. Foar in groep Leewarders mei gefoel foar ferhāldingen waarden famkes mei 'jou' oansprutsen en jonges mei 'dou'. It 'douwen en stouwen' krige in ūngeunstige klank.

Men kin wol stelle dat it Frysk en it Stedsk beide troch de tiid hinne wraksele hawwe mei de maatskiplike feroaringen yn it oansprutsen wurden: it Frysk mei de machtsoantsjutting yn it meartal en it Stedsk mei de solidariteitsoantsjutting yn it iental. De oarsaak is tsjinsteld: It Frysk hat de lźste desennia in grutter plak yn it iepenbier libben krigen en besocht in gat op te foljen yn de formele sfear. It Stedsk moast de lźste ieu hieltiten mear tebek en krige tefolle foarmen yn de ynformele sfear. De Fryske en de Stedske oansprekfoarmen lykje taalkundich bot opinoar, mar de gebrūkssfear dźrfan is hiel ferskillend.


Doocht 'jo' wol?  (31-07-99)

 

Yn de foarige Taalgenoat en taalgeniet haw ik it hān oer it ynkringjen fan 'U' - nźst 'jou' en 'dou' - yn it oanspreksysteem foar it iental yn it Stedsk. De foarm 'jou' doogde net mear foar it oansprekken fan in heger persoan. It Frysk hat 'jo' op dat plak wol fźstholden. Mar dat 'U' ek foar it Frysk op 'e loer lein hat, die mij krektlyn bliken śt it artikel fan Durkje Rienks. As in sosjolingwiste avant la lettre makke se yn 1939 (yn 'Sljucht en Rjucht' 51) in analyze fan hoe't guon minsken yn dy tiid der ta komme om soksawat te sizzen as "Doocht U wol?" Ik helje hjir in pear fragminten (omstavere) oan om de wrakseling mei it yn it Frysk oansprekken yn de tritiger en fjirtiger jierren oan te jaan. It is te moai om wei.

Nei in beskriuwing fan de yngewikkelde ferdieling fan de do-foarm, de jo-foarm en de tredde persoan sketst de skriuwster it probleem. "Hoe komme wij oan sa'n tizeboel en wat binne dźr de gefolgen fan?

Om mar mei it lźste te begjinnen.

As 'do' yn ūnbrūk rekket en bern ūndermekoar 'jo' tsjininoar sizze, in heit of in mem har famke of jonkje, al is it noch mar in poarre, mei 'jo' oansprekt, man en frou mekoar ek, dan kriget 'jo' in hiel oare wearde. It komt te missen wat it earder hie; de macht om ōfstān te skeppen, as it moat om earbied śt te drukken. En it Frysk hat dochs likegoed ferlet fan sa'n oansprekfoarm as hokfoar oare taal ek.

Hoe moat ien dy't 'jo' tsjin syn eigen lyts famke seit, der mei oan as hij foar boargemaster, dūmny of dokter oer komt te stean, en de foarm "master sil master" is him net eigen?

Prate dy minsken Nederlānsk, dan kin hy altiten noch Nederlānsk weromprate, sa goed en sa kwea dat giet, mar hja prate Frysk, dan, ja dan -, kin hij dan 'jo' tsjin sa'nien sizze?

Hij rekket der ynwindich glźd mei oan en dźr komt it: dokter, ik soe mar ris bij 'U' sjen.... op 'e lappen. 'U', it beart nuver, mar wat moat men! Men komt der alteast nimmen mei te nei! (Ja, wol ien: it Fryske folk en dźryn jinsels, mar safier wurdt fansels net troch tocht.)

En de winkelman dy't sūnt syn jongesjierren 'do' hielendal net mear brūkt, graach eptich mei yn 'e pas wol, en it him allinne mar mear ūntkomme lit tsjin syn dogeneaten fan jonges, as dy wer wat śtheefd hawwe: "Do smoarge...."

Wennet er op in plak dźr't er elkenien ken, dan rźdt hij him ek noch mei 'jo'. Se binne op in doarp op't lźst wol sa eigen mei inoar, dat hij der gjin noed mei hoecht te hawwen dat hij immen op it sear komt. Is it plak lykwols grutter, sette har dźr gāns frjemden nei wenjen, wit hij net daliks hokker klant hy foar hat, dan wurdt it foar him in like minne boel as niis foar de man dy't nei dokter tagyng, en skielk leit 'U' him yn 'e mūle bestoarn.

De 'U-sykte' hawwe se it yn dit ferbān wol hān. (...)

It is lykwols net sa dat de striid dźrom ferlern is; wij binne der libben bij en steane der net mei niget nei te sjen hoe't it fuortkankeret, dat 'do' yn ūnbrūk en 'jo' syn Fryske wearde kwytrekket en lyk wurdt oan it Nederlānske 'jij'. (...)

It Frysk op skoalle mei men yn dit stik fan saken in soad fan ferwachtsje. En.... fan de Fryskpratende ūnderwizer dy't 'do' brūkt tsjin wiif en eigen bern, mar foaral en beleaven tsjin de bern op skoalle, en dat ek noch docht as se al hast feinten en fammen wurden binne. (...)

Oars, nimmen hoecht hjiryn benefter te bliuwen. Lit śs allegearre betinke: wźr't 'do' libbet, kriget 'jo' wer syn rjuchtlik plak en hat 'U' gjin kāns."

Wij witte no oan de ein fan de tweintichste ieu dat 'jo' syn rjuchtlik plak weromkrigen hat. Oft dy maatskiplik-betrutsen en sympatike oprop fan frou Rienks dźroan bijdroegen hat, is fansels slim te sizzen. Faaks moatte wij hjir, lykas mei de opwurdearring fan 'jimme' ta formele oansprekfoarm - op it foarste plak rekkenje mei de algemiene nei-oarlochske maatskiplike sljuchting čn de opwurdearring fan it Frysk yn it algemien. Likefolle hoe: foar de formele oanspraak doocht 'jo' no wol.

 


It nije oansprekken  (21-08-99)

 

It brūken fan de oansprekfoarm 'jo' of 'do' kin hiel gefoelich lizze, omdat dźr ōfstān ta of fertroudheid mei de oansprutsen persoan mei śtdrukt wurdt. Mei de saneamde fokatyf, lykas bijgelyks "Mefrou", moat oars ek omsichtich omgongen wurde. Yn it eardere doarpslibben waard dźr boppedat de maatskiplike posysje mei oantsjutten. Tamminga neamt yn syn Taalhelling fan begjin sechtiger jierren in pear oansprekfoarmen foar froulju. Arbeidersfroulju waarden almeast mei de foarnamme oansprutsen: "Jeltsje, ha jo de bźden derśt?" De middenlaach mei froulju lykas boerinnen krigen de oantsjutting fan 'frou' mei de achternamme fan de man. De froulju fan de doarpsnotabelen hienen in spesjaal plak mei in spesifike oanspraak. As immen it oer 'juffrou' hie, koe dat allinnich mar nei de frou fan de haadmaster of frou fan immen fan gelikense hichte ferwize en 'mefrou' inkeld nei de frou fan dūmny of dokter.

Ek foar manlju bestie der earder ferskil neffens maatskiplike klasse. Folwoeksen arbeiders mochten ek mei de foarnamme betitele wurde, boeren waarden mei de achternamme of mei de beropsnamme oansprutsen. Bij dūmny, dokter, skoalmaster en notaris wie dat lźste ek it gefal. En jo wienen ek wat hegers as jo mei 'mynhear' ferwolkomme waarden.

Yntiid is nei dy sechtiger en ek de emansipatoare santiger jierren der maatskiplik gāns feroare, yn it algemien en foar froulju yn it bysūnder. Earder waarden net-troude froulju fan it label 'juffer' foarsjoen. Hjoed de dei kin elke frou langer 'mefrou' wźze, dźr't it ferskil yn maatskiplike en de houlikse steat mei oersljuchte wurde moast.

Tagelyk wrakselje ik der oars noch wolris mei om immen mei mefrou of menear oan te sprekken. Op it doarp dźr't ik weikom, koe ik earder de nammen fan hast elkenien. De minsken dy't jonger of like āld wienen as ik, spriek ik mei de foarnamme oan, de ālderen yn it Frysk inkeld mei de achternamme (sūnder 'menear') of 'frou' mei de achternamme (dus net mei 'mefrou'). 'Meneer' en 'mevrouw' brūkte ik allinnich mar yn it Nederlānsk. Dy Nederlānske oantsjuttingen hienen boppedat in formelere en ōfstanliker lading foar mij.

Tsjintwurdich binne der ferskate dingen feroare. Ik wenje net mear op in doarp mar yn in stźd. Ek bin ik twa kear sa āld as dat ik doe wie. Dat hat as gefolch dat ik in hiel soad ūnbekenden tsjinkom en fan dyen binne in hiel soad jonger as ik. Meastentiids hoecht men de oar net direkt oan te sprekken, mar soms ūntkomt men der net oan. Nim bijgelyks in jongere servearster yn in restaurant dy't mei de rźch nei jin tastiet. Oansprekke mei de foarnamme kin net, omdat ik dy net wyt. 'Juffer' komt my as emansipearre man fansels net oer de lippen. Omdat ik de achternamme ek net kin, hinget 'frou' sūnder achternamme foar mij om samar te sizzen yn 'e loft en dy oantsjutting is my ek te ynformeel tsjin in ūnbekende. As  lźste mooglikheid bliuwt eins allinnich mar oer: "Mefrou, kin ik betelje?" Foar myn gefoel doocht dat eins ek net. Oan de iene kant fielt dy fokatyf as Nederlānsk oan en oan de oare kant kinne yn myn belibbing allinnich āldere froulju mefrouke wurde.

It oansprekken fan ūnbekenden is der hjoed de dei net makliker op wurden. Troch alle emansipatoare ūntjouwingen foar arbeiders, froulju en Frysktaligen binne de bewende en fźstlizzende wizen fan oansprekken ferāldere rekke. Ek no noch giet it faak noch om taasten nei de goede foarm, hielendal as it om froulju giet. Faaks is de maklikste oplossing noch om mar gjin frjemde froulju mear oan te sprekken.

 


De (taal)striid fan de seksen (11-09-99)

 

Lit it dreech wźze om frjemde froulju oan te sprekken, net minder dreech is it om mei bekende froulju te kommunisearjen. Alteast, dat boadskip besiket de Amerikaanske sosjolingwiste Deborah Tannen oer te bringen mei har boek 'Je BEGRIJPT me GEWOON niet'. Sij hat it deroer dat froulju en manlju bij inoar lāns prate.

Frou Tannen kent beide groepen in eigen kultuer ta, dy't der foar soarget dat in selde utering troch elke groep op in eigen wize begrepen wurde kin. Se hellet in tal foarbylden oan fan as immen mei in probleem sit. Froulju wolle fan oaren hearre dat dyen dat begripe troch bijgelyks mei in eigen soartgelikense probleem oan te kommen. Manlju dźrfoaroer soenen benammen in technyske oplossing foar it probleem oandrage en oan it gefoel dat anneks is mei it probleem foarbijgean. Froulju kinne har dan net begrepen fiele en manlju op har beurt ek as der negatyf op harren goerie reägearre wurdt. Echte kommunikaasje kom net ta stān.

Yn de eagen fan manlju bringt om help freegjen in ōfhinklike relaasje ta stān. In fraach is nammentlik in teken fan swakte. In bekend foarbyld is as in man in adres sagau net fine kin, hij earst sels noch trochsykje sil, wylst in frou fuortdaliks in foarbijgonger oansjit om it paad te freegjen.      Hast alle manlju dy't troch Tannen oanhelle wurde lykje earder antwurdjouwers as fragestellers te wźzen. Sij binne sels hieltiten oan it wurd en de froulju binne wźzens dy't dat allegear gewurde litte troch alles mar gewoan oan te hearren. Ek yn de troch har oanhelle groepspetearen nimme manlju faak de lieding, sels as in frou mear saakkundich is op in beskaat mźd. Froulju brūke in foarsprong net om in stimpel op it petear de drukken, manlju dźrfoer oer krekt wol. Koartsein komt it der op del dat de maskuline helte fan it minskdom it spultsje spilet 'Hasto respekt foar mij?', wylst de feminine helte it mear giet om 'Fynst mij wol aardich?'.

Dan komt dizze bekende frou oan de maatskiplike analyze ta: froulju sykje op it foarste plak yntimiteit en manlju ūnōfhinklikens. Fammen binne fan jongs ōf oan wend om te netwurkjen; mei-inoar wurdt yn de rūnte fan kammeraatskes in oplossing socht. Mei oare wurden: solidariteit stiet foarop. Bij jonkjes wurdt de kompetysje krekt socht. Hij dy't it sterkste is of dy't de oaren it bźste ōfbekje kin, kriget syn sin. Oars sein: macht giet it om.

Krektlyk as mei ūngelikense maatskiplike ferhāldingen tusken taalgroepen kin der bij de seksen fan in dominant en in minderheid praten wurde. De manlju binne om samar te sizzen de Nederlānsktaligen en de froulju de Frysktaligen; de earsten wurde mei macht, de lźsten mei solidariteit assosiearre. Op grūn fan dy machtsferhāldingen binne der noarmen ūntstien dy't manlik en froulik taalgedrach foarskriuwe. Foar in soad maatskiplik hegere beroppen wurdt manlik taalgedrach ferwachte, dat it nochris dreger makket foar froulju om beskate manljusbolwurken binnen te gean. Taal makket ūnderdiel śt fan it saneamde 'glźzen plafond', de ūnsichtbere barjźre foar froulju om hegerop.

Sa is ek manlik taalgebrūk faak algemien bedoeld en froulik taalgebrūk spesifyk. Nim de beroppe-oantsjuttingen: de neutrale foarm is manlik (bgl. learaar), de spesifike froulik (bgl. learares). Der bestiet dźrom wol in leararekeamer, mar net in leararessekeamer. Dat lźste soe nammentlik ynhālde dat dźr inkeld froulike leararen komme. It omkearde is net wier foar de leararekeamer.

Ien manier om de manlik dominānsje te bestriden, soe wźze kinne om te besykjen datsoarte fan froulike foarmen as de neutrale foarmen foar te stellen. Men soe dat ferlykje kinne mei it ferfangen fan allang ynboargere Nederlānske ynslūpsels yn it Frysk troch purismen. Sok taalgebrūk is oars earder opfallend as neutraal. Yngeander soe lykwols wźze om de besteande machtsferhāldingen oan te fjuchtsjen. It taalgedrach en it taalgebrūk kinne dan makliker folgje. Mar faaks haw ik it net begrepen en is it te (Jonk)manlik tocht.

 


Taal is in kleure bril  (02-10-99)

 

Frysktaligen wurde al gau troch harren twataligens konfrontearre mei in ferskil yn belibjen tusken de memmetaal en de as twadde oanlearde taal. Nźst it ferskil yn rangoarder yn it opdwaan fan beide talen, bestiet der ek in ūnderskied yn sosjaal berik. Ien fan myn earste ūnderfinings mei it ferskil yn sfear wie dat Nederlānsktalige maten harren 'vader en moeder' mei 'U' oansprutsen, wylst wij dat thśs mei 'heit en mem' dienen. Ik fūn dat folle ōfstanliker as bij śs. It ferskil yn taal liket in ferskil yn tinken oer de werklikheid te bewurkjen. Om it mei in byld te sizzen: de taal is de bril dy't śs waarnimmen kleuret.

De saneamde Sapir-Whorfhypoteze (neamd nei twa Amearikaanske taalkundigen) stelt dat de kultuer fan in taalmienskip de taal bepaalt of beynfloedet en de taal oarsom wer it tinken fan de sprekker oer de werklikheid. As stipe foar de dy hypoteze wurdt faak ferwiisd nei it feit dat Inuyt ("Eskimo's") snie op in hiel soad ferskillende wizen waarnimme. Harren kultuer makket dat foar har mooglik, dy beskiedt harren sicht op dy wite matearje. Elke kultuer makket de ūnderskiedingen dy't foar dy kultuer nedich binne. De Azteekske kultuer śt in folle sśdliker klimaat ken mar ien wurd foar snie. Dat wurd hat boppedat ek noch de betsjutting fan iis en kāld. Itselde ding wurdt dus troch sprekkers fan ferskillende talen ferskillend waarnommen.

Yn de kultuer fan de Navaho's spilet it (need)lot in hiele grutte rol. Net de minsken hannelje, mar de dingen komme harren oer. Wij śt de Westerske kultuer sizze: wij wurkje. Sij sizze sokssawat as: it wurk wurdt mei śs dien. De grammatika fan dy Yndiaanske taal soe it tinken oer de werklikheid wer beskiede. Troch harren taal kinne sij ek net oars as sa oer har bestean tinke.

Sa omskreaun liket it wat op in fisieuze sirkel dy't men net mear trochbrekke kin. Mei in simpel foarbyld wol ik oanjaan dat kreätyf tinken yn in dynamyske kultuer de werklikheid feroarje kin. Nim bijgelyks it wurd 'kompjūter' dat letterlik '(be)rekkener' betsjut. Yn it begjin koe it apparaat ek allinnich mar (be)rekkenje, mar no hat er folle mear mooglikheden krigen, bijgelyks tekstferwurkjen. Mei it feroarjen fan de funksje wurde ek hieltiten nije eigenskippen oan it wurd 'kompjūter' takend. Taal, yn dit gefal it leksikale part, foarmet gjin beheining foar it tinken.

Mei de wurdskat en de grammatika fan in taal hawwe wij oars mar it topke fan de taaliisberch te pakken. Lykas al earder yn dizze taalrubryk op it aljemint brocht is, hinget taal hiel sterk mei de sosjale ferhāldingen yn in kultuer gear. It tinken yn it Frysk en it tinken yn it Nederlānsk is ferskillend, ek al steane beide Westerske tinkwizen minder fier śtinoar as dy fan de Inuyt en de Azteken. Men mjit jin mei it praten fan de iene of de oare taal in bijhearrende kulturele identiteit oan, dy't ferskillende ūnderfiningen ynjout.

In moai foarbyld fan sokke ūnderfiningen fertelde āld-politika Mieke Andela-Baur (CDA) lźsten op Omrop Fryslān. Sij hie as Limburchske - ek nei't se hjir al in skoft ūnderfining mei Frysk praten hie - der mei wraksele dat har bern 'mem' en net 'mamma' tsjin har seinen. Taalkundich wike de wurden hast net faninoar ōf. It is net sa bot de sichtbere beredenearre betsjutting fan it wurd dy't de ynhāld fan in begryp beynfloedet, mar it is de ūnsichtbere gefoelsmjittige lading dy't de ūnderfining foar in grut part meibeskiedt. Taal is yndie de bril dy't śs waarnimmen kleuret, net sa bot troch it leksikale glźs, as wol troch it sosjale montuer.

 


Kleure taalgebrūk  (23-10-99)

 

Taal kleuret ūngemurken śs waarnimmen, omdat de hiele situaasje dźr't dy taal yn ūntstien is, dźryn "bebakt" sit. As sprekker tinke wy hielendal net nei oer wat taal op himsels mei śs boadskip docht. Men is om samar te sizzen slachtoffer fan it (taal)systeem. Oars is dat mei 'taalgebrūk'. Mei 'taalgebrūk' bedoel ik dat de sprekker min ofte mear mei sin wurden binnen dat systeem kiest dy't de ynformaasje kleuret. De sprekker manipulearret it boadskip, omdat er dźr in belang bij hat. De stān fan saken wurdt troch de keazen wurden foar him sa geunstich mooglik foarsteld.

De Brabānske sosjolingwist Guus Extra fertelde lźsten - op it kongres oer Frysk yn de basisfoarming yn Ljouwert - dat Nederlanners Turken en Marokkanen troch harren taalgebrūk apart sette. Hij bedoelde oantsjuttingen as net-Nederlānsk, net-autochtoan en būtenlānsk, wylst it faak om minsken giet dy't yn Nederlān berne binne en hjir har hiele libben al wenne hawwe. Ek de Nederlānske oerheid docht dat en datselde is yn tsjinspraak mei wat dy seit oer de yntegraasje fan dy groepen yn de Nederlānske mienskip. It is in dśdlik foarbyld fan kleure taalgebrūk, sa't 'Medelander' dat oars ek is. Troch immen mei de iene of de oare namme te betiteljen, jout men oan hoe't men de situaasje sjen wol.

Namste opfallender wie it dźrom dat dy Brabānske sprekker sels op in soartgelikense wize te wurk gong bij de beskriuwing fan de Fryske (taal)situaasje. Extra ferwiisde earst nei de geunstige persintaazjes foar it Frysk as thśstaal yn de fyftiger jierren. Hij makke - sūnder te ferwizen nei de grutte ynstream fan Nederlānsktaligen sūnt dy tiid - in ferliking mei de legere persintaazjes fan hjoed de dei. De sosjolingwist śt it Tilburchske hie it doe oer it "eroderen" fan it Frysk as thśstaal. Krekt dźrfoar hie er ferteld dat yn de Haachske taalsituaasje hast de helte fan de hśshāldings in oare taal as Nederlānsk prate. Yn dat ferbān repte hij oars net oer it "eroderen" fan it Nederlānsk.

De hear Extra liket in "ferburgen aginda" mei syn kleure foarstelling fan saken te hawwen. Nźst it feit dat de suggerearre achterśtgong fan it Frysk net west hat, jout er mei "eroderen" oan dat it om in natuerlik - en net om in maatskiplik - proses gean soe. It maatskiplik belied fan de Nederlānske oerheid foar it Frysk yn it ūnderwiis dźrfoaroer is neffens him fan boppenōf opdrukt, want de Fryske learling soe it Frysk as fak net wurdearje. Mei it ūnderwiis fan it Turksk is it krekt oarsom. Dochs bestiet der foar it Turksk net sa'n belied as foar it Frysk. Mei safolle (kleure) wurden wol Extra oanjaan dat de allochtoane talen yn it ūnderwiis op syn minst safolle stipe fertsjinje as it Frysk yn dy sektor.

Op himsels is it fansels goed dat Extra opkomt foar de eigen taal en kultuer fan de allochtoane minderheden, mar dat hoecht net dien te wurden troch in manipulearre foarstelling fan de taalsituaasje fan in autochtoane taalminderheid. Dat de maatskiplike werklikheid yn Fryslān op it punt fan taalbelied en taalferhāldingen hiel oars waarnommen wurde kinne, die ek bliken śt de presintaasje fan skoalynspekteur Steur op datselde kongres oer Frysk yn de basisfoarming. De ynspekteur herhelle net allinnich dat it fierde belied yn de basisfoarming in ūnfoldwaande effekt hie, mar ek dat de taalferhāldingen ūnder de learlingen dy't Frysk folgje mei op syn minst 52 persint Frysk (soms nźst it Nederlānsk) as thśstaal net leger śtkomme as de persintaazjes śt de lźste desennia.

Faaks is Guus Extra lźsten op it kongres yn Ljouwert dśdlik wurden dat er him oan in positiver oerheidsbelied oplūke moat as dat er op it stuit foar it Fryske ūnderwiis bestiet. Dan is der hoop op in roaskleuriger belied foar oare talen as it Nederlānsk.

 


Misferstannen oer taal en dialekt  (13-11-99)

 

Krektlyn is it boekje 'Naast het Nederlands' ferskynd. De Oeriselske sosjolingwist Harrie Scholtmeijer fertelt dźryn oer de 'Dialecten van Schelde tot Schiermonnikoog', lykas de ūndertitel giet. Dźryn behannelet er de meartalige situaasje fan Nederlān. Dźrbij wurdt troch him ek op in pear misferstannen yngongen dy't oer ferskillen tusken taal en dialekt besteane. Benammen om't er dźrbij ek spesjaal op it plak fan it Frysk yn ferliking mei oare taalfariėteiten yngiet, is it faaks wol aardich om te sjen hoe't er de aktuėle stān fan saken werjout foar in algemien Nederlānsk publyk.

Scholtmeijer neamt as earste dat faak miend wurdt dat de Nederlānske dialekten in ferbastering fan it Standertnederlānsk binne. It is oars earder oarsom: de standerttaal komt śt Hollānske en Brabānske dialekten fuort. Ik wyt net wat de minsken yn Fryslān tinke oer wźr't de Fryske dialekten weikomme. Yn alle gefallen net fan it Standertfrysk, want dat hat yn it ferline kwalik bestien. Wol wurdt faak tocht dat it Stedsk bryk Frysk is, omdat der in soad Nederlānsk troch it Frysk mongen wźze soe; neffens mij it grutste misferstān oer dialekt yn Fryslān.

In folgjend punt fan de auteur is de ūnderstelde reden wźrom't it Frysk in taal is. Dat soe wźze, omdat it in eigen grammatika en in eigen wurdboek hat. Terjuchte wiist Scholtmeijer derop dat dat hieltiten minder opgiet, omdat hieltyd mear dialekten in eigen beskreaune grammatika en wurdboek krigen hawwe.

Wol is it histoarysk sa dat it Frysk - mei it Ingelsk - fan in oare taalstam (Kustwestgermaansk) as it Nederlānsk (Binnenwestgermaansk) komt. In foarbyld is it ferskil tusken TSJerke - en CHurch - tsjinoer Kerk, mar der komme ek Kustwestgermaanske skaaimerken yn Nederlānske dialekten foar. Tsjintwurdich is it Frysk oars troch de ieuwenlange omgong mei it Nederlānsk lykwols hieltiten fierder fan dy kust-stam ōfrekke. It is dan ek gjin ferrassing dat Scholtmeijer ta de konklśzje komt dat it Frysk net tichter bij it Ingelsk stiet as bij it Nederlānsk. Noch gjin reden om it Frysk oars as de dialekten te sjen.

Ek hat de sosjolingwist fan Oeriselske orizjine yn de rekken dat it Standertfrysk būten de skriuwtaal mar in hiel lyts bytsje praten wurdt; elke Fries praat syn eigen (Frysk) dialekt. Der is dźrom gjin ferskil mei de situaasje yn bijgelyks Grinslān.

Fierders kin de taalkundige ōfstān fan it Frysk ta it Nederlānsk ek net as in ōfdwaand kritearium tsjinje foar de beslissing oer taal of dialekt. It West-Flaamske dialekt fan bijgelyks Tielt stiet der fierder fan ōf, mar dat wurdt net as aparte taal beskōge.

Sa rint Scholtmeijer alle mooglike kritearia ōf om in objektive taalkundige mjitlatte foar it ferskil te finen. De grutte fan de wurdskat? Kin yn in dialekt minder sein wurde as yn in taal? It antwurd fan him sil dśdlik wźze: nee. Alles wat yn it Standertnederlānsk sein wurdt, kin yn prinsipe ek yn it dialekt sein wurde.

Op it lźst bliuwt der noch mar ien kritearium oer: it maatskiplike ferskil. In dialekt hat gjin prestiizje en in taal wol. De Friezen neame dat wat se prate in taal en fine it net aardich as oaren dat in dialekt neame. Dat is it ferskil tusken taal en dialekt. In ferskil dat boppedat gearhinget mei it mear brūken fan it Frysk yn formele fermiddens.

It aardige fan Harrie Scholtmeijer syn boek is dat er oan de iene kant it objektive taalkundige ferskil tusken taal en dialekt relativearret, mar oan de oare kant it trochslachjaande betsjutting fan it maatskiplike oanjout. It is oars wol te begripen dat - śt taalkundich eachweid - dat subjektyf neamd wurdt, mar it is in misferstān dat wol mear ūnder (sosjo)lingwisten foarkomt.

 

 


Frysk(prat)en frijer  (08-01-2000)

 

Yn myn earste stikje fan dizze taalrubryk - sa'n twa jier lyn - stelde ik de fraach oft Fryskpraten frij wie. En dźrmei bedoelde ik dat der gjin maatskiplike priis stie op it kiezen foar it Frysk yn plak fan it Nederlānsk. Hoe't de sosjale ferhāldingen op it taalgedrach yn Fryslān śtwurkje hat sūnt dy tiid yn ferskillende ōfleveringen op it aljemint west. As ōfsluting fan de rige no in synteze.

It wichtichste śtgongspunt foar it jaan fan in antwurd op de stelde fraach is dat de Fryske taalgroep as in sosjale groep sjoen wurde moat. Sosjale groepen hawwe in ūngelikense macht. De Nederlānsktaligen foarmje de dominant en de Frysktaligen de minderheid. Dat ferskil is yn de skiednis ūntstien. Sūnt de Midsieuwen is de oanwźzichheid en macht fan net-Frysktaligen yn Fryslān net mear fuort te tinken. Ut dy machtsposysje wei koe de Nederlānsktalige groep in struktuer foar bestjoer, ūnderwiis mar ek it fierdere maatskiplike libben opsette dy't oant yn dizze tiid trochwurket. De maatskiplike struktuer joech fuortdaliks ek struktuer oan it taalgedrach. Nederlānsk prate wurdt ūngemurken stipe troch in systeem dat troch de ieuwen hinne opboud is. It wurdt ta in fanselssprekkende noarm.

Dy op maatskiplike ferhāldingen basearre noarm foarsjocht yn it ferlet fan fźstichheid dat minsken hawwe oer hoe't se har hālde en drage moatte op it persoanlike nivo. It is needsaaklik dat se har earne op rjochtsje kinne, oars wurde se ūnwis. Fan jongsōf oan wurdt śs oanleard wat fan śs ferwachte wurdt, troch ālden, maten, leararen, freonen, ensfh. Yn it begjin kin men noch wol ris bewust it idee hawwe wźrom't beskaat gedrach wol of net heart, mar op in stuit wurdt dat gedrach automatysk dien, like ūngemurken as bygelyks rinnen.

Nźst it finen fan inerlike wissichheid giet it by de noarm foar taalgedrach ek om it berikken fan maatskiplike doelen. Yndividuėn binne fia konkurrinsje en kompetysje dwaande binne om har eigen maatskiplike posysje te ferbetterjen of om der yn alle gefallen net op achterśt te gean. De feardigens fan minsken om oan dy kompetysje mei te dwaan, hinget ōf fan it maatskiplik 'kaptaal' dat se ynbringe kinne. Sa smyt it lid-wźzen fan in maatskiplik machtiger groep gāns 'kaptaal' op. It folgjen fan de noarm jout earder sukses.

Sawol it psychologysk as it maatskiplik ferlet hat in saneamde 'habitus' bij de Friezen bewurke, in 'gewoante' om jin op in fźste manier te hālden en te dragen. Dat soarget foar gedrach dat 'wenstich' is foar in persoan en is streekrjocht ferbūn mei immen syn ūnderfinings as bern. Dy ūnderfinings binne om samar te sizzen ynprinte en ta in twadde natoer wurden. Dźryn sitte ek de sosjale posysje fan de ālden en dy harren ideeėn oer de maatskiplike taalferhāldingen bebakt, bygelyks dat it Nederlānsk maatskiplik wichtiger is as it Frysk. De habitus jout in praktysk hāldfźst foar hoe't hannele en reägearre wurde moat yn it libben fan al den dei.

De Frysktaligen is as leden fan in sosjale minderheidsgroep troch de ūngelikense taalmacht fan jongsōf oan ynprinte wurden om harren oan te passen by de Nederlānsktaligen. It makket dat men jin net foar elk nij gefal ōffreegje hoecht, hokker taal oft keazen wurde moat: de automatyske piloat - de taalhabitus - hat dat oernommen. Ynprinte ūnderfining śt it ferline beskiedt sadwaande foar in grut part it taalgedrach fan hjoed. Frijheid fan taalkar is op dy wize besjoen oars al fierhinne beheind.

De histoarysk groeide ferhāldingen binne dreech te feroarjen, benammen as der gjin oare as taalbewegingsmotiven sjoen wurde foar in feroaring. De Jongfryske Beweging hat yn it begjin fan dizze ieu noch wol in oanset ta in Frysk Fryslān jaan wollen. De Ried fan de Fryske Beweging hat nei de oarloch de twatalige situaasje fanneed as śtgongspunt nommen en dźrmei de ūnfrijheid fan taalkar ymplisyt akseptearre. Binnen de maatskiplike ūngelikensens is yn de twadde helte fan dizze ieu lykwols ta in beskate emansipaasje fan Frysktaligen kommen. It gong yn de praktyk net mear om de frijheid fan it Fryskpraten op himsels, mar om it meitsjen fan omstannichheden dźr't de noarm fan oanpassing bij Nederlānsktaligen sa min mooglik yn skeind wurde soe.

Op dy wize hoecht foar it Fryskpraten yn allerhanne maatskiplike settings - ūnder beskate omstannichheden - net in maatskiplike priis betelle te wurden, benammen op it Fryske plattelān dźr't it oanpart fan de Nederlānsktaligen relatyf lyts is. De romte en dźrmei de frijheid om Frysk te praten is fergrutte. Is Fryskpraten dźrmei frij wurden? Nee, inkeld frijer.

 


 

Gratis Homepage von Beepworld
 
Verantwortlich für den Inhalt dieser Seite ist ausschließlich der
Autor dieser Homepage, kontaktierbar über dieses Formular!