Taalgedrach


Artikels oer taalgedrach yn it algemien


-Presintaasje taalenkętes moat net te koart troch de bocht yn Te Gast Leeuwarder Courant

- Wikselwurking tusken stęd en lân: fierdergeande taalheterogenisearring yn Fryslân yn It Beaken, jiergong 61 (1999), Nr 3/4, 185-215

- Taalgedrach yn Fryslân besjoen neffens 'taalhabitus' yn It Beaken, jiergong 63 (2001), Nr 2, 83-117


Presintaasje taalenkętes moat net te koart troch de bocht

 

Reitze J. Jonkman

űndersiker taalgedrach yn Fryslân

 

De earste enkęte nei taalgedrach yn Fryslân sette yn ferskillende opsichten in trend. De Friezen en hun taal (1969) fan Pietersen wie de earste fan in rige grutskalige űndersiken op dit męd. De űndersiker presintearre de belangrykste útkomsten boppedat as in ôfname fan Frysk taalgedrach; Frysktaligen prate bűten de doar minder Frysk as thús. De presintaasje troch Omrop Fryslân fan de NIPO-enkęte oer taaloerdracht ferline wike wie net oars: jonge bern op it skoalplein prate minder Frysk as thús. It is de fraach oft dy presintaasje net wat al te koart troch de bocht wie.

 

As it taalgedrach fan de Nederlânsktaligen op deselde wize ferlike wurdt, kin der ek in tebekrinnen fan dy syn taal bűten de doar konstatearre wurde. Foar beide taalgroepen jildt nammentlik dat de taal fan de iene groep troch leden fan de oare groep oernommen wurdt yn situaasjes dęr’t dy taal om sosjale redenen wichtich is. In belangrike konsekwinsje dęrfan is dat in part fan de Nederlânsktaligen Frysk praten leart.

Dat proses fan winst en ferlies foar beide talen soarget der sa’t it liket yn de lęste desennia foar dat der foar de hiele provinsje in seker lykwicht bestiet. Yn 1994 koe mei de taalenkęte fan de Fryske Akademy Taal yn Fryslân-II, nęst fansels it minder Frysk praten bűten de doar, sels ôflaat wurde dat it tal Fryskpraters yn de skiednis noch noait sa heech west hie as krekt oan de ein fan de tweintichste ieu. Sa is ek út it rapport fan de Nipo-enkęte ôf te lieden dat der gjin ferskil bestiet tusken de 43 persint fan de âlden dy’t (meast) yn it Frysk opbrocht binne en de 43 persint fan dy âlden dy’t  Frysk (soms nęst it Nederlânsk) prate mei harren bern. Ek hjir sprekt wer taallykwicht út, soe ik tinke.

 

Oneliner

Dy lęste konstatearring is op himsels like koart troch de bocht as de oneliner oer it ôfnimmen fan it Fryske taalgedrach op it skoalplein. Neiere beskôging leart dat der foar de hiele Fryske taalmienskip ferskillende faktoaren in rol spylje by dat lykwicht: it earder fuorttrekken fan net-Friezen nei bűten Fryslân en it weromkommen fan Friezen, in heger tal bern yn Frysktalige hűshâldingen, it oerstappen op in oare taal thús, en de belangrykste taal yn it wenfermidden sizze allegear wat oer it ôf- dan wol tanimmen fan de beide talen. By űndersyk nei de hiele Fryske mienskip moat der by it lűken fan de stekproef dęr om tocht wurde om jildige útspraken dwaan te kinnen. Oft dat by de NIPO-enkęte sa is? Bygelyks it hege oanpart minsken fan bűten Fryslân, űngefear in treddepart, dat yn de stekproef sit, soe de útkomsten wolris negatyf foar it Frysk fertekenje kinne. Yn Taal yn Fryslân út 1994 wie dat oanpart fan net-Friezen űngefear in fjirdepart.

 

Kwalik feroaring

In űndersyk fan Jehannes Ytsma fan sa’n twa jier lyn űnder alvejierrigen yn 9 plattelânsgemeenten (ű.o. Dantumadiel en Ferwerderadiel) en 4 stedske gemeenten (ű.o. Smellingerlân en Boalsert) binne trochinoar te ferlykjen mei de jongste groepen fan de enkęte fan Taal yn Fryslân út 1994 foar soargelikense gemeenten. De útkomsten foar de plattelânsgemmenten sitte tusken de 82 en 50 persint en de stedske gemeenten tusken 35 en 7 persint.  Ek al soenen de útkomsten fan de gemeenten Ljouwert, It Bilt en de Stellingwerven it plaatsje foar de hiele provinsje Nederlânsker ynkleurje, dochs jout dat lęste űndersyk op ‘en nij in oanwizing dat it plak fan it Frysk net fan it iene op it oare momint yngeand feroaret. Dat soe strike mei de krekt presintearre útkomst fan de NIPO-enkęte. Spitich dat dy útkomst űndersnijde troch de tradisjonele presintaasje

 

Gjin garânsje

In oare belangrike konklúzje is dat der ek yn it begjin fan de ienentweintichste ieu in talelykwicht bestiet, mar tagelyk ek dat der in stadige fernederlânsking geande is. Dat hat konsekwinsjes foar it taalgedrach. Yn de takomst is te foarsjen – as der gjin adekwaat taalbelied fierd wurdt - dat it oanpart Frysk taalgedrach nei alle gedachten ôfnimme sil, dat ek wer gefolgen foar de taaloerdracht en de taal op it skoalplein hawwe sil. Om it yn in oneliner te sizzen: Resultaten yn it ferline behelle, biede gjin garânsje foar de takomst.


Wikselwurking tusken stęd en lân: fierdergeande taalheterogenisearring yn Fryslân

Reitze Jonkman

1.0      Yntroduksje

De sprieding fan it Frysk oer Fryslân is net gelikens. Fanâlds is bekend dat it oanpart Frysk yn de stęd frijwat lytser is as op it plattelân.. Pietersen[i] en Gorter, Jelsma, Van der Plank en De Vos[ii] hawwe dat mei harren taalsosjologyske enkętes nochris befęstige. It lęstneamde űndersyk út 1980 hat boppedat mei de beskriuwing fan de sprieding fan it Frysk yn gebieten lykas It Bilt, de Stellingwerven, Kollumerlân, de eilannen en de rest fan it plattelân fierder yn kaart brocht.

Omdat it lęstneamde űndersyk al wer mear as in desennium lyn útfierd is en der in soad demografyske feroaringen west hawwe, waard by de Fryske Akademy it ferlet field om nęst in algemien oersjoch fan de aktuële taalsosjologyske situaasje yn Fryslân ek ta in nije beskriuwing fan de geografyske sprieding fan it Frysk te kommen. De fraach foar dit diel fan it űndersyk is oft der feroaringen yn de ferskillende gebieten neffens de eardere mjitpunten fęst te stellen binne. Yn dit artikel wurdt dy fraach behannele benammen oan de hân fan de ferhâldingen neffens de taal fan hűs út en it prate kinnen fan it Frysk, dus fan it Frysk as sprutsen medium. It doel is om in algemien oersjoch te jaan dat tsjinje kin as űndergrűn foar fierdergeand taalsosjologysk[iii] en sosjolingwistysk űndersyk, mar ek oerheden kinne mei it each op taalbeleid hjir ynformaasje oer de taalferhâldingen yn har wenkrite krije.

Foar it űndersyk nei de taalsosjologyske situaasje is yn 1994 in enkęte űnder in represintative stekproef út de hiele befolking fan Fryslân útfierd. De algemiene útkomsten dęrfan binne yntiid publisearre.[iv] Op grűn fan it wenplak fan de respondinten dy’t oan dat űndersyk meidien hawwe, wurdt hjir de aktuële geografyske sprieding fan it Frysk optekene. Dy útkomsten wurde ôfsetten tsjin de ferlykbere data fan de twa gruttere represintative survey’s dy’t earder yn Fryslân holden binne[v]. Węr mooglik wurde der oanfollingen jűn mei help fan in pear lytsere űndersiken yn in beskate krite.

­            Om de sprieding oer de wenkriten yn de twadde helte fan de tweintichste ieu better pleatse te kinnen, wurdt in skets jűn fan de histoaryske űntjouwing fan de taalfariëteiten dy’t yn Fryslân foarkomme (1.1). Dęrnei wurde foar in better begryp in stikmennich teoretyske achtergrűnen anneks mei geografyske sprieding oanbean (1.2).

 

1.1      Histoaryske achtergrűnen


Foarsafier't nei te gean is, hat it grűngebiet fan Westerlauwersk Fryslân sa't wy dat no kenne, noait folslein ientalich Frysk west. Fňŕr it jier 1000 kinne der taalkundich[vi] al guon ferskillen tusken Fryske en oare West-Germaanske dialekten oanwiisd wurde. It is lykwols de fraach oft de doetiidske sprekkers dy ferskillen mei de oare folksdialekten as in ferskil yn taal oanmurken. Nei alle gedachten sil it ferskil fan folkstaal foar Latyn oer wichtiger foar it taalbesef fan de iere Midsieuwen węze. Sosjaal-psychologysk bestiet der nei alle gedachten foar it twadde millennium noch net in Fryske groepsidentiteit op grűn fan taal. Dęrom is it faaks feiliger om harren taal mei de algemienere namme Germaansk of sa oan te tsjutten. Mar ek doe al sil der taalkundich besjoen besuden de Tsjonger in fariëteit praten węze dy't earst yn de rin fan de Midsieuwen as net-Frysk oantsjutten wurde soe: Saksysk, dęr't it hjoeddeiske Stellingwerfsk út fuortkomt. Yn de earste ieuwen fan it twadde millennium begjint it Frysk nei alle gedachten as taal fan in op himsels steande groep - dy’t him op de Fryske frijheid berôp - dúdliker stal te krijen. In oanwizing dęrfoar is dat krekt yn dy tiid it Frysk  nęst it Latyn ek skriftlik yn it bestjoerlik en juridysk taalferkear begűn te funksjonearjen[vii]. Nei alle gedachten sille it Hollânsk en oare Nederlânske fariëteiten oars nei dy tiid ek as sprektaal brűkt wurden węze yn benammen sosjaal hegere fermiddens fan Fryslân troch relatyf  lytse tallen ynkommelingen dy't harren eigen taal mei nei Fryslân namen.

Oan de ein fan de Midsieuwen komme de administrative grinzen fan Fryslân sa't wy dy no kenne foar it grutste part ta stân. De Stellingwerven mei syn Nedersaksyske fariëteit lizze binnen dy grinzen. Nei de Midsieuwen komme noch oare gebieten by Fryslân dy't in oare taal as Frysk prate. Mei de ynpoldering fan it Bilt yn 1508 sille har dęr ynkommelingen út Hollân fęstigje en foar in net-Frysktalige enklave soargje. Dęr wurdt troch de nije ynwenners fan doe ôf oan in fariëteit praten dy’t wy no as Biltsk kenne. Op in soartgelikense wize soarget ymport fan Hollanners en oaren - troch hannelskontakten mei benammen Hollân - yn in tal stedsjes dat ek in Hollânske fariëteit fęste grűn űnder de fuotten krijt yn Fryslân. Ek dy fariëteit kriget nei ferrin fan tiid in eigen plak en in eigen namme. As it Nederlânsk him yn de 18de ieu dúdliker as standardisearre taal begjint te profilearjen, wurde de ferskillende soarten fan Stedsk ta dialekt: ‘Leewarders’, ‘Snekers’, ensfh. Datsoarte fan dialekten wurdt praten yn de stęden Ljouwert, Snits, Boalsert, Dokkum, Harns en Frjentsjer. Ek it doarpke Kollum - earder in seehaven - wurdt nei alle gedachten op deselde wize as de stęden űntfryske[viii]. Dat proses smyt it Kollumersk op. It nęstlizzende East-Kollumerlân dat ynpoldere wurdt, is mei It Bilt te ferlykjen trochdat it troch fęstigers fan bűten Fryslân - fan Grinslân diskear - in net-Frysk karakter kriget. It Amelân, dat yn 1798 bestjoerlik by Fryslân komt, rekket troch syn oriďntaasje op en kontakten mei Amsterdam syn Frysk kwyt. Der wurdt in oan it Stedsk neibesibbe Hollânske fariëteit mei Frysk substraat praten: it Amelânsk. Itselde jild foar it Męslânsk yn Midslân op Skylge, it eilân dat mei Flylân yn de Twadde Wrâldoarloch by Fryslân yndield wurdt [ix].

 

                                                                [KAARTSJE]

 

De meartalige situaasje fan it hjoeddeiske Fryslân mei in űngelikense sprieding fan de taalfariëteiten oer de wenkriten hat koartsein syn woartels yn in fier ferline troch de kontakten mei en fęstigers út oare gebieten yn de foargeande ieuwen. Ofgeande op de earste útkomsten fan taalsosjologysk űndersyk út de tweintichste ieu[x] kin op grűn fan it taalgebrűk fan de skoallebern - mei in pear slaggen om de earmtakke - ôflaat wurde dat it Frysktalige plattelân fierhinne homogeen Fryskpratend wie (sa'n 90%) en dat yn de (âlde) stęden en de minder Frysktalige wenkriten de fanâlds praten streektaal yn de mearderheid wie. It Nederlânsk stie as omgongstaal űnder de legere-skoallebern mei 30% it sterkste yn Ljouwert. De konsintraasje fan Frysktaligen oer de wenkriten ferskilde sterk.[xi]


Hoe’t dy konsintraasje fan Frysktaligen de lęste heale ieu troch migraasje en natuerlike oanwaaks beynfloede wurden is, binne gjin eksakte sifers fan bekend. Om in yndruk te krijen beheine wy ús earst ta in pear sifers oer migraasje yn it algemien. Yn de earste fyftjin jier nei de Twadde Wrâldoarloch hat der trochinoar in fertrekoerskot west fan sa’n lytse fiiftűzen en in berte-oerskot fan mear as seis-en-in-healtűzen jiers. De befolking nimt yn dy perioade dus elk jier trochinoar ta mei goed 1500 ynwenners. Oan de ein fan de sechtiger jierren rint it fertrekoerskot tebek nei űnder de tűzen yn it jier om yn de santiger jierren om te bűgjen nei in fęstigingsoerskot, mei yn 1973 it hichtepunt fan mear as fjouwertűzen. It berte-oerskot begjint earst yn de santiger jierren dúdlik te sakjen oant sa'n trijetűzen om yn de tachtiger jierren út te kommen űnder de twatűzen. Yn dat lęste desennium is it fęstigingsoerskot al wer oer; de yn- en útstream hâlde inoar hast yn lykwicht of smite in lyts fertrekoerskot op. It begjin fan de njoggentiger jierren ferskilt net folle fan dy situaasje. De grutste groei fan de befolking hat yn de santiger jierren west mei in oanwinnen fan 526.749 (1970) ta 583.989 (1979), in taname fan 57.240 (mear as 10% fan de befolking yn 1970).

Hoe yngeand de migraasje yn de santiger jierren - doe’t der in grut fęstigingsoerskot wie - op de gearstalling fan guon doarpen west hat, is út detaileardere gegevens ôf te lieden út in űndersyk nei acht doarpen op it Fryske plattelân.[xii] By de fęstigers fan bűten Fryslân gong it foar in part om saneamde ‘retoermigranten’ dy't earder op itselde doarp wenne hienen. Foar in oar part belange it minsken oan dy't har foar it earst yn Fryslân fęstige hienen, mar dęr nei relatyf koarte tiid wer wei migrearren. De tastream fan lju fan bűten is lytser as op grűn fan de oantallen immigranten op it earste gesicht liket. De  migraasjebewegings út in doarp wei en derhinne spylje har foar it grutste part ôf yn de neiste omkriten fan it doarp.[xiii] Ytsma syn űndersyk[xiv] űnder ien jiergong (july 1987 - july 1988) fertrekkers út en fęstigers yn de gemeente Wűnseradiel befęstiget dat it grutste part (twatredde) fęstigers út Fryslân weikomt. Twatredde dęr wer fan hat in Fryske taalachtergrűn. Fan de fertrekkers om utens hat likernôch de grutste helte in Nederlânske taalachtergrűn. De measte fertrekkers bliuwe yn Fryslân. Fan harren praat 80% Frysk fan hűs út[xv].

By dy groei yn de santiger jierren hat him tagelyk ek in trek fan de stęd nei it plattelân foardien (suburbanisaasje). Van der Vaart wiist op de trek fan Ljouwert nei Menaam, fan Snits/Drylts nei Easthim en fan De Jouwer nei Goaiďngaryp.[xvi] Dat hat it oanwinnende oanpart fan de stedsbefolking op de hiele befolking net opkeare kinnen. Yn 1954 wenne 28 persint fan de Fryske befolking yn de stęd (plakken grutter as 10.000 ynwenners)[xvii], oan de ein fan de sechtiger jierren wie dat 33 persint en neffens itselde kritearium yn 1994 40 persint.[xviii]

 It is net hielendal dúdlik wat de ynfloed krekt west hat fan de migraasjestreamen en de natuerlike oanwaaks op de konsintraasje fan Frysktaligen per wenkrite. Yn paragraaf 2 sille wy sjen oft dy yn de ferskillende wenkriten feroare is.

 

1.2      Teoretyske achtergrűnen 

Hoefolle Frysk at der yn beskate fermiddens en situaasjes praten wurdt, hinget benammen ôf fan de konsintraasje Frysktaligen (fan hűs út) yn in wenkrite. Dęrom is de fariabele wenkrite nijsgjirrich en dan benammen it ferskil yn konsintraasje tusken plattelân en stęd. De sifers út de Taal yn Fryslân[xix] jouwe hege persintaazjes foar it Nederlânsk yn de stęden en it heechste persintaazje foar it Frysk op it grutste part fan it plattelân. Yn ferbân mei dy ferskillen geane wy earst yn op de teoretyske achtergrűnen fan taalgedrach dy’t gearhingje mei de ferskillen tusken stęd en plattelân.

De stęd hat troch de ieuwen hinne sosjaal-ekonomysk in oare rol yn it maatskiplik ferkear hân as it plattelân. Kooij[xx] typearret in stęd as in sintraal plak mei ferskate funksjes . Dat plak lűkt allerhanne folk oan: fan it omlizzende plattelân, mar ek fan bűten it eigen gebiet. It soarget foar in grutter sosjaal en - benammen yn de Fryske stęd - ek in grutter taalkundich ferskaat en dęrmei foar in heterogenere taalsituaasje. Yn de hjoeddeiske stęd yn it algemien is taalkundich‑sosjaal in situaasje űntstien mei sawol in algemiene standerttaal dy't dominant oanwęzich is as ek in spesifyk stedsdialekt. Dat dialekt is de fariëteit fan de legere groep(en), in sosjolekt.[xxi] Yn Fryslân is de taalsituaasje yn de stęden noch wat yngewikkelder troch de oanwęzigens fan it Frysk as in tredde taalfariëteit dy’t net op it kontinuüm fan Nederlânske standertaal-sojolekt te setten is.


Dat ferskil tusken stęd en plattelân op makro-nivo hat syn wjerslach op de relaasjes tusken minsken op mikro-nivo. De tichtens ('density') fan de sosjale netwurken[xxii] wurdt net allinnich útmakke troch hoefaak at der kontakt mei immen is (frekwinsje), mar ek oft dat kontakt yn ferskillende soarten fan rolrelaasjes bestiet (‘multi-pleksiteit’). Sosjale netwurken yn de (grutte) stęd sille mear as yn de (lytse) doarpsmienskip basearre węze op inkelfâldige relaasjes, dy't faak in saakliker karakter hawwe. De gruttere skaal fan de stęd makket dat it űnmooglik is om elk persoanlik te kennen. De gruttere anonimiteit soarget derfoar dat in taalgebrűkssituaasje yn de stęd earder in iepenbieren-ien is as op in doarp. De kar foar de dominante taal leit dan mear yn ’e reden. Op it plattelân hawwe de relaasjes faak in mearfâldich karakter, dat makket dat yn in lytse mienskip de persoanlike en yntime betrekkingen mear op de foargrűn steane. Net allinnich is de yntimiteit mei immen grutter, ek de kennis oer him of har is dat. Minsken binne bygelyks wend om inoar yn harren wenstige omgongstaal oan te sprekken. Dan is der mear romte om de minderheidstaal te praten. Wy űnderstelle in grutte gearhing tusken de stedske wenkrite en it brűken fan de dominante taal yn it sosjale netwurk yn de stęd en in grutte gearhing tusken it plattelân en it brűken fan de minderheidstaal yn it netwurk op it plattelân. De wenkrite besjogge wy yn dit boek foar in grut part as in yndikator foar de fariabele sosjaal netwurk. En fan it sosjaal netwurk nimme wy oan dat dy fan grut belang is foar de beskriuwing en ferklearring fan it taalgedrach yn Fryslân.

It ferskil tusken stęd en plattelân is oars net mear sa grut as dat it wol west hat, űnder oaren troch ekonomyske (yndustrialisaasje), sosjaal-politike (macht fan de steat en demokratisearring) en sosjaal-geografyske feroaringen (ferstedsking fan it plattelân)[xxiii]. Ek is it sa dat 'Urbanism as a way of life' troch de ynfloed fan de oanwűne geografyske mobiliteit en de (audio-fizuële) media syn útwurking op de lytse doarpsmienskip hân hat, sadat der mear oer in stęd-lân-kontinuüm praten wurde moat. Der besteane lykwols noch altiten ferskillen tusken beide, yn grutte en karakter. Foar ús rapportaazje hâlde wy fęst - fanwegen de ferlykberens  - oan de yndieling fan Taal yn Fryslân út 1980 dy’t doe útgong fan in pragmatyske getalsgrins tusken stęd (sa’n 10.000 ynwenners of mear) en plattelân. Dy yndieling fan wenkriten is boppedat ek net in swart/wyt-ferdieling tusken stęd en plattelân.

De sintrale begripen by de geografyske beskriuwing fan de taalferhâldingen yn Fryslân binne dizze. De ynterviewde respondinten (n=1368) binne op it foarste plak yndield neffens de earste taal fan hűs út (T1). Dat is de taal dy’t as bern thús fan heit en/of mem as earste taal leard is. It giet dęrby net earst om in hege feardigens yn dy earste taal, mar benammen om de identifikaasje mei de eigen taal, de memmetaal. De praktyk fan it fan hűs út praten fan in beskate taal hat in wichtige ynfloed op it taalgedrach. Nęst Frysk en Nederlânsk, sjogge wy ek nei de streektalen dy’t fanâlds eigen binne yn Fryslân lykas It Stedsk, it Stellingwerfsk en it Biltsk.

Op it twadde plak giet it om de behearsking fan it Frysk as twadde taal (T2). Foar respondinten dy’t it Frysk net fan hűs út prate, sil de mjitte fan Frysk taalgedrach foar in grut part gearhingje mei de feardigens yn it Frysk. De respondinten is frege oan de hân fan de fiifpunts-skaal 1) ‘hiel maklik’, 2) ‘goed’, 3) ‘frij aardich’, 4) ‘mei lijen’ en 5) ‘hielendal net’ oan te jaan hoe goed harren fermogen wie om Frysk te praten. Respondinten dy’t op syn minst ‘frij aardich’ Frysk prate koenen en nei alle gedachten in petear fiere kinne, binne bij de Fryskpraters yndield.


De twa net-talige fariabelen fan respektivelik de geografyske en sosjale sprieding dy’t noch taljochting fertsjinje binne de wenkrite en sosjaal-ekonomyske status fan de respondint. De wenkrite is it rommere talige fermidden bűten de doar dęr’t de respondint wennet en foar in grut part syn wenstige kontakten hat. In achterlizzend konsept dat by wenkrite in rol spilet is it sosjale netwurk, it totaal oan kontakten dat in yndividu hat. By in Fryske wenkrite wurdt der fan útgongen dat de (mooglikheid op) kontakten fan de respondint oer it generaal Frysker binne as dy kontakten yn in minder Fryske wenkrite en dat de kontakten yn de stęd earder anonym binne as op it plattelân (mar dat hoecht net foar elke losse respondint op te gean). It altiten of  lang wenjen yn in beskate wenkrite kin ek in beskate identifikaasje as stedsjer of plattelanner ta stân brocht hawwe dęr’t in beskaat taalgedrach byheart.

 

1.3      Probleemstelling

De probleemstelling fan it foargeande surveyűndersyk nei de taalsituaasje yn Fryslân fan 1980 wie - frij neffens ien fan de grűnlizzers fan de taalsosjology Fishman[xxiv]  - omskreaun as ‘hokfoar taal prate de ynwenners fan Fryslân tsjin wa, węr, węroer en węrom?[xxv]. Yn dit artikel oer de geografyske sprieding fan it Frysk giet it benammen om hokfoar taal de ynwenner fan in beskate wenkrite fan Fryslân praat en hoe goed at er it Frysk yn de macht hat (ek wat it ferstean, it lęzen en it skriuwen oanbelanget).

Mei de fraach nei ‘hokfoar taal’ immen praat, giet it der yn it foarste plak om hoe’t de respondint syn taalfariëteit sels neamd. Om it oersichtlik en statistyske ferantwurde te hâlden wurdt yn dit ferslach oars it ferskaat oan farianten by de beskriuwing werombrocht ta trije haadfariëteiten. Fryske fariëteiten as Súdwesthoeksk, Jousters, Lemsters, ensfh. wurde allegear űnder it Frysk beflapt. Nederlânske streektalen as Grinslânsk, Drintsk, Brabânsk, enfh. falle yn dit űndersyk űnder de neamer Nederlânsk. It Stedsk, it Stellingwerfsk, it Biltsk, de eilanner fariëteiten, it Hylpersk, it Kollumersk wurde mei-inoar as streektaal yn Fryslân of koartwei Fryske streektaal gearfette. In bűtenlânske taal hjit hjirre ‘oare taal’, in kategory dy’t faak fuortfalt omdat dy yn it algemiene maatskiplike libben fan Fryslân gjin rol spilet.

Bij ‘ynwenners fan Fryslân’ giet it om de ynwenners fan 12 jier en âlder. De stekproef is mei troch de lykwichtige ferdieling oer alle 31 gemeenten foar de hiele befolking fan Fryslân in represintative ôfspegeling[xxvi]. De earste taal is yn de measte gefallen it earste kritearium om de respondinten op yn te dielen, de behearsking fan it Frysk de twadde.

 


[KAARTSJES]

2.0       Ynlieding

Wy sette útein mei it beskriuwen fan de sprieding fan de ferskillende taalfariëteiten oer it hiele grűngebiet fan Fryslân: de geografyske taalkaart. It giet yn konkreto om de sprieding fan de Frysktaligen, Nederlânsktaligen en streektaligen, en de sprieding fan de műnlinge en skriftlike feardigens yn it Frysk, węrűnder de relative behearsking fan it Frysk yn ferliking mei dy fan it Nederlânsk. De wenkrite hat op dy aspekten in grutte rol. Troch de deistige kontakten binnen de sosjale netwurken dęre hâldt de wenkrite foar leden fan in taalgroep nammentlik in stabile basis yn. Wy sjogge meast nei de sprieding fan de behearsking fan it Frysk as earste (tenei: Frysktaligen) en as twadde taal (tenei: Fryskpraters) neffens wenkrite. Ut earder űndersyk nei de Fryske taalsituaasje hat bliken dien dat in sa’n grut mooglike konsintraasje fan Frysktaligen yn in wenkrite in positive ynfloed hat op it brűken fan it Frysk[xxvii]: wat homogener Frysk de wenkrite, wat frekwinter it Fryske taalgedrach.

Yn de neikommende tabellen/kaarten/grafiken wurde meast twa ferlikingen makke. Foar ynsjoch yn de stabiliteit fan de wenkrite wurdt de ferliking per wenkrite makke neffens in tal jierren dęrfoar. De útkomsten fan de trije grutskalige surveys út 1967 (as dęr sifers foar beskikber binne), 1980 en 1994 wurde mei inoar ferlike. De oare ferliking is de syngroane tusken de wenkriten űnderinoar: Fryskere en minder Fryske wenkriten  (2.1). As in kontrôle op de diagroane útkomsten wurde apart de útkomsten fan de respondinten dy't sawol yn 1980 as ek yn 1994 op ’e nij meidien hawwe nochris mei inoar ferlike (2.2). De ôfsluting sturtswilet de útkomsten fan dit haadstik foar de fariabelen earste taal (T1), twadde taal (T2), relative taalbehearsking en de wenkrite  (2.3).

 

2.1       Sprieding oer de wenkriten neffens earste taal en de feardigens yn it Frysk

De beskriuwing fan de geografyske sprieding neffens wenkrite begjint mei de tsjinstelling tusken stęd en plattelân. Foar de stęden meitsje wy ferskil tusken Ljouwert, de âlde stęden (Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns en Snits) en de nije stęden (Drachten en It Hearrenfean). Foar it plattelân wurdt ferskil makke tusken it meast Frysktalige en it fanâlds minder Frysktalige plattelân: de Stellingwerven, It Bilt, East-Kollumerlân en de (waad)eilannen. It meast Frysktalige plattelân is krektlyk as yn 1980 neffens histoarysk-geografyske kritearia yndield: de Bouhoeke, de (noardlike en súdlike) Greidhoeke en de (noardlike en súdlike) Wâlden. Dęrnei meitsje we foar in part foar it Fryske plattelân noch in nijsgjirrige űnderferdieling neffens forinzedoarpen of groeikearnen en de rest fan dat plattelân.

De ferliking wurdt dien op grűn fan de twa stekproeven út 1980 en 1994 dy’t elk in represintative stekproef foarmje foar hiele Fryslân. Oanfoljend wurde dy stekproeven foar de ferliking fan guon wenkriten lykskeakele mei dy út 1967 en as it mooglik is mei in pear űndersiken nei de pleatslike taalsituaasje. Achterinoar wurde yn dizze paragraaf behannele de sprieding oer de wenkriten neffens earste taal (2.1.1), neffens műnlinge feardigens (2.1.2) en neffens skriftlike feardigens (2.1.3).

 

2.1.1       Sprieding oer de wenkriten neffens earste taal (taal fan hűs út)

Tabel 1 jout in oersjoch fan de sprieding fan de trije taalgroepen (yndield neffens earste taal) oer alle wenkriten yn Fryslân. It giet om in ferliking per wenkrite tusken de stekproeven fan 1980 en 1994. Yn myn kommentaar op de sifers sil ik safolle mooglik earst de ferliking mei foargeande jierren (diagroan) en dan de űnderlinge ferliking yn 1994 (syngroan) oanhâlde.

 


Tabel 1         De geografyske sprieding fan de taalgroepen neffens taal fan hűs út (T1), 1980 ferlike mei 1994 (yn %)

 

jier             Frysk      Neder-      streek-        oare               n

lânsk        taal             taal

 

Fryske plattelân                      '80               71            23               6               1               (584)

                                                  '94               67            26               5               1               (736)

 

Nije stęden                              '80               50            42               5               3               (128)

                                                  '94               58            35               6               1               (138)

 

Alde stęden                             '80               43            32            24               1               (127)

                                                  '94               42            36            20               3               (180)

 

Ljouwert                                   '80               28            45            22               6               (145)

                                                  '94               33            46            17               5               (163)

 

Stellingwerven                       '80               32            37            31               1                 (95)

                                                  '94               31            44            23               2               (112)

 

It Bilt, East-Kollumerlân        '80               19            45            34               2                 (47)

en de eilannen                       '94               28            39            28               5                 (39)

 

 

Fryslân                                     '80               54            31            13               2             (1126)

                                                  '94               55            33            11               2             (1368)

 

Alde stęden = Dokkum, Frjentsjer, Harns, Boalsert en Snits

Nije stęden = Drachten en It Hearrenfean  (ferlykje Gorter-en-dy 1980: 10)

chi-kw. 1980-1994 n.s.

chi-kw. 1980 wenkriten űnderinoar=210,640 *p < 0,00000

chi-kw. 1994 wenkriten űnderinoar=164,389 *p < 0,00000

 

Ut de diagroane ferliking fan de wenkriten apart en allegear mei-inoar komme gjin signifikante ferskillen nei foaren. Der binne inkeld foarsichtich in pear tendinzen oan te wizen. De wichtichste neam ik hjir. It oanpart Frysk yn de nije stęden wint oan fan 50 ta 58 persint (ta skea fan 7 persint Nederlânsk) en yn It Bilt en sa fan 19 ta 28 (ta skea fan it Nederlânsk en de streektaal - meast Biltsk -, beide binne 6 persint achterútgongen) en it Nederlânsk wint oan yn de Stellingwerven fan 37 ta 44 persint (ta skea fan 8 persint streektaal, meast Stellingwerfsk). Yn 1980 wie yn hiele Fryslân it oanpart Frysktaligen 54%, yn 1994 leit dat ien persint heger. Ek besteane der kwalik ferskillen tusken dy jierren foar it Nederlânsk, dat fan 31% in bytsje oanwűn ta 33%, en de streektalen mei-inoar, dy't fan 13% wat ôfnamen ta 11%.


By de útkomsten fan ’94 komme de ferskillen yn de relative konsintraasje fan Frysktaligen tusken de wenkriten űnderinoar der dúdlik út. De Frysktaligen hawwe numeryk de absolute mearderheid op it Fryske plattelân (67%) en yn de nije stęden (58%)[xxviii] (en ek yn Fryslân as gehiel mei 55%). Yn de âlde stęden foarmje sy de grutste groep (42%) of  in substansjeel oanwęzige minderheid (It Bilt en sa 28%). De Nederlânske taalgroep hat nearne in absolute numerike mearderheid, mar is wol de grutste taalgroep yn trije minder Fryskta_ige wenkriten: Ljouwert (46%), de Stellingwerven (44%) en It Bilt en sa (39%). Yn hiele Fryslân hat de groep in oanpart fan 33 persint. De streektaligen hawwe op syn minst in frij grutte minderheid (It Bilt en sa 28%) of binne dúdlik oanwęzich yn de Stellingwerven[xxix] (23%[xxx]), de âlde stęden (20%) en Ljouwert (17% [xxxi]). De restgroep fan de ynwenners mei oare, benammen bűtenlânske, talen  (Dútsk, Arabysk, Turksk, ensfh.) binne oer hiele Fryslân besjoen mei 2 persint marzjinaal fertsjintwurdige.

De konklúzje foar it oersjoch fan de geografyske sprieding is dat de taalferhâldingen yn de perioade 1980-1994 foar Fryslân as gehiel stabyl bleaun binne, op it nivo fan de wenkriten bestiet in foarsichtige tendins ta ferskowingen. Yn de konsintraasje fan Frysktaligen tusken de wenkriten űnderinoar besteane der yndie grutte ferskillen, lykas út de beskriuwing fan de eardere tastân al te ferwachtsjen wie. Dochs rinne dy ferskillen net hielendal neffens it ferskil stęd/plattelân, omdat de Frysktaligen yn de nije stęden in numerike mearderheid foarmje. Foar Fryslân as gehiel foarmje sy ek in mearderheid.

Wy sille no besykje dy ferskowingen neier yn kaart te bringen en splitse dęrfoar yn de twa neikommende subtabellen it Fryske plattelân (tabel 1a) en de stęden (tabel 1b) fierder op.


 

Tabel 1a            De geografyske sprieding fan de taalgroepen neffens taal fan hűs út (T1) oer it Fryske plattelân, 1980 ferlike mei 1994 (yn %)

 

jier             Frysk      Neder-      streek-        oare               n

lânsk        taal             taal

 

Bouhoeke                               '80               68            22               9               1               (103)

                                                  '94               75            19              5                -               (130)

 

noardlike Greidhoeke           '80               73            23               4                -                 (86)

                                                  '94               67            22              7               3               (122)

 

súdlike Greidhoeke               '80               71            21               6               2               (126)

                                                  '94               64            27               7               3               (162)

 

noardlike Wâlden                  '80               68            28               4                -               (187)

                                                  '94               67            30               3                -               (218)

 

súdlike Wâlden                      '80               79            12              6               2                 (82)

(chi-kw=11,490 p<0,00935)'94               64            33              3               1               (104)

 

 

Fryske plattelân                      '80               71            23               6               1               (584)

                                                  '94               67            26               5               1               (736)

chi-kw. 1980-1994 = n.s.

chi-kw. 1980 = n.s.

Chi-kw ’94=23,728  p<0,02214

 

De ferliking fan de dielwenkriten tusken 1980 en 1994 smyt ien signifikant ferskil op; yn de súdlike Wâlden gong it oanpart Frysktaligen omdel en it oanpart Nederlânsktaligen omheech. Foar it hiele Fryske plattelân is yn grutte halen in twadieling oan te wizen. Yn it noarden kin yn de Bouhoeke in tendins konstatearre wurde dat de Fryske taalgroep oanwint fan 68 ta 75 persint en dat yn de noardlike Wâlden, foar alle taalgroepen, stabiliteit bestiet. Yn de súdliker wenkriten dęrfoaroer hat krekt in űntfrysking oan de gong west, want it oanpart Frysk is sawol yn de noardlike (fan 73 nei 67%) as de súdlike (fan 71 nei 64%) Greidhoeke en de súdlike Wâlden (fan 79 nei 64%) sakke. De ferskillen foar de beide dielen fan de Greidhoeke binne tendinzen, mar it grutte ferskil fan 15 persint foar de súdlike Wâlden is ek in signifikant ferskil: it oanpart Nederlânsk fan hűs út is dęr mei leafst 21 persint (fan 12 nei 33%) oprűn. Dat bringt it oanpart Frysk - dat yn de súdlike Wâlden oars relatyf heech wie - wer yn it lyk mei de oare dielwenkriten fan it Fryske plattelân dat trochinoar op 67 persint sit. Opmerklik is dęrom krekt dat de ynterne opdieling fan it Fryske plattelân yn dielwenkriten as gehiel yn 1980 net, mar yn 1994 wol signifikant ferskillend wie. Nei alle gedachten sit him dat yn de ôfwikend hege skoare fan 75 persint Frysktaligen yn de Bouhoeke yn tsjinstelling mei de 64-67 persint yn de oare dielwenkriten.


As wy ôfgean meie op Van der Vaart[xxxii] dat migraasjebewegings har foar it grutste part yn de neiste omkriten fan it doarp ôfspylje, dan hinget in part fan de útkomsten fan de űntfrysking fan it súdliker Fryske plattelân gear mei de ferfrysking fan Drachten en it Hearrenfean (sjoch tabel 1), dy’t beide ek yn de súdlike Wâlden lizze. De ferskowingen yn de fjirtjin jier sille dan foar in part feroarsake węze kinne troch migraasje tusken (nije) stęd en omlizzend plattelân.

Hoe’t dy migraasje tusken de stęden as gehiel en elke stęd apart útpakt hat, kinne wy besjen yn tabel 1b.

 

Tabel 1b            De geografyske sprieding fan de taalgroepen neffens taal fan hűs út (T1) yn de stęden, 1980[xxxiii] ferlike mei 1994 (yn %)

 

jier             Frysk      Neder-      Stedsk       streek-           n

lânsk                            taal

 

Ljouwert                                   '80               28            45            19               3               (145)

                                                  '94               33            46            15               1               (163)

 

Snits                                         '80               36            40            23               0                 (47)

                                                  '94               38            42            15               1                 (76)

 

Frjentsjer                                 '80               37            37            16               5                 (19)

                                                  '94               48            30            19               4                 (27)

 

Boalsert                                   '80               56            31            13               0                 (16)

                                                  '94               35            35            29                -                 (17)

 

Dokkum                                   '80               57            14            24               5                 (21)

                                                  '94               68               7            18               7                 (28)

 

Harns                                       '80               42            29            21               8                 (24)

                                                  '94               25            50            19                -                 (32)

 

Drachten                                 '80               51            42               7               0                 (75)

                                                  '94               61            33               2               2                 (84)

 

It Hearrenfean                        '80               49            43               0               2                 (53)

                                                  '94               54            37               4               4                 (54)

 

 

stęden                                      '80               40            40            14               3               (400)

                                                  '94               43            39            13               2               (481)

 

N.B. Dejingen dy't fan hűs út in oare taal prate, binne net opnommen; dat jout foar guon stęden in totaal fan minder as 100%

Chi-kw. ’80=44,382 p<0,00209

Chi-kw. ’94=51,121 p<0,00025


Sawol foar alle stęden mei-inoar as elke stęd apart bestiet der gjin signifikant ferskil tusken beide mjitjierren. Der bestiet mei in part dat oanwint fan 40 nei 43 persint wol in foarsichtige tendins dat de stęden Frysker wurde. Dat giet foar Ljouwert op, mar ek foar de âlde stęden Frjentsjer en Dokkum. By de measte fan de âlde stęden jildt wol dat de persintaazjes oer minder as 50 respondinten berekkene binne en dat tafalsfaktoaren in relatyf grutte ynfloed op de útslach ha. Dy sifers soenen dęrom minder betrouber węze kinne. Wat de nije stęden Drachten en It Hearrenfean oanbelanget kinne wy sjen dat it haadplak fan de gemeente Smellingerlân in grutter oanpart Frysk fan 10 persint hat en it haadplak fan de gemeente Hearrenfean 5 persint.

Der besteane grutte en signifikante ferskillen tusken de stęden űnderinoar. Ljouwert, Snits en - yn 1994 - Boalsert en Harns binne mei in tredde- ta in fjirdepart folle minder Frysk as Frjentsjer, Dokkum en de nije stęden mei sa’n helte of mear Frysktaligen. Fan de âlde stęden is bekend dat se fanâlds minder Frysk binne, dat it is opmerklik dat Frjentsjer en Dokkum sa Frysk út de enkęte nei foaren komme. De útslach fan Dokkum is in befęstiging fan de enkęte út 1980. Foar Frjentsjer is noch in útslach út 1996 bekend űnder de âlden fan bern op de basisskoallen yn de stęd dy’t net bot ôfwykt fan de resinte útslach.[xxxiv]

De opfallendste tendins yn de stęden is in beskate ferfrysking, in oarenien is de delgong fan it Stedsk. Dy docht net sa bot bliken út it totaalpersintaazje fan de stęden mei-inoar (de nije stęden Drachten en It Hearrenfean kenne amper Stedsk), mar wol bygelyks út dy fan de twa grutste (âlde) stęden Ljouwert en Snits. Yn Ljouwert ferliest it Leewarders 4 persint en yn Snits it Snekers 8 persint. Yn Gorter-en-dy[xxxv] waard al oanjűn dat de Stedsfariëteit hieltiten mear belies jout. Foar Ljouwert waard in delgeande tendins foar 1988 nochris befęstige[xxxvi]. Der liket in stadige űntjouwing űnderweis te węzen fan meartaligens nei twataligens yn de stęden fan Fryslân.

Hjirfoar is konkludearre dat der in yn de perioade 1980-1994 in ferfryskjende tendins fan de stęden oanslút by de űntfryskjende tendins fan it Fryske plattelân. Yn de ynlieding is al opmurken dat de ferskillen tusken stęd en plattelân lytser wurden binne, űnder oaren troch de geografyske mobiliteit. De mobiliteit tusken stęd en plattelân sil nei alle gedachten mei de oarsaak - nęst de yn- en útstream fan en nei Fryslân fan de santiger en tachtiger jierren - węze dat de ferskillen yn konsintraasjes fan Frysktaligen tusken de wenkriten lytser wurden is. It tsjut op it mear trochinoar wenjen fan de leden fan de taalgroepen as earder. Ik nim oan dat dy taalheterogeniteit ek trochwurket yn de sosjale netwurken en sadwaande syn útwurking hat op de Fryske taalbehearsking. Dochs besteane der noch altiten dúdlike ferskillen tusken wenkriten. Ik sil hjirnei sjen oft dat ferskil yn konsintraasje fan Frysktaligen ek ynfloed hat op de grutte fan it oanpart fan de befolking dat it Frysk műnling en skriftlik yn ’e macht hat. 

 

2.1.2       Sprieding oer de wenkriten neffens műnlinge feardigens: it Frysk ferstean en prate kinnen


Mei de hjirfoar beskreaune konsintraasje fan ynwenners dy’t it Frysk as earste taal prate is ynearsten in basis oanjűn oer wat ferwachte wurde mei oan műnlinge feardigens yn de wenkriten. Nęst dy “hurde kearn” dy’t in grutte műnlinge feardigens yn dy taal hat, bestiet der noch in groep net-Frysktaligen dy’t mei it oanlearen fan it Frysk as twadde taal ek in bydrage jout oan it potinsjeel foar Frysk taalgedrach yn de wenkrite. Sok taalgedrach sil foar dyen mear of minder eigen węze, ôfhingjend fan de Fryskens fan harren sosjale netwurken yn de oanbelangjende wenkrite. Dizze subparagraaf bringt de wenkriten neffens de konsintraasje fan Frysktaligen nochris yn kaart mei de oanfolling fan dejingen dy’t it Frysk ferstean en praten as twadde taal byleard hawwe. Dęrmei wurdt tagelyk ek in beskriuwing jűn fan hoe’t de fariabele wenkrite gearhinget mei de fariabele taalbehearsking.

 

Tabel 2              De geografyske sprieding neffens Frysk ferstean en prate kinnen (op syn minst frij aardich), 1980 ferlike mei 1994 (yn %)

 

jier                  ferstean       (n)                 praten          (n)

 

Fryske plattelân[xxxvii]                '80                      99       (584)                    87       (584)

                                                  '94                      98       (736)                    84       (736) 

Nije stęden                              '80                      93       (128)                    68       (128)

(chi-kw. praten=4,156           '94                      96       (138)                    79       (138)

p<0,04148)

 

Alde stęden                             '80                      96       (127)                    65       (127)

                                                  '94                      93       (180)                    68       (180)

 

Ljouwert                                   '80                      91       (145)                    54       (145)

                                                  '94                      92       (163)                    59       (163) 

It Bilt, East-Kollumerlân        '80                      85         (47)                    55         (47)

en de eilannen                       '94                      82         (39)                    49         (39) 

Stellingwerven                       '80                      78         (95)                    46         (95)

                                                  '94                      78       (112)                    43       (112)

 

 

Fryslân                                     '80                      94     (1126)                    73     (1126)

                                                  '94                      94     (1368)                    74     (1368) 

chi-kw. ferstean en praten 1980-1994= n.s.

chi-kw. ferstean en praten ’80= resp. 77,990 en 133,331 p<0,00000

chi-kw. ferstean en praten ’94= resp. 90,991 en 130,429 p<0,00000

 


De műnlinge feardigens fan it Frysk troch de tiid hinne is oer Fryslân yn syn gehiel - lykas it Frysk as earste taal - stabyl bleaun: it ferstean kinnen 94% en it prate kinnen 73-74%. Der binne ek hjir wer in pear ferskowingen tusken de wenkriten űnderinoar. Foar it Fryske plattelân bestiet de lytse tendins dat it wat minder Frysk wurdt (ferstean giet fan 99 nei 98% en praten fan 87 nei 84%), wylst dat foar de stęden krekt de oare kant opgiet (bygelyks de nije stęden geane mei ferstean fan 93 nei 96% en praten fan 68 nei 79). Ek de fanâlds minder Frysktalige gebieten Stellingwerven (ferstean bliuwt 78% en praten giet fan 46 nei 43%) en It Bilt en sa (ferstean 85 nei 82% en praten fan 55 nei 49%) bestiet in lytse tendins ta űntfrysking. It is in befęstiging fan de tendins fan it ferfryskjen fan it stedsfermidden en it űntfryskjen fan it plattelân yn de fjirtjin jier tusken 1980 en 1994 lykas hjirfoar al op grűn fan de earste taal fęststeld wie. De konsintraasje fan Frysktaligen en Fryskpraters nimt op it plattelân stadichoan ôf, wat nei alle gedachten ek syn wjerslach hawwe sil op it Fryske taalgedrach.

Foar de wenkriten űnderinoar besteane der wol ferskillen as dy op feardigens besjoen wurde. Oangeande de útkomsten fan 1994 yn tabel 2 kin foar it ferstean in twadieling makke wurde tusken oan de iene kant it Fryske plattelân en alle stęden dęr’t it begripe kinnen fan it Frysk frij algemien is, foar sis mar mear as njoggentich persint en oan de oare kant It Bilt en sa en de Stellingwerven dęr’t ien op de fiif dat net kin. Foar Fryslân as gehiel is de műnlinge reseptive feardigens mei 94 persint frij algemien. Foar it prate kinnen is faaks in trijedieling teplak: de wenkriten dęr’t fjouwerfiifde it kin (Frysk plattelân 84% en nije stęden 79%), de wenkriten dęr’t in lytsere mearderheid it kin fan de âlde stęden (68%) mei Ljouwert ynbegrepen (59%), en de wenkriten dęr’t de behearsking net in mearderheid hellet (It Bilt en sa 49% en de Stellingwerven 43%). Yn Fryslân as gehiel is de műnlinge produktive feardigens mei 74% net algemien, mar de groep dy’t it Frysk yn ’e macht hat foarmet wol in grutte numerike mearderheid.

Wy kinne sjen oft dy tendinzen al langer besteane foar Ljouwert, it Fryske plattelân (basearre op in lytser tal gemeenten fanwegen Pietersen syn beheindere stekproef), de nije stęden en It Bilt allinnich troch de sifers fan Pietersen út 1967 der yn te beheljen.[xxxviii]

 

 

 


Tabel 2a            De geografyske sprieding neffens Frysk ferstean en prate kinnen (op syn minst frij aardich) op it ferskil tusken Ljouwert, nije stęden en Fryske plattelânsgemeenten en It Bilt, 1967 ferlike mei 1980 en 1994 (yn %)

 

jier                  ferstean       (n)                 praten          (n)

 

Fryske plattelânsgemeenten'67                     98       (494)                    94       (495)

(chi-kw. prat.’67/’80=5,385)'80[xxxix]                  99       (230)                    90       (230)

(chi-kw. prat.’80/’94=4,318)  '94                      98       (324)                    83       (324)

 

Nije stęden                              '67                      97       (105)                    80       (105)

(chi-kw. prat.’67/’80=4,276)'80[xl]                      93       (128)                    68       (128)

(chi-kw. prat.’80/’94=4,156)  '94                      96       (138)                    79       (138)

 

It Bilt                                         '67                    100         (66)                    75         (65)

                                                  '80                    100         (16)                    75         (16)

                                                  '94                    100         (19)                    63         (19)

 

Ljouwert                                   '67                      92       (134)                    58       (134)

                                                  '80                      91       (145)                    54       (145)

                                                  '94                      92       (163)                    59       (163)

 

 

Fryslân (11 gemeenten)       '67                      97       (799)                    85       (799)

(chi-kw. prat.’67/’80=24,520)'80                      95       (519)                    74       (519)

                                                  '94                      96       (644)                    76       (644)

 

chi-kw. ferstean en praten ’67 resp.=19,140 en 115,180 p<0,00000

(sjoch foar chi-kw. ferstean en praten ’80 en ’94 tabel 2)

 

It opfallendste feit oer it ferstean kinnen fan it Frysk troch de tiid hinne is de stabiliteit fan 1967 ôf, sawol foar (de selektearre alve gemeenten fan) Fryslân as gehiel as ek foar Ljouwert, de nije stęden, it Fryske plattelân en It Bilt. It jout oan dat de műnlinge reseptive feardigens net bot ôfhinklik is fan de taalgroepsachtergrűn (útsein dan by de Stellingwerven, East-Kollumerlân en de eilannen, sjoch tabel 2). Sa’t it liket, wurdt it ek troch elkenien ferstien as it Frysk yn in beskate wenkrite dúdlik oanwęzich is.Yn 1980 wie wat it Frysk prate kinnen oanbelanget al bekend, dat yn ferliking mei 1967 der foar hiele Fryslân sprake wie fan in tebekgong troch de relatyf grutte migraasje yn de santiger jierren. De bestiet in (signifikante) feroaring fan 85 nei 74%.  Nei 1980 hat it prate kinnen him wer stabilisearre. De wichtichste konklúzje fan dit oersjoch oer 27 jier is, dat foar Ljouwert en de nije stęden bliken docht dat it ferfryskjen nei 1980 it űntfryskjen dęrfoar wer goedmakke hat. Foar it Fryske plattelân[xli] betsjut dat de tendins foar en nei 1980 űntfryskjend is (De oantallen foar it Bilt yn de lęste twa stekproeven binne te lyts om betroubere útspraken oer dwaan te kinnen). De űntfrysking fan it plattelân is dus al in langerduorjend proses, dat nei alle gedachten ek al foar '67 útein setten is.


Hjirfoar is opmurken dat de űntfrysking fan it Fryske plattelân foar in part troch trek út de stęd wei nei it plattelân ta feroarsake węze sil. It is dęrom wol nijsgjirrich om dy fermoede ferstedsking fan forinzedoarpen yn ferliking mei de rest fan it plattelân te besjen. Ik nim de yn 1980 útkeazen forinzedoarpen[xlii] - mei-inoar 28 - as útgongspunt.[xliii] Yn de stekproef fan 1967 wienen inkeld 11 fan dyselde doarpen[xliv] opnommen. Koartheidshalven behein ik my ta de útkomsten fan ien fan de basisfariabelen foar taalgedrach: it Frysk prate kinnen.

 

Tabel 2b            De geografyske sprieding fan Frysk prate kinne (op syn minst frij aardich) neffens forinzedoarpen en de rest fan it Fryske plattelân, yn 1967, 1980 en 1994 (yn %)

 

jier                  prate            (n)

 

 

Forinzedoarpen                     '67                      90       (119)

Rest Fryske plattelân                                        96       (374)

(chi-kw.=6,432 p<0,01121)

 

Forinzedoarpen                     '80                      80       (202)

Rest Fryske plattelân                                        91       (383)

(chi-kw.=12,660 p<0,00037)

 

Forinzedoarpen                     '94                      77       (241)

Rest Fryske plattelân                                        87       (497)

(chi-kw.=13,383 p<0,00025)

 

Chi-kw ’67-’80=***

Chi-kw ’80-’94=***

 

Yn alle trije mjitjierren bestiet der in signifikant ferskil yn Frysk prate kinnen tusken de forinzedoarpen en de rest fan it Fryske plattelân, mar it ferskil yn ’67 (90/96%) is relatyf lytser as de ferskillen yn ’80 (80/91%) en yn ’94 (77/87%). It liket derop dat de űntfrysking fan it plattelân yn de santiger jierren benammen troch de űntfrysking fan de forinzedoarpen ta stân kommen is. Yn de tachtiger jierren en letter hat it fierder útinoargroeien fan forinzedoarpen en de rest fan it plattelân net trochsetten.[xlv] De wichtichste konklúzje is dat der sűnt de santiger jierren in frij grut ferskil űntstien is yn de műnlinge produktive feardigens tusken de gruttere plattelânskearnen en de rest fan it plattelân.

No’t ik de ferskillen tusken wenkriten en űnderferdielingen dęrfan beskreaun haw, kin der in rangoarder oanbrocht wurde neffens de mjitte fan Frysk prate kinnen. Ik behein my ta 1994. Om it maksimum fan de feardigens fan it Frysk prate kinnen yn perspektyf te setten mei wat wy earder de “hurde kearn” - de Frysktaligen - neamd ha, heakje ik de persintaazjes Frysk as earste taal fan de oanbelangjende wenkrite ta.

 


Tabel 3         Frysk prate kinnen (op syn minst frij aardich) en Frysk as earste taal, neffens wenkrite yn 1994 (yn %)

 

prate        earste    mei-inoar

kinnen    taal         (n)

 

Fryske plattelân sűnder forinzedoarpen                            87          73        (497)

Nije stęden                                                                              79          58        (138)

Forinzedoarpen                                                                      77          54        (241)

Alde stęden                                                                             68          42        (178)

Ljouwert                                                                                   59          33        (163)

It Bilt, East-Kollumerlân en de eilannen                            49          28           (39)

Stellingwerven                                                                        43          32        (112)

 

 

Fryslân mei-inoar                                                                   74          55      (1368)

 

chi-kw. prate kinnen en earste taal= resp. 140,613 en 151,736 p<0,00000

 

It Fryske plattelân sűnder forinzedoarpen is foar it ‘prate kinnen’ fan it Frysk koprinner (87%), mar wurdt op net al te grutte ôfstân folge troch twa wenkriten dy't net folle foar inoar űnderdogge: de nije stęden (79%) en de forinzedoarpen (77%). De middengroep wurdt foarme troch de âlde stęden (68%) en Ljouwert (59%). De minder Frysktalige wenkriten It Bilt en sa (49%) en de Stellingwerven (43%) slute de rige. Dy folchoarder is deselde neffens it Frysk as ‘earste taal’, lykas yn de twadde kolom ôf te lęzen is. Inkeld de minder Frysktalige gebieten ferwikselje fan plak, mar de lytse oantallen fan it Bilt en sa meitsje dy útkomst wat wippelich. It liket sjoen de lytse ferskillen yn ’e reden te lizzen om by in fierdergeande yndieling gjin űnderskied yn wenkrite te meitsjen tusken forinzedoarpen en nije stęden. Faaks moatte wy by bepaalde fraachstellingen fanwegen de ferfryskjende tendins fan de nije stęden en de űntfryskjende fan it Fryske plattelân ek gjin űnderskied mear meitsje tusken dy lęste twa en it Fryske plattelân.

 

Om te sjen oft foar deselde fryskens fan dy wenkriten - en dęrmei de ferfryskjende eigenskippen fan de sosjale netwurken yn dy wenkriten - noch mear te sizzen is, kin sjoen wurde nei it oanlearen fan it Frysk as twadde taal dęre (sj. tabel 3a).

 


Tabel 3a            Frysk as twadde taal byleard, neffens wenkrite yn 1994 (yn %)

 

                                                                                                   T2        mei-inoar

(n)

 

Fryske plattelân sűnder forinzedoarpen                            59          (128)

Forinzedoarpen                                                                      51          (108)

Alde stęden                                                                             49          (102)

Nije stęden                                                                              48            (56)

Ljouwert                                                                                   45          (108)

It Bilt, East-Kollumerlân en de eilannen                            33            (27)

Stellingwerven                                                                        15            (75)

 

 

Fryslân mei-inoar                                                                   46          (604)      

chi-kw.=42,177 p<0,00000

 

Yn hiele Fryslân leart in lytse helte (46%) fan de net-Frysktaligen it Frysk as twadde taal by. Dat is hast tweintich persint fan de hiele befolking. Dyen op it Fryske plattelân sűnder forinzedoarpen hawwe dat foar mear as de helte (59%) dien, wylst de net-Frysktalige ynwenners fan de wenkriten nije stęden, forinzedoarpen en âlde stęden allegear om-ende-by de 50% sitte. Ek hjir is der gjin ferskil dat makket tusken de forinzedoarpen (51%) en de nije stęden (48%), mar ek de âlde stęden (49%) en Ljouwert (45%) sitte dęr oars net fier ôf. It ferskil mei it Fryske plattelân (59%) is relatyf grut. Foar de fanâlds minder Frysktalige gebieten lizze dy sifers mei 33% (It Bilt en sa) en 15% (Stellingwerven) gâns leger. Dizze útkomst fan minder skerpe űnderlinge ferskillen wiist wer yn in oare rjuchting dat de grutste skieding leit tusken it fanâlds minder Frysktalige plattelân en de rest fan de wenkriten.

As wy oannimme dat as it sosjale netwurk Frysker is en dęryn trochinoar faker Frysk praten wurdt, dat de behearsking fan it Frysk dan ek heger węze sil. Dy behearsking kin ôfmetten wurde as de relative behearsking fan it Frysk neffens it Nederlânsk. Oan alle twataligen is de fraach foarlein hokker taal sy makliker prate: Frysk, Nederlânsk of beide like maklik? De wenkriten binne oardere neffens de mjitte dat it Frysk makliker of like maklik as it Nederlânsk praten wurdt.

 


Tabel 3b            Frysk of Nederlânsk makliker prate kinnen, neffens wenkrite yn 1994 (yn %)

 

    Frysk      like      Neder-mei-inoar

maklik lânsk          (n)

 

Fryske plattelân sűnder forinzedoarpen                            70        26           4           (384)

Nije stęden                                                                              52        41           7             (92)

Forinzedoarpen                                                                      51        39         10           (163)

Alde stęden                                                                             48        35         17             (88)

Stellingwerven                                                                        63        17         20             (35)

Ljouwert                                                                                   44        34         22             (59)

It Bilt, East-Kollumerlân en de eilannen                            47        24         29             (17)

 

 

Fryslân mei-inoar                                                                   60        31           9           (838)

 

chi-kw.=67,362 p<0,00000

 

Fan alle twataligen yn Fryslân praat de oergrutte mearderheid (60+31=91%) it Frysk makliker of like maklik as it Nederlânsk. It hege oanpart fan de twatalige bewenners fan it Fryske plattelân bűten de forinzedoarpen dy't it Frysk makliker of like maklik as it Nederlânsk praat (70+26=96%) makket dy wenkrite ta de Frysktalige wenkrite by útstek. De relative taalbehearsking fan de ynwenners fan de nije stęden (52+41=93%) en de forinzedoarpen (51+39=90%) sitte yn somskoares en ek - mei om-en-de-by 40 persint - wat it oanpart ‘like maklik’ oanbelanget wer ticht byinoar. De twatalige befolking fan de âlde stęden (48+35=83%) en Ljouwert (44+34=78%) ferskilt no dochs wer aardich wat fan de twa foarneamde wenkriten. De Stellingwerven (63+17=80%) hat in heech oanpart makliker Frysk (63%) praten (faaks troch de Frysktalige doarpen yn Eaststellingwerf?), mar lykas by It Bilt (47+24=71%) binne it meast Frysktaligen dy’t Frysk prate kinne yn dy twa dielwenkriten en om dy reden maklik(er) Frysk prate kinne.

 


Alle foargeande skoares mei-inoar meitsje dúdlik dat twa wenkriten in útsprutsen karakter hawwe wat Fryskens oangiet. It Fryske plattelân sűnder forinzedoarpen is it meast Frysk en it fanâlds minder Frysktalige plattelân it minst Frysk. Dęr tuskenyn sitte wenkriten dy’t troch de ferfryskjende en űntfryskjende tendinzen net (mear) skerp fan inoar te skieden binne, mar yn syn algemienens frij Frysk binne. De forinzedoarpen en de nije stęden steane oan de kant fan it Frysktalige plattelân, de âlde stęden en Ljouwert steane dęr wat fierder fan ôf. It hinget wat fan de kritearia dy’t men stelle wol ôf, oft de âlde stęden al of net by de (meast) Frysktalige wenkriten rekkene wurde moatte (Dokkum en Frjentsjer komme dęr oars it earst foar yn de beneaming, sjoch tabel 1b). It oanpart fan de befolking dat yn in Frysktalige wenkrite wennet, hinget dęrmei bot ôf fan hoefolle taalheterogeniteit at men tastean wol foar in bepaalde fraachstelling. De ferfryskjende wurking fan de sosjale netwurken yn de nije stęden dogge net bot űnder foar dy fan it plattelân, en ek is dy wurking fan de âlde stęden mei Ljouwert ynbegrepen net te ferwaarloazjen. Wol moat by dy ferfryskjende wurking opmurken wurde dat Ljouwertr ek Frysker wurdt troch trek fan it plattelân nei dy stęd. Dat oanpart fan de befolking kin dęrom 36 persint węze (Frysktalich plattelân sűnder forinzedoarpen), 64 persint (mei forinzedoarpen en nije stęden), 77 persint (čn mei âlde stęden) of 89 persint (čn nochris mei Ljouwert).

 

2.2.3   Sprieding oer de wenkriten neffens skriftlike feardigens: Frysk lęze en skriuwe kinnen

Yn dit artikel rjochtsje ik my benammen op it műnlinge funksjonearjen fan it Frysk. It skriftlik funksjonearjen fan it Frysk yn de műnlige omgong hat dęr inkeld yndirekt ynfloed op. Dęrom mei it hjir net űntbrekke.

Oars as it prate kinnen kin it lęzen en benammen skriuwen yndividuëel wat fierder fan de taalachtergrűn ôf stean, dochs sille ek hjir hege persintaazjes yn wenkriten gearhingje mei hege persintaazjes fan de earste taal yn subparagraaf 2.2.1. Yn tabel 4 wurde beide skriftlike feardichheden geografysk ferlike tusken 1980 en 1994.

 

 

Tabel 4         De geografyske sprieding neffens Frysk lęze en skriuwe kinne (op syn minst frij aardich), 1980 ferlike mei 1994 (yn %)

 

jier                     lęze         (n)                  skriuwe    (n)

 

Fryske plattelân[xlvi]                  '80                      75       (584)                    14       (584)

(chi-kw. skriuwen=17,083)   '94                      72       (736)                    22[xlvii]     (736)

 

Alde stęden                             '80                      62       (127)                      9       (127)

                                                  '94                      62       (180)                    13       (180)

 

Ljouwert                                   '80                      56       (145)                       7       (145)

                                                  '94                      59       (163)                    14       (163)

 

Nije stęden                              '80                      56       (127)                      9       (128)

                                                  '94                      59       (138)                       9       (138)

 

It Bilt, East-Kollumerlân        '80                      53         (47)                      6         (47)

en de eilannen                       '94                      51         (39)                    15         (39)

 

Stellingwerven                       '80                      37         (95)                      5         (95)

                                                  '94                      33       (112)                       4       (112)

 

 

Fryslân                                     '80                      65     (1125)                    11     (1126)

(Chi-kw. skriuwen=20,859)  '94                      64     (1368)                    17     (1368)

 

Chi-kw. lęzen ’80=81,635 p<0,00000 en skriuwen ’80=12,195 p<0,03221

Chi-kw. lęzen en skriuwen ’94 resp.=75,572 en 40,212 p<0,00000

 


De feardigens yn it Frysk lęzen is sawol foar hiele Fryslân as foar elke wenkrite apart tusken 1980 en 1994 amper feroare. Trochinoar bliuwt de behearsking stabyl op sa’n twatredde fan de befolking (65-64%) hingjen. De feardigens fan it skriuwen is foar de hiele provinsje wol feroare fan 11 nei 17 persint, in signifkant ferskil dat benammen troch it Fryske plattelân feroarsake wurdt: fan 14 nei 22 persint. De persintaazjes foar de âlde stęden, Ljouwert en it Bilt en sa binne ek (wat) tanommen, mar de ferskillen binne net signifikant.

Skriftlike feardigens jout lykas de műnlinge feardigens ferskillen tusken de wenkriten űnderinoar te sjen, mar net deselde. As wy yn tabel 4 sjogge nei de útkomsten fan ’94 foar it lęzen, dan moat dęr in oare yndieling makke wurde as foar it ferstean (sjoch tabel 2). It Fryske plattelân hat in oanmerklik heger oanpart (72%) minsken dy’t Frysk lęze kinne as de wenkriten âlde stęden (62%), Ljouwert en de nije stęden (beide 59%). By it Bilt en sa en de Stellingwerven komt dat oanpart respektivelik op de helte (51%) en in treddepart (33%).

Foar it skriuwe kinnen binne ek dúdlike ferskillen neffens wenkrite oan te wizen, mar dy lizze noch wer ris oars as yn de foargeande yndielingen. Dat it Fryske plattelân wer it heechste skoart mei in oanpart fan 22 persint is net opmerklik, mar wol dat dęrnei It Bilt en sa dęr mei 15 persint opfolget. No moat fansels wol wer op ’e nij wiisd wurde op it lytse tal respondinten foar dy wenkrite dy’t dy útkomst wippelich makket. Minder wippelich binne de útkomsten foar Ljouwert (14%) en de âlde stęden (13%) dy’t heger skoare as de nije stęden (9%). Nei alle gedachten spylje by it skriuwen oare - persoanlike - eigenskippen mei as dy fan de direkte kontakten tusken persoanen binnen it sosjale netwurk. De Stellingwerven skoare ek hjir it leechste mei in te ferwaarloazjen oanpart fan 4 persint.

As de sifers fan 1980 en 1994 yn tabel 4a wer ferlykber makke wurde mei dy fan 1967 (Pietersen 1969) feroaret der net safolle oan it hjirfoar sketste byld.


 

Tabel 4a       De geografyske sprieding neffens Frysk lęze en skriuwe kinnen (op syn minst frij aardich) op it ferskil tusken stęd en plattelân, 1967 ferlike mei 1980 en 1994 (yn %)

 

jier                  lęze              (n)                 skriuwe       (n)

 

Fryske plattelân                      '67                      73       (495)                    14       (493)

(chi-kw. skri.’80/’94=11,595)'80                      74       (230)                    14       (230)

                                                  '94                      71       (324)                    25       (324)

 

It Bilt                                         '67                      71         (66)                    11         (66)

                                                  '80                      75         (16)                    13         (16)

                                                  '94                      79         (19)                    26         (19)

 

Nije stęden                              '67                      60       (105)                       8       (105)

                                                  '80                      56       (127)                       9       (128)

                                                  '94                      59       (138)                       9       (138)

 

Ljouwert                                   '67                      58       (134)                       7       (134)

                                                  '80                      56       (145)                       7       (145)

                                                  '94                      59       (163)                    14       (163)

 

 

Fryslân (11 gemeenten)       '67                      69       (800)                    12       (798)

(chi-kw. skri.’80/’94.=15,804)'80                     65       (518)                    10       (519)

                                                  '94                      66       (644)                    19       (644) 

chi-kw. lęzen ’67=15,727 p<0,00129

(sjoch chi-kw. ’80 en ’94 tabel 4)

 

It lęzen is hast folslein stabyl bleaun yn de űndersochte 27 jier. It oanpart dat no skriuwe kin is yn ferliking mei de foargeande tabel wat grutter wurden foar de útkeazen 11 gemeenten yn totaal (19%) en foar it Fryske plattelân (25%). Men soe oars ferwachtsje dat troch de ynbęding fan it Frysk yn it (basis)űnderwiis, krekt dy skriftlike feardichheden grutter wurden węze soenen. It docht bliken dat it net it gefal is. Yn de publikaasje oer de earste útkomsten die al bliken dat de produktive skriftlike feardigens earder gearhinget mei oplieding yn it algemien as in oplieding yn it Frysk.[xlviii]

 

 

2.3       Kontrôle op de műnlinge en skriftlike feardigens yn it Frysk troch de tiid hinne


Yn de foargeande paragrafen is al in ferliking fan de ferskillende feardichheden yn it Frysk troch de tiid hinne makke tusken ferskillende stekproeven. Omdat it represintative stekproeven binne fan hiele populaasjes, giet it dęrby om in ferliking op maatskiplik nivo.Yn dizze paragraaf meitsje wy in ferliking fan de feardichheden út 1980 en 1994 fan de 599 respondinten dy’t yn beide jierren meidien hawwe, in ferliking op persoanlik nivo. It is in groep dy’t net represintatyf foar de hiele befolking is, want it oanpart Frysktaligen fan de herhelle enkęte bestiet bygelyks út 60 persint[xlix]. Fanwegen it fuortfallen fan eardere respondinten troch migraasje, ferstjerren en oare non-respons is der in selekte groep oerbleaun foar űnderfreging. By it praten fan it Frysk ferlykje wy ek de relative behearsking fan it Frysk neffens it Nederlânsk.

 

De útkomsten fan de fjouwer feardichheden en de relative taalbehearsking jou ik yn de foarm fan fiif krústabellen. Nęst de gewoane presintaasje per sel fan de útkomsten fan de krusing fan rigele (1980) X kolom (l994) - dy’t ik hjir fierder gewurde lit -, is yn fet oanjűn hoe grut at it oanpart fan dy sel is op it totaal. De diagonaal fan fetsetten persintaazjes dy’t fan linksboppen nei rjochtsűnderen rint, jout de stabiliteit tusken 1980 en 1994 oan. Wy begjinne mei de stabiliteit fan de feardigens fan it Frysk ferstean yn tabel 5.

 

Tabel 5         Frysk ferstean kinnen (op syn minst frij aardich), kruse foar 1980 en 1994 (yn %)

 

1994

 

wol           net      mei-inoar

1980                                                                                                                     (n)

 

wol                                                                                            99             1        (579)

                                                                                                   96             1

 

net                                                                                             60          40           (20)

                                                                                                     2             1

 

 

mei-inoar                                                                                 98             3        (599)

 

(fetsetten sifers jouwe it oanpart yn persintaazjes fan in spesifike sel op alle sellen mei-inoar=100%)

chi-kw.=119,150 p<0,00000

 

Wat it ferstean kinnen fan it Frysk oangiet is der foar 97 persint fan deselde groep neat feroare: 96 persint hat it ferstean fan it Frysk fęstholden (1980: wol X 1994: wol) en 1 persint ferstiet it Frysk fjirtjin jier letter noch like min (1980: net X 1994: net). De feroaring is minimaal (1% soe it ferstean ferleard (1980: wol X 1994: net) en 2 persint soe it byleard (1980: net X 1994: wol) hawwe). Ek op it persoanlike nivo bestiet foar de feardigens ferstean stabiliteit. Foar dizze spesifike groep as gehiel komt it oanpart Frysk ferstean kinnen op 98 persint. De twa represintative stekproeven fan 1980 en 1994 hawwe beide 94 persint (sjoch tabel 2). It ferstean fan de sittende groep is sűnt 1980 grutter wurden, in ferfryskjende faktor[l]. Is dy faktor der ek foar it prate kinnen?

 


Tabel 6         Frysk prate kinnen (op syn minst frij aardich), kruse foar 1980 en 1994 (yn %)

 

1994

 

wol           net      mei-inoar

1980                                                                                                                     (n)

 

wol                                                                                            97             3        (476)

                                                                                                   77             3

 

net                                                                                             14          86        (123)

                                                                                                     3          18

 

 

mei-inoar                                                                                 80          20        (599)

 

chi-kw.=417,995 p<0,00000

 

De feroaringen by it prate kinnen binne wer hast like minimaal - en is de stabiliteit hast like grut - as by it ferstean kinnen: 95 persint  (77% wol X wol en 18% net X net ) hat it nivo fan 1980 hanthavene. It oanpart dat it ferleard (wol X net) en dat it byleard (net X wol) hat, kompensearje inoar: elk 3 persint. De sittende groep kin yn 1994 foar 80 persint Frysk prate en komt 7 persint heger út as de 73 persint fan de hiele stekproef fan 1980 (sjoch tabel 2).

Oan in twatalige dielgroep - de respondinten dy't sawol it Nederlânsk as it Frysk praten (op syn minst frij aardich) yn ’e macht hawwe - is de fraach steld hokker taal sy makliker prate (tabel 6a).

 

 


Tabel 6a            Frysk of Nederlânsk makliker prate kinnen, kruse foar 1980 en 1994 (yn %)

 

1994

Frysk          like      Neder-

1980                                                                                                      maklik lânsk

 

Frysk                                                                                         86        14            -           (271)

                                                                                                   50          8            -

 

like maklik                                                                                28        65           8           (116)

                                                                                                     7        16           2

 

Nederlânsk                                                                              10        24         65             (78)

                                                                                                     2          4         11

 

 

mei-inoar                                                                                 59        13         28           (465)

 

chi-kw.=362,393 p<0,00000

 

Foar 77 persint fan de twataligen (som fan de diagonaal 50% (1980: Frysk X 1994: Frysk), 16% (1980: like maklik X 1994: like maklik) en 11% (1980: Nederlânsk X 1994: Nederlânsk) hat der gjin feroaring west, wylst weromfal en foarútgong hast wer tsjininoar fuortfalle. It oanpart fan 8 persint dat yn 1980 it Frysk makliker prate mar dat it Frysk yn 1994 like maklik as it Nederlânsk brűkt, stiet tsjinoer it oanpart fan 7 persint dat earst it Nederlânsk like maklik as it Frysk prate, mar him fjirtjin jier letter makliker yn it Frysk rędt. De oare lege oanparten feroaring (1980: Frysk X 1994: Nederlânsk 0% en oarsom 2%, 1980: Nederlânsk X 1994: like maklik 4% en oarsom 2%) jouwe in hiele lytse foarútgong (4%) foar it Frysk prate kinnen te sjen. Foar de dielgroep fan twataligen is net sprake fan folsleine stabiliteit, mar ek dy hat gjin yngeande feroaring foar it Frysk prate kinnen űndergongen. Mei-inoar seit  yn 1994 59 persint makliker Frysk (folsleine stekproef 1980: 56%), 13 persint beide talen like maklik (folslein yn 1980: 18%) en 28 persint Nederlânsk (folslein 1980: 25%, Gorter-en-dy 1984: 340) prate te kinnen.

Sjoen de útkomsten fan de trije foargeande tabellen wurdt de stabiliteit fan de műnlinge behearsking fan it Frysk befęstige. Is dat ek sa mei de skriftlike feardigens? Wy begjinne mei it ‘Frysk lęze kinnen’ yn tabel 7.

 

 


Tabel 7         Frysk lęze kinnen (op syn minst frij aardich), kruse foar 1980 en 1994 (yn %)

 

1994

 

wol           net      mei-inoar

1980                                                                                                                     (n)

 

wol                                                                                            87          13        (409)

                                                                                                   60             9

 

net                                                                                             32          68        (189)

                                                                                                   10          21

 

 

mei-inoar                                                                                 70          30        (598)

 

chi-kw.=183,696 p<0,00000

 

In oanpart fan 81 persint (60% wol X wol en 21% net X net) is net feroare yn behearsking fan it Frysk lęzen. It oanpart fan de feroaringen komt op 19 persint, mar ek hjir falle tebekgong (9% wol X net) en foarútgong (10% net X wol) yn behearsking tsjininoar fuort. Stabiliteit is it resultaat, mar der ha wol ridlik grutte ynterne ferskowingen west. Faaks dat it skoaringsgedrach foar in minder frekwint gedrach wat űnwisser is as it frekwintere praten.Yn ferliking mei de folsleine stekproef fan 1980 dęr’t 65 persint (sjoch tabel 4) it Frysk lęzen fan yn ’e macht hie, stekt de 70 persint feardigens fan de sittende groep wer - lykas by de műnlinge feardigens - Frysker ôf.

Foar it Frysk skriuwen wie der op maatskiplik nivo sprake fan in foarútgong fan 11 nei 17 % (sjoch tabel 4). Dy sil ek werom te finen węze op it persoanlike nivo.

 


 

Tabel 8         Frysk skriuwe kinnen (op syn minst frij aardich), kruse foar 1980 en 1994 (yn %)

 

1994

 

wol           net      mei-inoar

1980                                                                                                                     (n)

 

wol                                                                                            72          28           (79)

                                                                                                   10             4

 

net                                                                                               9          91        (520)

                                                                                                     8          79

 

 

mei-inoar                                                                                 18          83        (599)

 

chi-kw.=187,817 p<0,00000

 

Ek wat it Frysk skriuwen oanbelanget is in grut oanpart (89%; 10% wol X wol en 79% net X net) net feroare yn behearsking. It oanpart fan de feroaringen by it skriuwe kinnen binne lytser as by it lęze kinnen. Dat soe sitte kinne yn it grutte oanpart dat seit net Frysk skriuwe te kinnen. Sa'n 12 persint is feroare: 4 persint koe yn 1980 neffens eigen sizzen wol Frysk skriuwe mar yn 1994 net mear, wylst 8 persint yn dy fjirtjin jier it Frysk byleard hat. Op it persoanlike nivo fan de selekte groep hat yn de skriuwfeardigens der per saldo in winst west fan 4 persint. Op maatskiplik nivo is it oanpart fan 11% oanwűn ta 17%: in winst fan 6 persint. By de trije oare feardichheden is konstatearre dat de selekte groep allinnich al troch syn oanpart Frysktaligen Frysker wurden wie as de folsleine stekproef fan 1980. De konklúzje moat węze dat de selekte groep trochinoar âlder is as de jongere folsleine stekproef. De jongere groep hat trochinoar in hegere oplieding en sil dęr mei dęrtroch mear Frysk skriuwe kinne as yn 1980, want it (Frysk) skriuwe kinnen hinget foar in grut part ôf fan de hichte fan de oplieding.

 

By einsluten kin fęststeld wurde dat de kontrôle op de műnlinge en de  skriftlike feardigens yn it Frysk troch de tiid hinne de eardere útkomsten oangeande de stabiliteit foar it ferstean, praten en lęzen fan it Frysk en in lytse foarútgong foar it skriuwen befęstigje.

 


2.4       Ofsluting

 

It Fryske plattelân foarme oant de twadde helte fan de 20ste ieu in fierhinne homogeen Frysktalich gebiet, de oare gebieten hienen altiten al in grut oanpart net-Frysktaligen. De útkomsten fan de taalsurveys út 1994, 1980 en foar in part 1967 litte sjen dat der nei dy tiid noch altiten ferskillen tusken ferskillende wenkriten besteane, mar dat de skerpste kantsjes derôf binne. Koenen yn 1967 de bewenners fan it Fryske plattelân noch foar mear as njoggentich persint Frysk prate, yn 1994 lűkt dat persintaazje, en dan benammen yn de súdlike Greidhoeke en de súdlike Wâlden,  nei om de tachtich ta. De tendins is sűnt begjin tachtiger jierren yn de stęden krekt de oare kant út; it Frysk wint dęr trochinoar mei in pear persint oan en de nije stęden komme hast ek by de tachtich persint fan it Frysktalige plattelân út. In spesifyk diel fan de plattelânswenkrite dy't tusken Fryske plattelân en nije stęd yn sit, binne de forinzedoarpen. Krekt hjirre is it delgean fan it oanpart Frysk - oant űnder de tachtich persint Frysk prate kinnen - op it plattelân it meast te merken. Ek al binne de taalferhâldingen foar it Frysk oer it gehiel net hiel bot wizige - dy is sels yn de perioade 1980-1994 (op in lytse foarútgong fan it skriuwen nei) stabyl bleaun -, it trochinoar wenjen op it Fryske plattelân en yn de stęden hat sűnt de lęste desennia trochsetten. Yn de minder Frysktalige wenkriten kin in minderheid Frysk prate.

De geografyske sprieding fan de oare feardichheden foar it Frysk as ferstean, lęze en skriuwe kinnen hingje foar it measte part gear mei dy fan de sprieding fan it (fan hűs út) prate kinnen. It Fryske plattelân skoart fierwei it heechste mei ferstean (hast rűnom hűndert persint), lęze (trijefearn) en skriuwe (in fearn) kinnen. De nije stęden en de forinzedoarpen űntrinne inoar net safolle mei it hast folslein ferstean, in goede mearderheid it lęze en in lytse minderheid it skriuwe kinnen. De âlde stęden en Ljouwert wike eins net fan de twa foarneamde wenkriten ôf. Inkeld it ferstean leit wat leger mei hast in tsiendepart dy’t dat net kin. In dúdlike brek leit der mei de minder Frysktalige wenkriten, útsein it Bilt dat net bot ôfwykt fan de Fryske wenkriten. Yn de Stellingwerven ferstiet trochinoar mear as tweintich persint gjin Frysk, kin mear as de helte it Frysk net lęze en is it in hiele lytse minderheid dy't dy taal skriuwe kin. De stabiliteit dy’t foar de maatskippij as gehiel oantroffen is, wurdt op it persoanlike nivo befęstige.

It hat bliken dien út de aktuële útkomsten dat mei it each op fierder űndersyk of tapassingen foar taalbelied, der oanlieding węze kin - ôfhingjend fan de fraachstelling - om in oare geögrafyske yndieling yn wenkriten te kiezen as foarhinne. De oanname dat it oanpart Frysk yn de stęd frijwat lytser is as op it plattelân moat hieltiten fierder nuansearre wurde, omdat de tendins fan heterogenisearring trochset. Sadwaande wurdt de stęd Frysker en it plattelân minder Frysk. De grutste tsjinstelling komt hieltiten mear te lizzen tusken de râne fan Fryslân mei de fanâlds minder Frysktalige gebieten (Stellingwerven, Waadeilannen, It Bilt en East-Kollumerlân) en it Frysktalich gebiet (stęden en plattelân).


Literatuer

Bloemhoff, H. (1998)

De Stellingwerf

 

Bremmer, R. H. (1997)

‘Het ontstaan van het Fries en het Hollands’. Yn: Ph. Breuker en E. Jansse (Red),  Negen eeuwen Friesland - Holland; geschiedenis van een haat-liefdeverhouding. Zutphen,  1997: pp. 67-76.

 

Boelens, Kr. en J. van der Veen (1956)

De taal van het schoolkind in Friesland. Leeuwarden.

 

Boissevain, J. (1988)

'Social Network.' Yn: Ammon, U., N. Dittmar en K.J. Mattheier

(Red.) Sociolinguistics/Soziolinguistik, I, Berlin/New York, s.164-169.

 

Gorter, D. (1985), De taalsituaasje yn de gemeente It Hearrenfean. Ljouwert.

 

Bree, C. van (1997)

‘Hollandse invloed in Friesland’ Yn: Ph. Breuker en E. Jansse (Red),  Negen eeuwen Friesland - Holland; geschiedenis van een haat-liefdeverhouding. Zutphen,  1997: pp. 120-133.

 

Encyclopedie van Friesland (1958)

Gearstald troch J.H. Brouwer, J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma. Amsterdam/Brussel.

 

Fishman, J. (1965)

“Who Speaks What Language to Whom and When” Yn: La Linguistique I, pp. 67-88.

 

Gorter, D. (1985)

De taalsituaasje yn de gemeente It Hearrenfean: in űndersyk nei it hâlden en dragen foar it Frysk oer fan de befolking. Ljouwert.

 

Gorter, D., G.H. Jelsma, P.H. van der Plank en K. De Vos (1984)

Taal yn Fryslân: in űndersyk nei taalgedrach en taalhâlding yn Fryslân. Ljouwert.

 

Gorter, D. en R.J.Jonkman (1995)

Taal yn Fryslân op ’e nij besjoen. Ljouwert.

 

Gorter, D. en R.J. Jonkman (1993)

‘Enkele veranderingsprocessen binnen de taalverhoudingen in Friesland.’ Yn: Huls, E. en J. Klatter-Folmer (samlers), Artikelen van de Tweede Sociolinguďstische Conferentie. Delft, pp. 217-228.

 

Jonkman, R.J. (1993a)


'Wat seit in namme? of oer it bestean fan it 'Leewarders' en it 'Frysk'.' Yn: Tydskrift foar Fryske Taalkunde 8 (tsjillingnűmer foar Tony Feitsma), pp. s. 63-71.

 

Jonkman, R.J. (1993b)

It Leewarders: In taalsosjologysk űndersyk nei it Stedsk yn ferhâlding ta it Nederlânsk en it Frysk yn Ljouwert. Ljouwert.

 

Jonkman, R.J. (1997)

‘Op weg van onderschikking naar nevenschikking: gewijzigde verhoudingen tussen het Fries en het Nederlands sinds de Franse Tijd’.  Yn: Ph. Breuker en E. Jansse (Red),  Negen eeuwen Friesland - Holland; geschiedenis van een haat-liefdeverhouding. Zutphen,  1997: pp.

 

Kooij, P., Stadsgeschiedenis. Zutphen 1989.

 

Provinciaal Almenak van Friesland 1995

 

Pietersen, L. (1969)

De Friezen en hun taal. Leeuwarden.

 

Siewert, H.J. (1988)

'Stadt - Land.' Yn: Ammon, U., N. Dittmar en K.J. Mattheier

(Red.) Sociolinguistics/Soziolinguistik, I, Berlin/New York, s.178-182.

 

Vaart, J.H.P. van der (1988)

"Och, alles feroaret, wy ek": In űndersyk nei de ynfloed fan it provinsjaal romtlik oarderingsbelied op in węzenlik űnderdiel fan it kultuerpatroan yn Fryslân: it doarp. Ljouwert.

 

Ytsma, J. (1989)

'Migraasje en taalferhâldingen'. Ljouwert.

 

Zondag, K. (1996)

De taalkaart fan Frjentsjerteradiel. Frjentsjer.

 


Noaten

 

 



[i]. Pietersen 1969

[ii]. Gorter-en-dy 1984

[iii]. Op kommendeweis is in artikel fan myn hân oer hoe’t Frysk taalgedrach gearhinget mei de geögrafyske sprieding fan it Frysk.

[iv]. Gorter en Jonkman 1995

[v].­ De metoade fan it survey- of enkęteűndersyk mei foarkodearre antwurmooglikheden is de oanwiisde metoade foar ditsoarte fan grutskalich en represintatyf űndersyk, omdat dy kwantitative metoade it mooglik makket - yn kombinaasje mei in aselekte stekproef - op in relatyf maklike en betroubere wize in grutte populaasje te űndersykjen. In neidiel soe węze kinne dat de útkomsten basearre binne op rapportaazjes fan de respondinten oer eigen taalbehearsking en -gedrach, net op feitlike waarnimmingen dęrfan. By de ynterpretaasje fan de útkomsten moat men jin der bewust fan węze dat minsken harren eigen gedrach (űn)bewust positiver of negativer foarstelle kinne as dat dat yn werklikheid is. (Sjoch fierder Gorter en Jonkman 1995: 5-6)

[vi]. Bremmer 1997: 69-73.

[vii]. Jonkman 1993a

[viii]. Jonkman 1993b

[ix]. Sjoch ek Van Bree 1997

[x]. Boelens en Van der Veen 1956.

[xi]. Sjoch ek Jonkman 1997.

[xii]. Van der Vaart 1988.

[xiii]. Ibidem 176-179.

[xiv]. Ytsma 1989.

[xv]. Ibidem 26-27.

[xvi]. Van der Vaart 1988: 173-174.

[xvii]. Encyclopedie van Friesland 1958.

[xviii]. Provinciale Almenak van Friesland 1970 resp.1995.

[xix]. Gorter-en-dy 1984: 10.

 

[xx]. Kooij 1989: 8.

[xxi]. Kallmeyer‑en‑dy 1982: 345‑346.

[xxii]. Boissevain 1988.

[xxiii]. Siewert 1988.

[xxiv]. Fishman 1965:67-89.

[xxv]. Gorter-en-dy 1984: 3.

[xxvi]. Gorter en Jonkman 1995: 5 en 65.

[xxvii]. Sjoch bgl. Gorter-en-dy 1984: 181-182.

[xxviii]. Ferlykje 48 persint Frysk op It Hearrenfean fan Gorter 1985: 11.

[xxix]. Sifers út in telefoanyske enkęte fan de streekkrante ‘Stellingwerf’ begjin 1998 jouwe ferlykbere sifers foar Weststellingwerf (sjoch ek Bloemhoff 1998 en Jonkman 1998).

[xxx]. Ferlykje 26 persint Frysk, 49 persint Nederlânsk en 23 persint Stedsk yn Ljouwert fan Jonkman (1993: 103).

[xxxi]. By dat lege persintaazje moat wol betocht wurde dat bűtenlanners dy't gjin Frysk of Nederlânsk prate koenen, net oan it űndersyk mei dien hawwe.

[xxxii]. Van der Vaart 1988.

[xxxiii]. De sifers fan '80 komme út Gorter-en-dy 1984 (s.14) wei, inkeld it totaalpersintaazje (stęden) foar Frysk is korrizjearre (42% moast 40% węze).

[xxxiv]. Fan dy âlden sei 37 persint it Frysk as memmetaal te praten en 16 persint in kombinaasje fan Frysk mei Nederlânsk of mei Stedsk, of in kombinaasje fan Stedsk mei Nederlânsk. As in helte fan dy kombinaasje (=8%) Frysk is dan komt it oanpart Frysk op 45 persint (Zondag 1996).

[xxxv]. Gorter-en-dy 1984:14.

[xxxvi]. Jonkman 1993: 103.

[xxxvii]. Fierdere opsplitsing fan it Fryske plattelân smyt inkeld in signifikant ferskil foar it praten yn de súdlike Wâlden op: yn 1980 koe 92% (n=82) Frysk prate, yn 1994 wie dat 79% (n=104) (chi-kw.=5,546 p<0,01852).

[xxxviii]. De begripen 'Stęd' en 'Plattelân' hawwe hjir in oare ynhâld as foar Pietersen. 'Stęd' hold foar Pietersen yn de stedsgemeente Ljouwert en de twa "ferstedske" gemeenten Smellingerlân en Hearrenfean (yn harren gehiel; dat yn tsjinstelling mei wat hij dęr oer seit yn syn boek Pietersen 1969: 15) yn syn stekproef fan 11 gemeenten. 'Plattelân' binne de acht oare gemeenten: Baarderadiel, 't Bilt, Dantumadiel, Doanjewerstal, Haskerlân, Eastdongeradiel, Tytsjerksteradiel en Wymbritseradiel. Wy hawwe de ferstedske gemeenten opdield yn stęd en plattelân. De doarpen fan Hearrenfean en Smellingerlân, mar ek de doarpen fan Ljouwert binne yn de nije yndieling by it plattelân rekkene.

[xxxix]. Ferlykje foar it ferstean bűtendoarpen Hearrenfean 97%, foar it praten 84% (Gorter 1985: 23).

[xl]. Ferlykje foar it ferstean It Hearrenfean 95%, foar it praten 70% (Gorter 1985: 23).

[xli]. It giet hjir om 10 selektearre gemeenten, mar om’t der gjin grutte ferskillen wienen tusken de ferskillende Frysktalige dielwenkriten kin de konklúzje wol foar it hiele Frysktalige plattelân jilde.

[xlii]. Feanwâlden, Burgum, Hurdegaryp, Tytsjerk, Gytsjerk, Oentsjerk, De Jouwer, Sint Nyk,Ysbrechtum, Mantgum, Goutum, Stiens, Britsum, Marssum, Menaam, Dronryp, Mullum, Grou, Reduzum, Makkum, Drylts, Balk, De Lemmer, Kollum, Bűtenpost, Oerterp, Beetstersweach en De Gordyk.

[xliii]. Gorter-en-dy 1984: 12.

[xliv]. Feanwâlden, Burgum, Hurdegaryp, Tytsjerk, Gytsjerk, Oentsjerk, De Jouwer, Sint Nyk,Ysbrechtum, Mantgum en Goutum.

[xlv]. Foar it krijen fan ynsjoch yn de ferskillende achtergrűnen fan de geografyske sprieding oer de wenkriten folget hjir noch de achtergrűnfariabele fan it berteplak neffens de boppesteande yndieling.

 

Tabel                  Berteplak, neffens wenkrite yn 1994 (yn %)

 

 

yn               bűten

Fryslân      Fryslân

 

Fryske plattelân sűnder forinzedoarpen                            83          17        (497)

Alde stęden                                                                             78          23        (178)

Nije stęden                                                                              75          25        (138)

Stellingwerven                                                                        73          27        (112)

Forinzedoarpen                                                                      72          28        (236)

Ljouwert                                                                                   70          30        (163)

It Bilt, East-Kollumerlân en de eilannen                            69          31           (39)

 

 

 

Fryslân mei-inoar                                                                   77          23      (1363)

 

 

Chi-kw.=21,460 p<0,00152

 

It oanpart allochtoanen (minsken berne bűten Fryslân) yn Fryslân is mei 23% likernôch itselde bleaun as de 24% fan 1980 (Gorter-en-dy 1984: 22). De 17% fan it Fryske plattelân sűnder forinzedoarpen rint der it measte nei űnderen ta út. De 30% fan Ljouwert wykt nei boppen ta it fierste ôf fan it trochsneed (tal fan it Bilt en sa is wer te leech om betrouber te węzen). De oare wenkriten lizze trochinoar net safolle fan inoar ôf.

[xlvi]. De oanparten foar it lęzen en it skriuwen geane foar it kleare plattelân respektivelik noch wat omheech oant 75 en 26%. De forinzedoarpen skoare oars sels mei 67% it Frysk lęze kinnen en 15% it skriuwe kinnen oan de hege kant.

[xlvii].Fierdere opsplitsing fan it Fryske plattelân wiist út dat it signifikant ferskil benammen troch de súdlike Greidhoeke - de 10% (n=126) fan 1980 wint oan ta 24% (n=162) yn '94 (chi-kw.=8,397 p<0,00376)- en de noardlike Wâlden - hjir groeit oer deselde jierren it oanpart fan 11% (n=187) oan ta 21% (n=218) (chi-kw.=7,990 p<0,00470) - ta stân brocht wurdt.

[xlviii]. Gorter en Jonkman 1995: 70. Yn 1994 seit 16 persint fan de Frysktaligen mei op ’en heechsten lbo dat se Frysk skriuwe kinne, foar Frysktaligen mei mavo of mulo is dat 26 persint, foar dyen mei havo, mbo of atheneum 34 persint en mei hbo of universiteit 47 persint. Yn ferliking mei 1980 hat it oanpart Frysktaligen mei in hegere oplieding op it hiele skift bot oanwűn. Neiere berekkeningen litte sjen dat yn 1980 it oanpart fan de Frysktaligen mei in oplieding fan havo of heger 11 persint is, yn 1994 38 persint.

[xlix]. Gorter en Jonkman 1995b.

[l]. Sjoch ek Gorter en Jonkman 1995.


Taalgedrach yn Fryslân besjoen neffens it begryp ‘taalhabitus’

 

Reitze J. Jonkman

 

Summary

This article describes  in detail the patterns of language behaviour in Fryslân  in informal and formal settings with reference to the theoretical notion of Bourdieu’s concept of ‘linguistic habitus’. This habitus is modulated by the power relations between the language groups of Frisian, Dutch and regional variety speakers. These asymmetric relations  generally force the speakers of the minority varieties to converge in language behaviour to the dominant Dutch speakers. By presenting the language use going from the three language groups it shows that the use of the first language is the highest in the (former) homesituation for all groups, which is lowering in the informal settings of daily contacts outside the homesituation, also for the dominant group. The Frisian speaking regions (countryside and the so-called ‘new towns’) make that there is a habitus for a lot of Dutch speakers and even more for regional variety speakers to converge to Frisian in the daily contacts. In the less regular contacts in more formal settings an increase in use of Dutch and a decrease in use of Frisian and the regional varieties is shown. All the same the percentages of Frisian language behaviour by native speakers of Frisian remain high in these settings, especially in the Frisian speaking regions. The non-native speakers of Frisian use in the formal settings more Dutch than in the informal daily contacts. Converging in language behaviour to the Frisian language group identity is in this formal situation less important for them.

 

 

1. Ynlieding

 

De behearsking fan it Frysk yn Fryslân is yn 1994 neffens de tachtiger jierren lyk bleaun, mar it brűken fan it Frysk is (wat) tebekrűn. Dat wienen de wichtichtste útkomsten fan de earste rapportaazje fan de lęste grutskalige en represintative survey oer de meartalige situaasje fan Fryslân.[1] De útkomsten oer de taalbehearsking, it taalgedrach en de taalhâlding wiene dęrmei foarriedich presintearre. De klam lei dęrby op de űntjouwing troch de tiid hinne: 1994 waard ferlike mei 1980 en 1967 troch respektivelik werom te gripen op Taal yn Fryslân[2] en De Friezen en hun taal[3].  Dęrnęst binne yn ferskillende artikels en lęzingen oare útkomsten fan 1994 oer taaloerdracht, migraasje en twadde-taalwinning[4], taalgedrach[5] en geografyske sprieding[6] buorkundich makke. Yn dit artikel sil no it taalgedrach fan 1994 yn in teoretysk ramt set en  fierder útdjippe wurde. De útwurking fan de probleemstelling sil liede ta in wiidweidigere beskriuwing fan it taalgedrach yn Fryslân.

Foar it grutte surveyűndersyk nei de taalsosjologyske situaasje is yn 1994 in represintative stekproef út de hiele befolking fan Fryslân nommen. Der is dęrby keazen foar de metoade fan it survey- of enkęteűndersyk mei foarkodearre antwurdmooglikheden; de oanwiisde metoade foar ditsoarte fan grutskalich en represintatyf űndersyk, omdat dy kwantitative metoade it mooglik makket om - yn kombinaasje mei in aselekte stekproef - op in relatyf maklike en betroubere wize in grutte populaasje te űndersykjen. In neidiel fan dy metoade is dat de útkomsten basearre binne op rapportaazjes fan de respondinten oer eigen taalbehearsking en -gedrach, net op feitlike waarnimmingen dęrfan. By de ynterpretaasje fan de útkomsten moat men jin der bewust fan węze dat minsken harren eigen gedrach (űn)bewust positiver of negativer foarstelle kinne as dat dat yn werklikheid is.


1.1 Teoretyske útgongspunten

 

Achterinoar folgje in pear algemiene útgongspunten oer de analyze fan it taalgedrach  út it makro‑ en mikro‑perspektyf wei. De idee is dat beide nivo's op inoar ynwurkje.

It útgongspunt fan de analyze fan taalgedrach  út it makro‑perspektyf wei is de omskriuwing fan in taalminderheid as in sosjale groep.[7] De posysje fan de Frysktaligen as minderheidsgroep is te begripen binnen de taalferhâldingen yn Nederlân as gehiel. Troch de skiednis hinne binne de Nederlânsktaligen yn de Nederlânske steat de dominante taalgoep wurden en de Frysktaligen de minderheidstaalgroep. De taalgroepen en de talen steane tsjintwurdich yn in sosjaal‑hiërargyske oarder ta inoar.[8] De Nederlânsktaligen hawwe as taalgroep mear macht. Macht kin yn dit ferbân omskreaun wurde as elke mooglikheid om binnen in sosjale relaasje de wil troch te setten, ek tsjin wjerstân yn. Dęrby docht it der net ta węr't dy mooglikheid op basearre is.[9] Nederlânsk taalgedrach leit troch de machtsposysje fan de Nederlânske taalgroep in strukturele sosjale druk op Frysk taalgedrach. Der bestiet altiten de druk dat Nederlânsk taalgedrach (lang om let) ôftwongen wurde kin.

De sosjale (taal)macht ôflaat fan de makro‑maatskiplike ferhâldingen tusken groepen is in abstrakteren ien, dy’t los stiet fan de macht fan in yndividu dy't beręst op dy syn eigen sosjaal‑ekonomyske status.[10] Ek foar de sosjale stratifikaasje is oars fęststeld dat de Frysktaligen trochinoar in leger plak hawwe as de Nederlânsktaligen.[11] It is lykwols net sa dat de Frysktaligen lykas sosjolektsprekkers hast inkeld ta de űnderste strata hearre.[12] It ferskil yn útwurking tusken sosjale taalmacht en yndividuële sosjale status kin oantsjutten wurde mei it foarbyld fan de taalkar yn de asymmetryske relaasje tusken dokter en pasjint dy't elk by in oare taalgroep hearre. In Nederlânsktalige dokter beynfloedet de taalkar fan de pasjint mei in legere status op it sprekoere net op it foarste plak troch syn yndividuële sosjale posysje. It groepslidmaatskip op grűn fan taal mei de dęr oan ferbűne sosjale macht fan de dokter leit it measte gewicht yn 'e skealjes. In Frysktalige dokter hat wat it taalgedrach oanbelanget foar in Nederlânsktalige pasjint ommers folle minder by te setten, ek al hat dy Nederlânsktalige pasjint inselde relatyf legere status as de Frysktalige pasjint. De Nederlânsktalige pasjint kin fan in Frysktalige dokter easkje dat dy Nederlânsk tsjin him praat. In Frysktalige pasjint sil ‑ as er him al net fan te foaren oanpast ‑ der net oer tinke om fan de Nederlânsktalige dokter te fergjen dat dy Frysk werompraat. In heger prestiizje fan it Nederlânsk hat dus net op it foarste plak mei de (persoanlike) status út te stean, mar mei it ferskil yn sosjale macht yn de hiele Nederlânske maatskippij.

Op grűn fan dy űngelikense machtsferhâldingen tusken de taalgroepen op makronivo, hat in yndividu dat lid is fan de machtichste taalgroep in grut foardiel by it űnderhanneljen oer de taalkar op mikronivo. Bourdieu[13] leit mei de begripen 'linguistic market' (oftewol 'taalmerk') en 'linguistic habitus' (oftewol 'taalhabitus') in ferbining tusken beide nivo's. 'Merken' binne neffens Bourdieu plakken dęr't yndividuën fia konkurrinsje en kompetysje dwaande binne om har posysje te behâlden of te ferwikseljen. It fermogen fan dy aktoaren om oan de kompetysje mei te dwaan, hinget ôf fan it ‘kaptaal’ dat se ynbringe kinne. It giet dęrby net inkeld om kaptaal yn de foarm fan stoflik besit, mar űnder oaren ek om kultureel kaptaal (kennis, feardichheden, kwalifikaasjes) en symboalysk kaptaal (oansjen, eare en status). Op de taalmerk is de taalfeardigens yn ien of mear talen it ‘taalkaptaal’. Ek it lid-węzen fan in dominante taalgroep kin as taalkaptaal sjoen wurde.    


Taalfariëteiten bewege har op allerhanne spesifike merken en de eigenskippen fan dy merken jouwe in beskate wearde oan dy taalfariëteiten. Guon fariëteiten wurde mear wurdearre as oaren. It is diel fan de praktyske feardigens fan sprekkers om te witten wannear't, węr't en hoe't foar de iene ynstee fan de oare taal keazen wurde moat om foar harsels "winst" te heljen út it kontakt of gjin "skea" op te rinnen. Yn in twatalich gebiet is dy praktyske feardigens űngelyk ferdield. Net elkenien kin twa talen (likegoed) prate. De sprieding fan it taalkaptaal is in oanwizing foar de sprieding fan oare soarten fan kaptaal dy't mei‑inoar it plak fan immen op de sosjale ljedder beskiede.

Der moat hjir wol dúdlik sein wurde dat Bourdieu mei syn terminology net bedoelt dat allerhanne ekonomysje driuwfearren yn beheinde sin taalgedrach beskiede, mar Bourdieu syn gebrűk fan dy ekonomyske oantsjuttingen suggerearje wol dat it gedrach op de taalmerk in logika hat as yn ekonomyske sin; immen nimt in strategy oan foar it oanlearen en it brűken fan in taalfariëteit dy't as doel hat om in beskate soarte fan winst (dy't earder symboalysk as ekonomysk węze kin) binnen te heljen. Men kin wat mei dy taalfariëteit dwaan. Om it hiel simpel te sizzen: it oanlearen fan it Nederlânsk smyt benammen ekonomyske foardielen op en hat dęrtroch in heech prestiizje, it oanlearen fan it Frysk jout op it foarste plak tagong ta de Frysktalige mienskip yn benammen de Fryske wenkrite en kin bydrage oan in spesifike positive identiteit. Merken kinne in gruttere of lytsere mjitte fan autonomy hawwe dy’t los steane fan de ekonomyske produksjemerk. Dat wol sizze dat Fryske taalfeardigens in symboalysk kaptaal fertsjintwurdigje kin op de sosjo‑kulturele merk, wylst dat kaptaal op de ekonomyske merk minder wurdearre wurdt. Tagelyk fertsjintwurdiget Nederlânske taalfeardigens in symboalysk kaptaal op beide merken.

By de analyze fan taalgedrach leit Bourdieu de klam op de kompetysje[14], dat wol sizze op it űnderhanneljen by de taalkar, dat oanstjoerd wurdt troch de 'taalhabitus'. Dat lęste begryp  ‑ dat net samar mei ien wurd as 'taalgewoante' of 'taalynstelling' oerset  wurde kin ‑ stiet foar in samling fan konstante mar te feroarjen ynstellingen om op objekten te reägearjen ('disposysjes'). Minsken hawwe om samar te sizzen oanstriid om op in fęststeande wize op situaasjes yn te gean. De ynstellingen dęr't dy oanstriid út bestiet, jouwe waarnimmingen, wurdearringen  en hannelingen yn dy't “wenstich” binne foar dy persoan. Se binne net tafallich ta stân kommen, mar hawwe streekrjocht te krijen mei wat Bourdieu 'de logika fan de praktyk' neamt. De ynstellingen wurde út dy logika wei as bern oanleard of, om samar te sizzen, "ynprinte" en wurde ta in twadde natuer. Dy ynstellingen wjerspegelje ek de sosjale posysje fan de âlden en dy harren maatskiplike oriďntaasje. De taalhabitus jout in praktysk hâldfęst foar hoe te hanneljen en te reägearjen yn it libben fan al den dei.

De Frysktaligen as leden fan in sosjale minderheidsgroep is troch de logika fan de asymmetryske praktyk yn taalmacht fan jongs ôf oan ynprinte om harren oan te passen by de Nederlânsktaligen. It is foar in grut part fanselssprekkend en ta in űnbewust automatisme wurden.[15] It jout ek in oanwizing foar wat foar dy persoan (yn earste ynstânsje) gaadlik taalgedrach is. De gaadlikens fan de taalkar is in min ofte mear yntuďtive ynskatting ‑ út de taalhabitus wei ‑  fan węr't winst foar in persoan te heljen is. It oansluting sykjen by de (ferwachte) taalgroepsidentiteit fan de oansprutsen persoan[16] yn in beskate setting kin in (űnbewuste) űnderhannelingsstrategy węze om in petear sa foardielich mooglik ferrinne te litten. As der yn it oanbelangjende kontakt net oansluting socht wurde soe by de dominante taalgroepsidentiteit, soe der sprake węze kinne fan űngaadlik gedrach. Troch 'selssensuer'[17] kinne mooglike sosjale sanksjes dy't ferlies as gefolch hawwe kinne, tefoaren kommen wurde. Oan de oare kant kin soms krekt troch bewuste ôfwiking fan wat op de iene merk as wenstich taalgedrach sjoen wurdt, op in oare merk winst opsmite.


In spesifikaasje fan dy taalhabitus kin men jaan yn de foarm fan noarmen foar taalgedrach op it mikronivo. Gorter[18] hat - basearre op Myers‑Scotton[19] - foar it beskriuwen fan taalgedrach fjouwer regels opsteld dy't ferskillende noarmen foar űnmarkearre (dat wol sizze ferwachte) taalgedrach yn de twatalige situaasje fan Fryslân[20] oanjouwe. Dęr kin ien abstrakte algemienere noarm mei trije alternativen fan ôflaat wurde.

Noarm [a]: Nederlânsk is de mienskiplike taal foar elkenien hat yn it ferline wol fan tapassing west, mar dat is tsjintwurdich net mear of minder it gefal. It bliuwt lykwols wol in noarm dęr't altiten op weromgrepen wurde kin (ferlykje it foarbyld fan de taalkar tusken dokter en pasjint).

Noarm [b]: elkenien mei de eigen taal brűke falt yn de measte gefallen ôf, omdat it feit dat de oansprutsen persoan net Frysk werompraat faak in te hege drompel is. Dat liedt ta de neikommende noarm.

Noarm [c]: Frysktaligen moatte Nederlânsk prate tsjin de Nederlânsktaligen en Frysk tsjin de Frysktaligen. Dy regel hâldt in wikseljen en in oanpassing fan taalgedrach troch de Frysktaligen yn. (Ientalich) Nederlânsktaligen hoege har net oan te passen. Yn in gruttere groep kin dat boppedat de konsekwinsje hawwe dat der noch in fjirde noarm is.

Noarm [d]: In sprekker sil him yn selskip oanpasse moatte oan de fiertaal fan it petear' Dat kin wer ynhâlde dat der by oanwęzigens fan (tefolle) Nederlânsktaligen (hast) gjin Frysk praten wurdt. 

Noarm [a] mei dan wol net mear algemien fan tapassing węze, dochs kin er alle trije oare noarmen te boppen gean. De foarkar om yn it Frysk te begjinnen moat al foar in part yn de taalhabitus fan in persoan ferankere węze troch de gewoante om Frysk te praten, troch in gruttere feardigens yn it Frysk as yn it Nederlânsk en/of troch it klam jaan wollen fan de eigen, Fryske taalgroepsidentiteit.

De foargeande abstraktere maatskiplike analyze neffens noarmen gong yn de folchoarder fan makro (noarm a en b) nei mikro (noarm c en d) ta. Foar de konkretere yndividuële taalkarstrategyen mei űnmarkearre taalgedrach as doel draaie wy de folchoarder om. De maatskiplike noarmen wurde op dy wize omsetten yn strategyen foar yndividueel taalgedrach en wurde troch my - yn grutte halen - as hearrend by de taalhabitus fan de trochsneed Frysktalige beskôge.

 

1.         Oanslute by (ynskatten) taalachtergrűn/‑behearsking oansprutsen persoan (ferl. [c]);

2.         Oanslute by fiertaal fan rinnend petear (ferl. [d])

3.         Oanslute by ynstitusjonalisearre gebrűk (ferl. [a])

 

By strategy 1 reägearret de peteardielnimmer op de taalachtergrűn oftewol taalgroepsidentiteit fan in persoan,

by strategy 2 op de brűkte taal tusken mear persoanen betreklik los fan de taalgroepsidentiteiten fan de oanwęzige persoanen en

by strategy 3 op in ynsliten gewoante. Dat lęste hoecht oars net allinnich op te gean foar formele settings mei mear dielnimmers. It kin ek gean om de ynterpersoanlike skiednis binnen it persoanlike netwurk: der is in fęstlizzende (persoansbűne) relaasje yn it Frysk of yn it Nederlânsk űntstien. Dy relaasje kin yn in ynformele en/of yn in formele setting ta stân kommen węze mei it ôftaasten fan inoars taalgroepsidentiteit.

De oanhelle noarmen foar oanslutend taalgedrach jouwe ynsjoch yn de taalhabitus fan de measte Frysktaligen. Sy hawwe harren oansletten by wat de logika fan de praktyk yn harren sosjale netwurk en wenkrite harren leard hat. It smyt it wenstige taalgedrach of, yn de termen fan Myers‑Scotton, ‘űnmarkearre’ Frysk taalgedrach op: at de oar ek Frysk praat, de fiertaal yn de groep (mei) Frysk is en at der in gewoantefoarming west hat om by beskate gelegenheden (ek) Frysk te brűken.


Foar de folsleinens neam ik ek noch in taalstrategy dy’t faak ta markearre taalgedrach liedt, in strategy om jin net űnder de besteande ferhâldingen del te jaan: Frysk prate tsjin elkenien dy't it ferstiet (ferl. [b]). Troch mei sin Frysk te praten tsjin de oare peteardielnimmer dy't Nederlânsk werompraat, kin immen oanjaan dat it Frysk ek in mienskiplike taal foar elkenien is en dat Frysktaligen net minder rjochten hawwe as Nederlânsktaligen en de Nederlânsktaligen ek de plicht hawwe om de oar te ferstean. Dan is der sprake fan in twatalich petear.[21] Dat fan it dominante Nederlânsk ôfwikende taalgedrach wurdt ‘markearre’ neamd, omdat dat gedrach in frij algemiene noarm skeint. Dy strategy wurdt brűkt om klam te lizzen op de eigen taalgroepsidentiteit.Yn dit artikel giet it krekt om it űnmarkearre taalgedrach.

 

In grut part fan it wenstige taalgedrach yn Fryslân kin neffens de behannele noarmen, taalkarstrategyen en konsepten beskreaun en ferklearre wurde. It jout yn grutte halen in byld fan hoe't it der mei de algemiene dominante taalgedrachsnoarmen yn Fryslân hinne leit. Dat hâldt yn dat Nederlânsktaligen mei elkenien Nederlânsk prate kinne en Frysktaligen inkeld mei Frysktaligen Frysk of tsjin in fierhinne Frysktalich publyk. Op grűn fan it foargeande kin de probleemstelling omskreaun wurde.

 

 

1.2 Probleemstelling

 

De probleemstelling is: hoe is it taalgedrach yn allerhanne taalgebrűkssituaasjes: fan de ynformele settings fan de thússituaasje ôf, fia de tuskenbeide settings fan krekt bűten de doar oant de kontakten yn de formelere settings yn de lettere jierren. Foar it beäntwurdzjen fan dy fraach brűk ik de neikommende begripen.

De ynterviewde respondinten (n=1368) binne op it foarste plak yndield neffens earste taal fan hűs út (t1). Dat is de taal dy't as bern thús fan heit en/of mem as earste taal leard is. It giet dęrby net earst en meast om in hege feardigens yn dy earste taal, mar benammen om de “ynprinte” identifikaasje mei de eigen taal, de memmetaal. De praktyk fan it fan hűs út praten fan in beskate taal hat in wichtige ynfloed op de taalhabitus. Nęst Frysk en Nederlânsk sjoch ik ek nei de streektalen dy't fanâlds eigen binne yn Fryslân lykas it Stedsk, it Stellingwerfsk en it Biltsk.

Op it twadde plak giet it om de behearsking fan it Frysk as twadde taal (t2). Foar respondinten dy't it Frysk net fan hűs út prate sil de mjitte fan Frysk taalgedrach foar in grut part gearhingje mei de feardigens yn it Frysk. De respondinten is frege oan de hân fan de fiifpunts‑skaal 1) 'hiel maklik', 2) 'goed', 3) 'frij aardich', 4) 'mei lijen' en 5) 'hielendal net' oan te jaan hoe goed at harren fermogen wie om Frysk te praten. Respondinten dy't op syn minst 'frij aardich' Frysk prate koenen en nei alle gedachten in petear fiere kinne, wurde hjir ek wol  Fryskpraters neamd. Dat lęste yn tsjinstelling mei Frysktaligen, dy’t it Frysk as earste taal prate. Nijsgjirrich is ek om te sjen oft Fryskpraters fan de oare taalgroepen ek in oar patroan fan taalgedrach hawwe as de Frysktaligen.

It begryp dat nei alle gedachten in grutte oerlaap hawwe sil mei de twa earstneamde begripen, mar dochs dúdlik űnderskaat wurde moat is de thústaal. It giet dęrby om wat tsjintwurdich gewoanwei yn 'e hűs praat wurdt mei partner en/of bern en op dy wize ynfloed hat op de taalhabitus.

De twa net‑talige fariabelen fan respektivelik de geografyske en sosjale sprieding dy't noch taljochting fertsjinje, binne de wenkrite en sosjaal‑ekonomyske status fan de respondint.


De wenkrite is it rommere talige fermidden bűten de doar dęr't de respondint yn tahâldt en foar in grut part syn wenstige kontakten hat. In achterlizzend konsept dat by wenkrite mei in rol spilet is it sosjale netwurk, alle kontakten mei‑inoar dy't in yndividu hat. By in Fryske wenkrite wurdt der fan útgongen dat de (mooglikheid ta) kontakten fan de respondint oer it generaal Frysker binne as yn in minder Fryske wenkrite en dat de kontakten yn de stęd earder anonym binne as op it plattelân (mar dat hoecht net foar elke losse respondint op te gean). It altiten of  lang wenjen yn in beskate wenkrite kin boppedat ek in beskate identifikaasje as stedsjer of plattelanner ta stân brocht hawwe dęr't in beskaat taalgedrach by heart. De wenkrite fan in respondint wurdt fęststeld op grűn fan syn wenplak; de Fryske wenkrite wurdt foarme troch it Frysktalige plattelân en de “Nije stęden” (Drachten en It Hearrenfean), de minder Fryske wenkrite troch de rest fan Fryslân

De fariabele maatskiplike sprieding of sosjale stratifikaasje fan taalgedrach wurdt yn dit űndersyk de sosjaal‑ekonomyske status (SES) fan de respondint mei bedoeld. Dy wurdt oan de hân fan in yndeks op grűn fan de respondint syn oplieding, ynkommen en berop fęststeld. Mei it kombinearjen fan dy trije sub‑fariabelen wurdt de totaalfariabele SES betrouberder as elk fan dy trije fariabelen op himsels.

Foar de fierdere konkretisearring fan de probleemstelling brűk ik űnderdielen fan it foargeande surveyűndersyk nei de taalsituaasje yn Fryslân fan 1980: ‘hokfoar taal prate de ynwenners fan Fryslân tsjin wa, węr, węroer en węrom[22]?’.  Foar dit űndersyk wurde de feitlike fragen ‘hokfoar taal’, ‘tsjin wa’ en ‘węr’ op ’e nij brűkt, mar no yn it ramt fan de teory oer ‘taalhabitus’ foar de beskriuwing fan it taalgedrach.

Mei de fraach nei ‘hokfoar taal’ at immen praat, giet it der yn it foarste plak om hoe't de respondint syn taalfariëteit sels neamd. Om it oersichtlik en statistyske ferantwurde te hâlden wurdt yn dit ferslach oars it ferskaat oan farianten by de beskriuwing werombrocht ta trije haadfariëteiten. Fryske fariëteiten as Súdwesthoeksk, Jousters, Lemsters, ensfh. wurde allegear űnder it Frysk beflapt. Nederlânske streektalen as Grinslânsk, Drintsk, Brabânsk, enfh. falle yn dit űndersyk űnder de neamer Nederlânsk. It Stedsk, it Stellingwerfsk, it Biltsk, de eilanner fariëteiten, it Hylpersk, it Kollumersk wurde mei‑inoar as streektaal yn Fryslân of koartwei Fryske streektaal gearfette. In bűtenlânske taal hjit hjirre 'oare taal', in kategory dy't faak weifalt omdat dy yn it algemiene maatskiplike libben gjin rol spilet.

Bij ‘ynwenners fan Fryslân’ giet it om de ynwenners fan 12 jier en âlder. De stekproef is mei troch de lykwichtige ferdieling oer alle 31 gemeenten foar de hiele befolking fan Fryslân in represintative ôfspegeling.[23] De earste taal is yn de measte gefallen it earste kritearium om de respondinten neffens yn te dielen, de behearsking fan it Frysk de twadde. Fierders is de wenkrite en de SES fan belang foar de beskriuwing fan taalbehearsking en taalgedrach.

It űnderdiel 'tsjin wa' fan de probleemstelling makket in wichtich part fan de beskriuwing fan it taalgedrach út. Slút de sprekker oan by wat de oansprutsen persoan werom praat of weromprate kin? As dat gjin Frysk is, dan sil de taalhabitus fan de Frysktalige sprekker him meastentiids op it Nederlânsk oergean litte. Krekt sa’t de Frysktalige him oanslute sil by de fiertaal op in gearkomste.

Mei it foargeande stiet ek de fraach nei it 'węr' yn ferbân. Hjirfoar haw ik de ynfloed fan de wenkrite oanstippe, mar ik sil dęrbinnen en dęrnęst ek sjen nei in oare yndieling neffens settings. Oaren wurde yn beskate situaasjes mei in yntym of in anonym karakter oansprutsen. In spesifike groepstaal as it Frysk sil nei alle gedachten mear mei yntimiteit as mei anonimiteit assosjearre wurde en dęrom minder gau yn anonime fermiddens keazen wurde.

By de probleemstelling giet it koartsein om de fraach hoe’t it taalgedrach fan de ynwenners fan Fryslân útpakt yn ynformele en yn formele settingen.

 


2. Taalgedrach yn ferskillende settingen

 

2.1 Taal(gedrach) yn ynformele settingen

 

2.1.1.0 Taal(gedrach) yn de eardere en hjoeddeiske thússituaasje (algemien)                   

Yn de eardere en hjoeddeiske thússituaasje wie en is der sprake fan wenstich taalgedrach. Fan jongs ôf oan is der yn it fermidden fan de húshâlding en famylje in taalkar dien en hieltiten wer befęstige. Om sicht te krijen op it taalfermidden dat de taalhabitus fan de respondinten mei foarme hat, wurdt in part fan harren taalferline yn kaart brocht. Yn de eardere publikaasjes[24] is al yngongen op de thússetting. It die bliken dat, lykas op sa'n soad oare punten, der foar de thústaal en de taal tsjin de bern/earste taal fan de bern - de fraach is yn beide jierren ferskillend steld - tusken 1980 en 1994 gjin signifikante ferskillen bestienen. Hoe't it taalgedrach fan doe en no yn in húshâlding is, hat fansels in ynterpersoanlike skiednis. Earst wurdt hjir de taal behannele mei de relaasjes yn de húshâlding (foar de measte respondinten is dat de taal mei âlden en broers/susters yn de eardere thússituaasje) en de taal mei de pakes en beppes oan beide kanten. Foar gâns respondinten binne dy kontakten no noch aktuëel en meitsje in (grut) part út fan harren sosjaal netwurk yn de ynformele sfear. It aard en de yntinsiviteit fan dy kontakten kinne ek wer fan ynfloed węze op oar taalgedrach fanwegen de hieltiten wer befęstige taalidentiteit.

Doel fan de sifers yn tabel 1 en 2 is om sjen te litten wat de ynfloed west hat fan de taal fan de leden fan de (eardere) húshâlding en de pakes en beppes op it ta stân kommen fan de earste taal (t1); de earste taal - en de dęrmei gearhingjende taalhabitus - is yn tabel 1 en 2 dus de ôfhinklike fariabele.Tagelyk meitsje dy kontakten foar in grut part fan de respondinten noch űnderdiel út fan harren hjoeddeisk sosjaal netwurk.


Tabel 1             Earste taal neffens taal mei relaasjes yn de húshâlding

(elk skift mei-inoar 100%[1])

 

earste taal

 

Frysk*   Neder-     streek-     (n)

taal mei:                                                        lânsk        taal**

mem

Frysk                                                   99            0             1      (747)

Nederlânsk                                          3          93             4      (472)

streektaal                                             3           5            92      (145)

 

mei-inoar                                            56          33            12    (1364)

chi-kw.=2242,121 p<0,000

 

heit

Frysk                                                   98            1             1      (742)

Nederlânsk                                          4          92             5      (470)

streektaal                                             2           4            94      (145)

 

mei-inoar                                            55          33            12    (1357)

chi-kw.=2178,737 p<0,000

 

broers/susters

Frysk                                                   98            1             1      (736)

Nederlânsk                                          2          92             5      (453)

streektaal                                             2           3            95      (142)

 

mei-inoar                                            55          32            13    (1368)

chi.kw.=2173,267 p<0,000

 

* De antwurdmooglikheid ‘Frysk čn Nederlânsk’ is by ‘Frysk’ opteld

** De antwurdmooglikheid ‘streektaal čn Nederlânsk’ is bij ‘streektaal’ opteld (mar is faak mar in te ferwaarleazgjen persintaazje)

(De * en ** hawwe yn de neikommende tabellen deselde betsjutting)

 


De wichtichste konklúzje dy’t op it earste each lutsen wurde kin út tabel 1, is dat de taal dy’t brűkt waard/wurdt mei de relaasjes yn de (eardere) thússituaasje foar it Frysk as earste taal heger útkomt as foar de twa oare taalfariëteiten. Respektivelik wurdt der dan (ek) Frysk mei mem (99%), Frysk mei heit (98%) en Frysk mei broers en susters (98%) praten. Dat binne hegere presintaazjes as dat der Nederlânsk praten wurdt (mem: 93%, heit: 92% en broers/susters: 92%) en streektaal (mem: 92%, heit: 94% en broers/susters: 95%). Fansels moat by dy sifers wol betocht wurde dat as der čk Nederlânsk - nęst benammen Frysk - antwurde waard, dy skoare by ien fan de beide oare taalfariëteiten opteld wurden is (sjoch taljochting űnder de tabel). Yn alle gefallen docht bliken dat de setting fan de (eardere) thússituaasje in grutte útwurking hie op de earste taal/taalgroepsidentiteit fan de respondinten.

De sifers ferwize tagelyk, lykas sein, foar in part nei de sosjale netwurken fan eartiids. It docht bliken dat dy netwurken foar de Frysktaligen, mar oars ek foar de twa oare taalgroepen, wat it fęsthâlden oan de eigen taal oanbelanget, goed útwurkje.

De ynfloed fan it taalgedrach mei de pakes en beppes fan beide kanten op it ta stân kommen fan de earste taal is lytser.

 

Tabel 2             Earste taal neffens taal tsjin pake/beppe oan memme- en heitekant

(elk skift mei-inoar 100%)

 

earste taal

Frysk*   Neder-     streek-     (n)

taal tsjin pake/beppe:                                  lânsk        taal**

memmekant

Frysk                                                   96            3             2      (686)

Nederlânsk                                          9          86             4      (430)

streektaal                                           12           5            83      (120)

 

mei-inoar                                            58          32            10    (1236)

chi-kw.=1685,019 p<0,000

 

heitekant

Frysk                                                   96            3             2      (673)

Nederlânsk                                          8          90             3      (408)

streektaal                                           10          10            80      (116)

 

mei-inoar                                            57          33            10    (1197)

chi-kw.=1649,733 p<0,000

 

Yn de relaasjes mei de pakes en beppes gie der ek wer in gruttere ynfloed út fan it brűken fan it Frysk op it Frysk as earste taal (96%). De ynfloed fan it brűken fan Nederlânsk (86-90%) en dy fan streektaal (80-83%) lizze aardich wat leger. Tagelyk kinne ek dizze kontakten noch űnderdiel fan it hjoeddeiske netwurk węze. Foar de Frysktalige en Nederlânsktalige respondinten wurkje dy geunstiger út as foar de streektaligen.

 

By de beskriuwing fan de famyljesituaasje hat de klam lein op it fęststellen fan de earste taal/taalgroepsidentiteit: de taal fan thús is de eigen taal, de earste taal wurden en is no gjin gefolch mar in útgongspunt wurden. Yn de tabellen hjirnei is de earste taal de űnôfhinklike fariable. De oandacht ferskoot no nei hoe’t de taal dy’t as bern oanleard is, bűten dy situaasje brűkt wurdt. Ik begjin mei in setting dy’t ticht by de (eardere) thússituaasje oanslút: de omgong mei de eardere maten en kammeraatskes (de ‘peergroup’). It taalgedrach yn dy omgong sil basearre węze op de taalkarstrategy fan de oanpassing by de taalgroepsidentiteit fan de oar of oanpassing by de fiertaal fan de groep.


Tabel 3             Taalgedrach tsjin (eardere) maten/kameraatskes neffens earste taal

(elk skift mei-inoar 100%)

 

taalgedrach tsjin maten/kammeraatskes

Frysk*   Neder-     streek-     (n)

lânsk        taal**

earste taal

 

Frysk                                                   91            5             4      (748)

Nederlânsk                                         12          81             8      (472)

streektaal                                           10           8            83      (144)

 

mei-inoar                                            55          31            14    (1364)

 

chi-kw.=1513,481 p<0,000

 

It taalgedrach binnen de eardere groep fan maten en/of kammeraatskes slút oan by de brűkte taal yn de húshâlding en by pakes en beppes. It brűken fan it Frysk stiet sterk yn de jongste jierren mei 91 persint, wylst foar Nederlânsk (81%) en de streektaal (83%) legere persintaazjes nei foaren komme.

Foar de jongere respondinten foarmet wat de ‘eardere thússituaasje’ neamd wurdt op it stuit de hjoeddeiske húshâlding. Foar de oare respondinten is de hjoeddeiske thústaal de keat tusken de eardere relaasjes mei de âlden en de nije generaasje en dy is dęrmei wichtich foar it trochjaan fan de taal.[25] It is it begjin fan it setteljen fan de thústaal. Yn de űndersteande tabel wurdt de thústaal dęrom ferlike mei de earste taal fan de bern (likernôch itselde as taalgedrach tsjin de bern).

 

Tabel 4             Thústaal fan respondint (th) en earste taal fan bern (t1b)

neffens earste taal respondint (elk skift mei-inoar 100%)

 

thústaal respondint en earste taal fan bern

Frysk*            Nederlânsk          streektaal**         (n)

th      t1b            th      t1b            th      t1b          th          t1b 

earste taal

 

Frysk                                88     83               8     14               4       3         (749)   (503)

Nederlânsk                      11     12            81     83               8       6         (473)   (267)

streektaal                         20     19            25     49             55     32         (146)   (106)

 

trochinoar                         54     53            35     39             11       7       (1368)   (876)

 

chi-kw. t1b =509,074 p<0,000

 


It hjoeddeiske taalgedrach thús lit op 'e nij foar de Frysktaligen it stevichste plak sjen: 88 persint fan de Frysktaligen praat dęr Frysk, 81 persint fan de Nederlânsktaligen inkeld Nederlânsk en 55 persint fan de streektaligen streektaal. Ek al besit it Frysk oan no ta hieltiten it heechste persintaazje, dochs is der in delgeande trend yn it Fryske taalgedrach te sjen fan it taalgedrach mei foarâlden, âlden-broers/susters en maten/kammeraatskes nei hjoeddeiske thústaal. Foar de stęd Ljouwert - mei in folle leger oanpart Frysktaligen - ferrint dy trend yn grutte halen ek op in gelikense mar tagelyk sterkere wize: yn de haadstęd prate pake en beppe foar 82 persint Frysk tsjin de bern, wylst de bernsbern noch mar foar 45 persint Frysk prate[26]. Ut it Frysktalige yndividu wei besjoen nimt it Frysk ôf, mar dat jildt  foar de streektalige wat de streektaal oangiet noch folle mear. As men it fan de taalmienskip as gehiel besjocht, dan draacht ek in part fan de streektaligen en de Nederlânsktaligen troch it opbringen fan harren bern oan it oanpart fan it Frysk bij. Dy winst by harren kompensearret it ferlies fan it Frysk by de Frysktaligen. De delgeande trend set - út it Frysktalige yndividu mei bern wei besjoen - troch mei de earste taal fan de bern fan 88 nei 83 persint, mar ek hjir docht bliken dat troch kompensaasje troch de oare taalgroepen dat de earste taal fan de neikommende generaasje (53%) trochinoar net signifikant leger leit as de thústaal yn it algemien (54%).

 

De konklúzje foar de setting fan de thússituaasje is, dat it Frysk yn dat part fan de sosjale netwurken in stevich en stabyl plak hat. Yn dy situaasje kin it Frysk taalgedrach goed ynprinte wurde en ta in Fryske taalhabitus liede. In lyts ferlies oan de Fryske kant wurdt dęrby troch in like grutte winst oan de net-Fryske kant teneate dien. In wichtige fraach is hoe’t dat ferlies en dy winst fan taalkar tsjin de bern mei it talich fermidden fan de wenkrite gearhingje.

 

2.1.1.1 Taalgedrach yn de eardere en hjoeddeiske thússituaasje (neffens wenkrite)


By de teoretyske útgongspunten is al wiisd op it belang fan de wenkrite foar de taalhabitus en dęrmei foar it taalgedrach. Dęrom sjoch ik ek nei de regionale sprieding neffens wenplak fan de respondinten. It seit oars himsels dat de űnderskate gebieten dęr't de wenplakken űnder beflapt wurde - de wenkriten - net los fan inoar en folslein op harsels steane. It sosjale netwurk sil him faak net beheine ta ien beskate wenkrite. Ek kin de wenkrite yn ien syn libbensrin troch ferhúzjen feroare węze. De eardere taalhabitus fan sa’n ynkommer kin troch de oanwęzige taalhabitus fan de ynwenners yn de nije wenkrite beynfloede węze. Omdat it slim is om dat foar alle respondinten allegear apart fęst te stellen, abstrahearje ik fan datsoarte fan űnsuverheden. Ik gean der fan út dat foar de oanbelangjende groep respondinten dat netwurk yn grutte halen yn dy wenkrite te finen is en dat dęr in beskate habitus by heart. It hjoeddeiske wenplak (wenkrite en wenstrjitte) is útgongspunt foar it besjen fan de hjoeddeiske thústaal en de earste taal fan de bern. Mei oare wurden: hoe wurket it talich fermidden fan it Fryske plattelân, de nije stęden, de âlde stęden, Ljouwert en it minder Fryske plattelân fan It Bilt en de Stellingwerven út op it taalgedrach fan de ferskillende taalgroepen tsjin partner en/of bern? En binne der ferskillen per wenkrite (bgl. Fryske plattelân) en per taalgroep (t1, bgl. Frysk) yn de útkomsten foar it Frysk, it Nederlânsk en de streektaal tusken thústaal en earste taal fan it bern? Om in direkte ferliking mooglik te meitsjen wurde de útkomsten foar thústaal en earste taal bern (skeansetten) yn deselde tabel nęstinoar setten.

Tabel 5a1         Thústaal respondint (th) en earste taal fan bern (t1b)

neffens earste taal (t1) per wenkrite (elk skift mei-inoar 100%)

thústaal fan respondint en earste taal fan bern

Frysk*            Nederlânsk          streektaal**         (n)

wenkrite                           th      t1b            th      t1b            th      t1b          th          t1b

earste taal

Fryske plattelân

Frysk                                95     90               4       9               1       1         (495)   (325)

Nederlânsk                      18     16            79     81               3       2         (203)   (123)

streektaal                         45     50            32     39             24     11            (38)     (28)

 

trochinoar                         71     69            26     30               3       2         (736)   (476)

chi-kw. th=491,446 p<0,000 / t1b=246,047 p<0,000

 

nije stęden

Frysk                                85     83            11     13               4       3            (80)     (60)

Nederlânsk                      18     28            82     69                -       3            (50)     (29)

streektaal                         38     14            50     86             13        -              (8)        (7)

 

trochinoar                         58     62            39     35               3       3         (138)     (96)

 

chi-kw. th=68,250 p<0,000 / t1b=35,335 p<0,000

 

Yn de linker rychjes is foar it oanpart Frysk as thústaal in dúdlike gearhing foar Frysktaligen mei de wenkrite oan te wizen.[27] Lykas te ferwachtsjen hat it Frysk trochinoar op it Fryske plattelân (71%) en de nije stęden (58%) in stevich plak.

De earste taal fan it bern - yn de rjochter rychjes - hinget mei de thústaal per krite gear. De skoares foar de earste taal fan it bern litte foar it Fryske plattelân en de nije stęden net in hiel oar byld as de thústaal sjen: op it Fryske plattelân komt it Frysk as earste taal fan de bern (69%) justjes leger út as it oanpart fan it Frysk as thústaal (71%). Yn de nije stęden is dat krekt oarsom: earste taal fan it bern is 62 persint wylst de thústaal op in persintaazje fan 58 stiet. It Nederlânsk nimt yn beide wenkriten byinoarnommen navenant ta, wylst de streektaal yn dizze wenkriten in te lyts oanpart hat om dęr wat oer te sizzen.


Tabel 5a2         Thústaal respondint (th) en earste taal fan bern (t1b)

neffens earste taal per wenkrite (elk skift mei-inoar 100%)

thústaal fan respondint en earste taal fan bern

Frysk*            Nederlânsk          streektaal**         (n)

wenkrite                           th      t1b            th      t1b            th      t1b          th          t1b

earste taal

 

âlde stęden

Frysk                                75     66            16     28               9       6            (75)     (53)

Nederlânsk                        3       6            80     91             17       3            (69)     (32)

streektaal                         11       9            17     41             72     50            (36)     (22)

 

trochinoar                         34     36            41     50             25     14         (180)   (107)

chi-kw. th=144,224 p<0,000 / t1b=66,985 p<0,000

 

Ljouwert

Frysk                                66     65            19     29             15       7            (53)     (31)

Nederlânsk                        6        -            80     89             15     11            (83)     (44)

streektaal                         11     14            30     67             59     19            (27)     (21)

 

trochinoar                         26     24            52     65             22     12         (163)     (96)

chi-kw. th=93,374 p<0,000 / t1b=44,402 p<0,000

 

minder Fryske plattelân

Frysk                                74     56            15     29             11     15            (46)     (34)

Nederlânsk                         -       3            87     85             13     13            (68)     (39)

streektaal                           5        -            19     43             76     57            (37)     (28)

 

trochinoar                         24     20            48     55             28     26         (151)   (101)

chi-kw. th=148,110 p<0,000 / t1b=59,734 p<0,000

 

De stedske en streektaalwenkriten skoare wat it Frysk as thústaal oangiet in moai ein leger: de âlde stęden (34%), Ljouwert (26%) en it minder Fryske plattelân (24%). De gearhing tusken thústaal en de earste taal fan it bern bliuwt hjir foar it Frysk lykwols heech mei inkeld in pear persint űnderlinge ôfwiking. By de Nederlânsk- en streektaligen is der yn de âlde stęden in dúdlik ferfal tusken thústaal en de earste taal fan de bern. It Nederlânsk wint ta skea fan de streektaal.


Foar in ferliking tusken de twa foargeande tabellen 5a1 en 5a2 binne oanfoljende berekkeningen útfierd: it oanpart respondinten dat op it Fryske plattelân en yn de nije stęden tahâldt is 67 persint. By it útdjipjen fan de geogafyske sprieding binne dy twa dielgebieten yndield by wat ik tenei de ‘Fryske wenkrite’ neame sil.[28] De ‘Fryske wenkrite’ is in grut gebiet dat foar twatredde part de basis foarmet foar it funksjonearjen fan it Frysk. Men soe oer in twadieling fan Fryslân sprekke kinne mei in sterke Fryske ynfloedssfear - it Fryske plattelân en de nije stęden It Hearrenfean en Drachten (mei in soad trek dęrhinne fan it omlizzende Fryske plattelân) - en in swakkere Fryske ynfloedssfear, de oare wenkriten. Yn it Fryske gebiet jouwe de respondinten foar 81 persint oan dat se yn in strjitte of streek wenje dęr't (meast) Frysk praten wurdt, yn it minder Fryske gebiet is dat mar 18 persint.[2]

 


Tabel 5b           Thústaal fan respondint (th) en earste taal fan bern (t1b)

neffens earste taal per wenstrjitte (elk skift mei-inoar 100%)

 

 thústaal fan respondint en earste taal fan bern

 

Frysk            Nederlânsk          streektaal            (n)

 

wenstrjitte                       th      t1b            th      t1b            th      t1b          th          t1b 

earste taal

Frysk

Frysk                                95     90               4       9               1       1         (564)   (381)

Nederlânsk                      20     21            75     75               5       4         (181)   (112)

streektaal                         51     48            24     41             24     11            (37)     (27)

 

trochinoar                         76     73            21     25               3       2         (782)   (520)

chi-kw. th=491,051 p<0,000 / t1b=226,903 p<0,000

 

Nederlânsk

Frysk                                67     61            25     36               8       3         (120)     (77)

Nederlânsk                        6       5            88     90               6       5         (204)   (103)

streektaal                           7     13            43     69             50     19            (42)     (32)

 

trochinoar                         26     26            62     68             12       6         (366)   (212)

chi-kw. th=221,952 p<0,000 / t1b=84,575 p<0,000

 

streektaal

Frysk                                62     48            13     24             26     28            (39)     (25)

Nederlânsk                        3       6            78     80             19     14            (58)     (35)

streektaal                           7       6            11     38             83     56            (46)     (34)

 

trochinoar                         20     17            39     50             41     33         (143)     (94)         

chi-kw. th=112,343 p<0,000 / t1b=39,128 p<0,000

 

De skoares fan de Frysktalige wenstrjitten ferskille wat it oanpart Frysk as thústaal (trochinoar 76%) en as earste taal fan de bern (73%) oanbelanget net sa folle mei dyselde skoares fan it Fryske plattelân (respektivelik trochinoar 71 en 69%). It oanpart Frysk yn de Nederlânsktalige strjitten (respektivelik 26 en 26%) komt wer wakker oerien mei Ljouwert (respektivelik 26 en 24%) en dat yn streektalige wenstrjitten (respektivelik 20 en 17%) mei it minder Fryske plattelân (respektivelik 24 en 20%) (ferlykje twadieling fuotnoat 1). Yn grutte halen jout it karakter fan de wenstrjitten ek wol it karakter fan de wenkrite oan.


Lykas sein is de thústaal ek in wichtige fariabele foar it trochjaan fan it Frysk oan de bern.[29] Troch de lytse ferskillen tusken de thústaal en de earste taal fan de bern yn alle wenkriten liket it derop dat by de Frysktaligen de wenkrite as sadanich der kwalik ta docht. It taalgedrach mei de partner waacht nei alle gedachten it swierste deryn by de taalkar tsjin de bern. Wat oars is dat by de Nederlânsk- en de streektaligen. By harren hat it wenfermidden in gruttere ynfloed. It Nederlânsk wint dúdlik oan yn Ljouwert, yn de âlde stęden en op it minder Fryske plattelân, sis mar yn de swakkere Fryske ynfloedssfear. De streektaal (benammen it Stedsk) ferliest yn Ljouwert en de âlde stęden. It Frysk as thústaal hinget wol dúdlik gear mei de taal fan de ynfloedssfear fan de wenkrite, de earste taal fan de bern net.

Alles mei-inoar mei konkludearre wurde dat de stabiliteit fan it Frysk yn de lęste desennia nei alle gedachten foar in grut part gearhinget mei it plak fan it Frysk yn de thússituaasje. It ferlies fan it Frysk sit by de Frysktaligen foar in part yn de minder Fryske wenkrite en de winst - foar it Frysk - sit by de net-Frysktaligen yn de Fryske wenkrite. Ik kom werom op de taalkar neffens it oanpart fan de Frysktaligen en de gearhing mei wenkrite yn de neikommende subparagrafen. Nęst it Frysk stiet ek it Nederlânsk sterk yn de ynformele setting. De streektaal ferliest benammen.

 

2.1.2.0 Oanpart Frysktaligen űnder freonen en kunde, en Frysk taalgedrach tsjin persoaniel yn de fęste winkel, de Nederlânsktalige/neiste buorlju, kollega's en op it postkantoar (algemien)

Tusken de ynformele setting, lykas de thússituaasje, en de offisjele settings yn binne settings dęr't de justjes minder fertroulike kontakten yn űnderholden wurde, mar dy't ek wer net al te formeel binne. As earste setting - wat de yntimiteit oanbelanget - nei de húshâlding komt de freone- en kunderűnte. Men soe dat wol de ynformele setting yn de twadde graad neame kinne. Ik haw neigien wat it ferbân is tusken de earste taal en it opnommen węzen yn it netwurk fan in Frysktalige freone- en kunderűnte en  - foar har dy't it Frysk op syn minst frij aardich prate kinne - wat it ferbân is tusken it Frysk as twadde taal en dyselde rűnte.

 


Tabel 6             It oanpart Frysktaligen űnder freonen/kunde

neffens earste taal (elk skift mei-inoar 100%)

 

oanpart Frysktaligen yn freone-/kunderűnte

 

    mear                       helte                  minder                (n)

as helte                                                as helte

earste taal                                                                                                                 

 

Frysk                                          74                     14                      12                      (749)           

Nederlânsk                               24                      21                      56                     (473)              

streektaal                                  22                      18                      60                     (143)             

 

trochinoar                                  51                      17                      32                   (1365)         

chi-kw. =385,513 p<0,000

 

74 persint fan de Frysktaligen hat foar mear as de helte in Frysktalige freone- en kunderűnte. Sy binne sosjaal fierwei it meast bewoartele yn in Frysk netwurk. Foar de Nederlânsk- en streektaligen jildt dat respektivelik mei 24 en 22 persint folle minder. Dy lęste twa taalgroepen hawwe krekt foar it grutste part, respektivelik foar 56 en 60 persint, minder as de helte Frysktalige freonen of kunde. Yn de oanfoljende tabel 6bis wurde nochris de Fryskpraters űnder de Nederlânsk- en streektaligen (mei-inoar) ferlike mei de Frysktaligen.

 

Tabel 6bis        It oanpart Frysktaligen űnder freonen/kunde

neffens earste taal mei it Frysk yn ’e macht (elk skift mei-inoar 100%)

 

oanpart Frysktaligen yn freone-/kunderűnte

 

mear                                 helte   minder                 (n)

as helte                                       as helte

earste taal                                                                                                                 

 

Frysk                                          74                      14                      12                      (747)

Nederlânsk/streektaal             34                      23                      43                      (263)         

 

trochinoar                                 64                     16                     20                   (1010)

chi-kw. =150,423 p<0,000

 

As inkeld sjoen wurdt nei de twadde-taalfriezen űnder de Nederlânsk- en streektaligen, giet it oanpart fan harren dat foar mear as de helte yn sa'n rűnte sit wol wat omheech, nei 34 persint, mar hellet lang net de 74 persint fan de Frysktaligen fan hűs út. Der bestiet foar de Frysktaligen in gearhing tusken earste taal en de taal fan de rűnte fan de minsken bűten de húshâlding dęr't op fertroulike foet mei omgongen wurdt. Foar de twaddetaal-learder giet dat oangeande de Frysktalige rűnte fuort net op.


De neikommende rűnte dy't nei dy fan de yntimy om ‘thús’ hinne leit, is dy fan minsken mei wa't men op it foarste plak net in fertroulike relaasje hat, mar in relaasje dy't yn de rin fan jierren wol útgroeie kin ta in fertrouden ien. Nei ferrin fan tiid is de taalkar tsjin dy minsken wenstich wurden. Foar dy rűnte sjogge wy nei de kollega's op it wurk, it personiel yn de fęste winkel (de winkelman), de neiste buorlju en de lokettist op it (pleatslike) postkantoar. De fraach dy't oan de respondinten steld is, wie wat se mei dy minsken de lęste kear praat hawwe of gewoanwei prate.

 


Tabel 7             Taalgedrach neffens earste taal en (bij Nederlânsk- en streektaligen) mei Frysk as twadde taal (= Ft2) respektivelik yn kontakt mei kollega's op it wurk, fęst winkepersoniel, neiste buorlju en de lokettist op it postkantoar (elk skift mei-inoar 100%)

 

taalgedrach tsjin kollega’s/winkelpersoniel/buorlju/lokettist

 

Frysk*            Nederlânsk          streektaal**         (n)

kontakt

earste taal                                  Ft2                    Ft2                    Ft2                       Ft2

 

kollega’s

Frysk                                84 (84)            13  (13)               3     (3)         (701)   (701)

Nederlânsk                      27     52            66     44               7       4         (438)   (164)

streektaal                         35     42            30     28             35     30         (137)     (89)

 

trochinoar                         59     75            33     20              8       6       (1276)   (952)

chi-kw. t1=540,808 p<0,000 / Ft2=205,073 p<0,000

 

winkelpersoniel

Frysk                                85  (85)            13  (13)               2     (2)         (731)   (731)

Nederlânsk                      19     44            77     51               4       5         (471)   (171)

streektaal                         28     39            30     28             42     33         (144)     (92)

 

trochinoar                         56     74            37     21               7       6       (1346)   (992)

chi-kw. t1=844,104 p<0,000 / Ft2=280,454 p<0,000

 

buorlju

Frysk                                82 (82)            15  (15)              3     (3)         (746)   (746)

Nederlânsk                      18     42            77     52              5      5         (465)   (166)

streektaal                         25     38            24     23             51     40         (144)     (93)

 

trochinoar                         54     72            37     22              9      7       (1355)(1003)         

chi-kw. t1=879,122 p<0,000 / Ft2=303,881 p<0,000

 

lokettist postkantoar

Frysk                                80  (80)            19  (19)               1     (1)         (680)   (680)

Nederlânsk                      12     32            86     65               2       3         (445)   (158)

streektaal                         22     32            49     47             30     21         (135)     (87)

 

trochinoar                         50     67            46     30              4       3       (1260)   (923)

chi-kw. t1=750,667 p<0,000 / Ft2=263,307 p<0,000

 


Ek hjir hawwe de Frysktaligen de heechste persintaazjes; fan 85 persint (winkelpersoniel) oant 80 (lokettist) wurdt de eigen taal (ek) brűkt yn dizze kontakten. De Nederlânsktaligen helje mei persintaazjes foar it Nederlânsk fan 86 (lokettist) oant 66 (kollega’s) net hegere oanparten. Foar de streektaligen lizze de oanparten  streektaal aardich wat leger mei 51 (buorlju) oant 30 (lokettist) persint. Oars as mei de yntimere rűnte ‘thús’ nimt foar de dielgroep fan de Fryskpraters - yn it rjochter rychje - űnder de Nederlânsktaligen it persintaazje Frysk oanmerklik ta, faak (op syn minst) in ferdűbeling neffens de Nederlânsktaligen mei-inoar. Bygelyks op it wurk: prate de Nederlânsktaligen dęr trochinoar 27 persint Frysk, de Fryskpraters űnder harren dogge dat foar 52 persint. De Fryskpraters űnder de streektaligen komme ek wol heger (42%) út as de streektaligen mei-inoar (35%), mar dat komt lang net oan in ferdűbeling ta.

As wy witte dat de persintaazjes foar it Nederlânsk yn werklikheid justjes heger lizze (by kollega’s aardich wat heger) as it antwurd 'Frysk en Nederlânsk ňf in oare (streek)taal' by Nederlânsk opteld wurdt (en net by Frysk lykas no dien is), dan is te sjen dat yn dy kontakten yn grutte halen bűten de doar it Frysk en it Nederlânsk inoar aardich belykje en de streektaal achterbliuwt. Te ferwachtsjen is dat de ferhâldingen trochinoar de wenkrite oars útfalle sille.

 

2.1.2.1 Oanpart Frysktaligen űnder freonen en kunde, en Frysk taalgedrach tsjin persoaniel yn de fęste winkel, de Nederlânsktalige/neiste buorlju, kollega's en op it postkantoar (neffens wenkrite)

Ik jou hjir de opsplitsing neffens Fryske en minder Fryske wenkrite foar it taalgedrach mei it (fęste) winkelpersoniel. It winkelpersoniel is foar dizze ferliking keazen om't de winkel in hiel algemien űnderdiel útmakket fan de direkte mienskip bűten de doar.

 

 


Tabel 8             Taalgedrach tsjin fęste winkelman neffens earste taal en mei Frysk as twadde taal per wenkrite (elk skift mei-inoar 100%)

 

taalgedrach tsjin fęste winkelman

 

Frysk*            Nederlânsk          streektaal**         (n)

 

earste taal

/wenkrite                           

Frysk

Frysk                                92                        7                       1                 (563)                

minder Frysk                   60                      32                        8                   (168)           

 

trochinoar                         85                      13                        2                   (731)           

chi-kw.=106,244 p<0,000

 

Nederlânsk

Frysk                                30                     69                        1                  (251)               

minder Frysk                     6                      86                       8                 (220)           

 

trochinoar                         19                      77                       4                 (471)                     

chi-kw.=55,434 p<0,000

 

streektaal

Frysk                                64                     22                      13                     (45)               

minder Frysk                   11                      33                     56                    (99)           

 

trochinoar                         28                      30                     42                 (144)                     

chi-kw.=45,979 p<0,000

 

twadde taal=Frysk

/wenkrite

Nederlânsk-streektaal

Frysk                                63                     33                        4                  (151)               

minder Frysk                   14                      56                     30                 (112)           

 

trochinoar                         42                      43                     15                 (263)                     

chi-kw.=72,218 p<0,000

 


De ferwachting dat it taalgedrach tsjin it winkelpersoniel gearhinget mei (de Fryskens fan) de wenkrite wurdt foar alle trije taalgroepen en de Fryskpraters befęstige. Fan de Frysktaligen praat hast elkenien (92%) Frysk yn de Fryske wenkrite, mar yn de minder Fryske wenkrite is dat minder as twatredde part (60%). Fan de Nederlânsktaligen brűkt in treddepart (30%) it yn de wenkrite mei de sterkere Fryske ynfloedssfear, wylst yn de swakkere Fryske ynfloedssfear hast gjinien (6%) dat docht. De streektaligen prate foar twatredde part (64%) ek Frysk yn de Fryske wenkrite. Yn de minder Fryske wenkrite sakket it oanpart Frysk foar harren ta in tsiendepart (11%), wylst it oanpart praten fan de (eigen) streektaal dan op mear as de helte (56%) komt. Dúdlik is dat de Fryskens fan de wenkrite in grutte ynloed hat op it Frysk taalgedrach. In oare konklúzje is dat it ferskil yn taalgebrűkssfearen op t1- en t2-praters fan it Frysk ferskillend útwurket. De Fryskpraters fan de oare taalgroepen litte it Frysk, as harren twadde taal, yn de minder Fryske wenkrite navenant folle earder falle as de Frysktaligen, om't se (fansels) yn dy wenkrite folle earder kieze foar harren earste taal, dęr’t se har earder mei identifisearje sille (sjoch bygelyks de 56% fan de streektaligen). As dat yn it algemien sa is, dan moat dat der by oare fragen oer taalgedrach ek út komme.

Yn tabel 8bis wurdt it ferskil tusken Frysktaligen en net-Frysktaligen nochris befęstige by de fraach: kin it fęste personiel yn de winkel ek Frysk prate? En it dus ek weromprate.

 


Tabel 8bis        Frysk weromprate kinnen fan fęst winkelpersoniel neffens taalgedrach tsjin dat personiel per wenkrite (elk skift mei-inoar 100%)

 

fęst personiel kin Frysk weromprate

ja              nee/wit net                                (n)

Frysktaligen

/taalgedrach

Fryske wenkrite

Frysk                                         97                        4                                  (508)                

net-Frysk                                   51                      49                                      (43)           

 

trochinoar                                  93                        7                                    (551)           

chi-kw.=123,660 p<0,000

 

minder Fryske wenkrite

Frysk                                         91                        9                                      (97)               

net-Frysk                                   38                      62                                     (63)           

 

trochinoar                                  70                      30                                  (160)                     

chi-kw.=50,371 p<0,000

 

Fryskpraters

/taalgedrach

Fryske wenkrite

Frysk                                         98                        2                                      (92)               

net-Frysk                                   89                      11                                     (56)           

 

trochinoar                                  95                        5                                  (148)                     

chi-kw.=4,966 p<0,000

 

minder Fryske wenkrite

Frysk                                         87                      13                                      (15)               

net-Frysk                                   59                      41                                     (91)           

 

trochinoar                                  63                      37                                  (106)                     

chi-kw.=4,135 p<0,042

 

 


De ferwachting oangeande it ferskil yn Frysk werom ferwachtsje kinnen tusken Frysktaligen en Fryskpraters komt der by harren dy't Frysk prate yn de Fryske wenkrite (Frysktaligen 97% en Fryskpraters 98%) en minder Fryske wenkrite (respektivelik 91% en 87%) net út. (Hast) iderien wit dat it personiel dęr Frysk weromprate kin (beide kategoryen skatte dat foar de Fryske wenkrite trochinoar foar sa'n 95 persint yn). It ferskil sit him yn de kategoryen dy't yn de fęste winkel net Frysk prate ek al tinke se te witten dat se yn it Frysk antwurd krije. Foar de Frysktaligen is it kiezen foar it Nederlânsk of de streektaal foar 51 persint (Fryske wenkrite) en 38 persint (minder Fryske wenkrite) troch in oare reden ynjűn as de behearsking fan it Frysk fan it winkelpersoniel. Foar de Fryskpraters űnder de Nederlânsk- en streektaligen is dy behearsking noch minder fan belang; 89 persint fan harren praat yn de Fryske wenkrite gjin Frysk en 59 persint yn de minder Fryske wenkrite, al soe dat neffens har om de taalbehearsking fan it personiel wol kinne. Lykas hjirboppe al oantsjutten kin de taalhabitus fan de foarkar foar de eigen earste taal (of dy fan it personiel) wichtiger foar de taalkar węze.

Nei de dúdlike ynfloed fan de wenkrite op it taalgedrach is it wol nijsgjirrich om nei te gean hoe't dy him ferhâldt ta de ynfloed fan de sosjale stratifikaasje.

 

2.1.2.2 Oanpart Frysktaligen űnder freonen en kunde, en Frysk taalgedrach tsjin persoaniel yn de fęste winkel, de Nederlânsktalige/neiste buorlju, kollega's en op it postkantoar (neffens wenkrite en SES)

 Wy brűke as oantsjutting fan dy fertikale sosjaal-hiërargyske ynfalshoeke de ‘sosjaal-ekonomyske status’ (SES), dy’t opboud is út oplieding, berop en ynkommen. Yn de neikommende tabel wurdt besjoen hoe’t foar de Frysk- en Nederlânsktaligen (foar de streektaligen binne der per sel te min om in betrouber byld te krijen) yn in Fryske of minder Fryske wenkrite de SES (leech of heech) it taalgedrach beynfloedet.

 

Tabel 9a           Taalgedrach tsjin fęste winkelman neffens SES per wenkrite by de Frysktaligen (elk skift mei-inoar 100%)

taalgedrach tsjin fęste winkelman

Frysk*            Nederlânsk          streektaal**         (n)

SES                                  

Fryske wenkrite

leech                                 93                        6                       1                 (229)                

heech                               93                        7                        1                   (212)           

 

trochinoar                         93                        6                        1                   (441)           

chi-kw.=0,612 p<0,736 (=n.s.)

 

minder Fryske wenkrite

leech                                 59                     29                      12                     (66)               

heech                               64                      33                       3                    (81)           

 

trochinoar                         62                      31                       7                 (147)                     

chi-kw.=5,374 p<0,068 (=n.s.)

 

 


Dat yn in Fryske wenkrite de Frysktaligen beide mei in lege en in hege SES foar 93 persint Frysk prate tsjin de fęste winkelman, jout fuortdaliks al oan dat de sosjaal-hiëragyske diminsje net sterk byspilet yn it oanbelangjende taalgedrach. Yn de minder Fryske wenkrite is it ferskil lege (59%) en hege (64%) SES foar dy groep likegoed net dat makket.

 

Tabel 9b           Taalgedrach tsjin fęste winkelman neffens SES per wenkrite by de Nederlânsktaligen (elk skift mei-inoar 100%)

taalgedrach tsjin fęste winkelman

Frysk*            Nederlânsk          streektaal**         (n)

 

Nederlânsktaligen

SES

Fryske wenkrite

leech                                 33                   65                          2                     (51)         

heech                                30                   69                         1                    (134)  

 

trochinoar                          31                   69                         1                    (185)  

chi-kw.=0,769 p<0,681 (=n.s.)

 

minder Fryske wenkrite

leech                                 10                   78                          12                   (69)         

heech                                5                     89                         6                    (99)     

trochinoar                          7                     85                         8                    (168)  

chi-kw.=3,515 p<0,172(=n.s)

 

Fryskpraters

SES

Fryske wenkrite

leech                                 70                   26                          5                     (43)         

heech                                62                   32                         6                    (68)     

 

trochinoar                          65                   30                         5                    (111)  

chi-kw.=0,740 p<0,691 (=n.s.)

 

minder Fryske wenkrite

leech                                 17                   44                          39                   (46)         

heech                                12                   69                         18                  (49)     

 

trochinoar                          15                   57                         28                  (95)     

chi-kw.=6,827 p<0,033

 


Ek by de Nederlânsktaligen binne gjin grutte tsjinstellingen te finen. Inkeld by de Fryskpraters űnder de net fan hűs út Frysktaligen hat de, lege ofwol hege, SES in signifikante ynfloed. Dat sit him net sa bot yn de oanparten Frysk praten, respektivelik 17 en 12 persint, mar folle mear yn it folle hegere oanpart streektaal dat dyen mei in lege SES (39%) brűke neffens dyen mei in hege SES (18%).

Hjir soe ik dan yn it algemien út konkludearje wolle dat de SES fan Frysktaligen en Fryskpraters yn relaasje ta Frysk taalgedrach yn dizze setting der net of kwalik ta docht.

 

2.1.3 Konlúzje oer taalgedrach yn ynformele settingen

Yn de thússituaasje hat it Frysk in stevich en stabyl plak en kin it Frysk taalgedrach goed ynprinte wurde; in lyts ferlies oan de Fryske kant wurdt troch in like grutte winst oan de net-Fryske kant teneate dien. It ferlies fan it Frysk yn de ynformele settingen sit by de Frysktaligen foar in part yn de minder Fryske wenkrite en de winst - foar it Frysk - sit by de net-Frysktaligen yn de Fryske wenkrite. Nęst it Frysk stiet ek it Nederlânsk sterk yn de ynformele setting. De streektaal ferliest benammen.

Ek yn de ynformele kontakten bűten de doar kinne it Frysk en it Nederlânsk inoar aardich belykje en bliuwt de streektaal achter. Ek hjir hat de Fryske wenkrite in positive ynfloed op it Fryske taalgedrach en de minder Fryske wenkrite in negativen ien, de SES fan Frysktaligen en Fryskpraters hat yn dizze setting gjin of kwalik ynfloed.

Alles mei-inoar kin fęststeld wurde dat yn de ynformele settings in stevige basis jűn is oan in taalhabitus dy’t ek foar it Fryske taalgedrach yn de iepenbiere settingen in positive útwurking ha kin.

 

 

2.2 Iepenbiere settingen

 

2.2.0 Ynlieding

De kontakten yn in iepenbiere setting binne foar in part formeler en ynstruminteler, en binne foar in part mei űnbekenden mei wa't mooglik in űngelikense sosjale relaasje bestiet en fan wa't foar in part boppedat net bekend is oft dyen it Frysk yn 'e macht hawwe. Yn de literatuer wurdt der fan útgongen dat de gruttere formaliteit fan de situaasje, in űngelikense status fan de petearpartners en it űntbrekken fan kennis oer de taalfermogens fan de oansprutsen persoan neidielich binne foar it gebrűk fan de net-dominante taal, yn dit gefal dus foar it Frysk taalgedrach. Yn dy kontakten soe dy gewoante yn it foardiel fan it dominante Nederlânsk wurkje kinne. Dat is neigongen oan de hân fan it taalgedrach tsjin hege-statusfigueren yn iepenbiere, formele settings.

 

2.2.1 Taalgedrach tsjin learkręft basisűnderwiis, plysje, boargemaster en spesjalist

Yn tabel 10a binne de antwurden werjűn oer it taalgedrach mei in learkręft op in âlderjűn, in plysje dy't jo oanhâldt, de boargemaster op it gemeentehűs en in spesjalist yn it sikehűs. Fan dy fjouwer formele situaasjes sil de learkręft troch in hegere frekwinsje yn it kontakt nei alle gedachten earder minder űnbekend węze as de trije oaren. By de werjefte wurdt ek hjir de opdieling neffens wenkrite fęstholden (dy't yn de measte gefallen ek yn dizze kontakten statistysk signifikante ferskillen opsmyt). Fanwegen de lytse tallen streektaal (útsein gearkomste pleatslik belang) haw ik my konsintrearre op de tsjinstelling Frysk of net-Frysk taalgedrach.

 


Tabel 10a         Taalgedrach tsjin learkręft basisűnderwiis en plysje

neffens earste taal per wenkrite (elk skift mei-inoar 100%)

taalgedrach tsjin learkręft en plysje

Frysk*            net-Frysk**                                   (n)

 

learkręft/Fryske wenkrite

Frysk                                  82                   18                                                 (416)      

Nederlânsk                       21                   79                                                 (160)  

streektaal                          56                   44                                                 (27)     

 

trochinoar                          65                   36                                                 (603)  

chi-kw. t1=185,618 p<0,000

 

learkręft/minder Fryske wenkrite

Frysk                                  52                   49                                                 (103)      

Nederlânsk                       6                    94                                                 (145)  

streektaal                          6                    94                                                 (67)     

 

trochinoar                          21                   79                                                 (315)  

chi-kw. t1=85,982 p<0,000

 

 

plysje/Fryske wenkrite

Frysk                                  80                   20                                                 (425)      

Nederlânsk                       13                   87                                                (186)  

streektaal                          42                   58                                                 (36)     

 

trochinoar                          58                   42                                                (647)  

chi-kw. t1=242,516 p<0,000

 

plysje/minder Fryske wenkrite

Frysk                                  38                   62                                                 (118)      

Nederlânsk                       1                    99                                                (173)  

streektaal                          8                    92                                                 (72)     

 

trochinoar                          14                   86                                                (363)  

chi-kw. t1=83,254 p<0,000

 

Foar de Frysktaligen yn de Fryske wenkrite binne yn it kontakt mei learkręft en plysje (respektivelik 82% en 80% Frysk) noch gjin ferskillen yn it oanpart Frysk yn ferliking mei de ynformelere settingen as de fęste winkel, buorlju, ensafuorthinne, te finen. Yn it kontakt mei boargemaster en spesjalist is dat sa.


Tabel 10b         Taalgedrach tsjin boargemaster en spesjalist neffens earste taal per wenkrite  (elk skift mei-inoar 100%)

taalgedrach tsjin boargemaster en spesjalist

Frysk*            net-Frysk**                                   (n)

 

boargemaster/Fryske wenkrite

Frysk                                63                     37                                           (154)                

Nederlânsk                      10                      90                                               (83)           

streektaal                         38                      63                                               (16)           

 

trochinoar                         44                      56                                             (253)           

chi-kw. t1=62,616 p<0,000

 

boargemaster/minder Fryske wenkrite

Frysk                                46                     54                                              (37)                

Nederlânsk                       8                      92                                               (61)           

streektaal                           7                      93                                               (42)           

 

trochinoar                        18                      82                                             (140)           

chi-kw. t1=27,069 p<0,000

 

 

spesjalist/Fryske wenkrite

Frysk                                25                      75                                            (508)               

Nederlânsk                       3                     97                                             (225)                

streektaal                          7                      93                                               (43)           

 

trochinoar                         18                      83                                            (776)           

chi-kw. t1=57,314 p<0,000

 

spesjalist/minder Fryske wenkrite

Frysk                                14                      86                                            (159)               

Nederlânsk                       1                   100                                             (191)           

streektaal                          2                      98                                               (88)               

 

trochinoar                           6                      94                                            (438)           

chi-kw. t1=30,988 p<0,000

 


Ek tsjin de boargemaster yn de Fryske wenkrite praat ek noch in lyts twatredde part (63%) fan de Frysktaligen Frysk. Inkeld de spesjalist yn it sikehűs hellet mei 25 persint yn de oanbelangjende wenkrite gjin mearderheid. De skoares fan de oare taalgroepen litte in soartgelikens ôfnimmen sjen (Net werjűn is it ôfnimmen űnder de Fryskpraters űnder harren: it oanpart Frysk is respektivelik tsjin de learkręft 46, de plysje 35 en de boargemaster 32 persint, wylst dat tsjin de spesjalist wer it leechste is mei sân persint). Al dy ferskillende situaasjes kinne dan wol űnder de abstrakte oantsjutting 'formele setting' beflapt wurde, foar it oanpart Frysk taalgedrach wurkje dy dielsituaasjes wol hiel ferskillend út. Der is - nęst it spesifike fan de ôfhinklike posysje as pasjint - noch in oare faktor dy't yn dat spesifike kontakt meispilet en dat sil nei alle gedachten, lykas al earder fęststeld is, it (űn)fermogen węze om Frysk werom te praten, om't benammen medyske spesjalisten net út Fryslân wei komme. De noarm om oan te sluten by de taalgroepsidentiteit fan de oansprutsen persoan sil meispylje. Yn tabel 10ab sil de byhearrende fraach oer de ferwachte behearsking fan de oansprutsen persoan op it aljemint komme.

Al oars as yn de ynformele settingen is dat de Nederlânsktaligen yn de formele settingen mear oan harren eigen taal fęsthâlde, en dat dogge se meast ek mear as dat de Frysktaligen dat mei harren taal dogge. Yn de Fryske wenkrite hâlde de Frysktaligen tsjin in learkręft (82%) en plysje (80%) noch hast like faak it Frysk fęst as de Nederlânsktaligen in ‘oare taal’ as Frysk (respektivelik 79 en 87%), mar Frysktaligen tsjin de boargemaster (63%) en de spesjalist (25%) komme aardich wat leger út as de Nederlânsktaligen yn it algemien mei in ‘oare taal’ (respektivelik 90 en 97%). It oanpart Frysk taalgedrach fan alle Fryskpraters űnder de net-Frysktaligen mei-inoar is yn de minderheid. De Fryskpraters jouwe yn dizze situaasjes minder gau de foarkar oan harren twadde taal, omdat dyen it Frysk praten nei alle gedachten mear ôfhingje litte sille fan yn it Frysk oansprutsen wurden; it inisjatyf leit by de oar, en in Frysktalige fan hűs út komt it earst yn 'e beneaming. Foar de twa utersten, learkręft en spesjalist, lit ik sjen oft dyen yn alle gefallen Frysk weromprate kinne (fanwegen lytse tallen per sel gjin opdieling yn wenkriten).

 

2.2.2 Ferbân tusken taalgedrach tsjin learkręft en spesjalist en Frysk weromprate kinne

Yn tabel 10ab komme op it earste each wat tsjinstelde útkomsten nei foaren. Der wurdt fan útgongen dat de taalhabitus ynjout dat der oansluting by de oar syn taalkar węze sil.


Tabel 10ab       Ynskatting Frysk weromprate kinne neffens taalgedrach tsjin learkręft en spesjalist fan Frysktaligen/Fryskpraters (elk skift mei-inoar 100%)

 

learkręft/spesjalist kin Frysk weromprate

taalgedrach                       ja                    nee/wit net                                   (n)

tsjin learkręft

Frysktaligen

Frysk                                94                        6                                           (379)                

net-Frysk                          44                      56                                             (124)           

 

trochinoar                         82                      19                                             (503)           

chi-kw.=150,758 p<0,000

Fryskpraters

Frysk                                89                     12                                               (52)               

net-Frysk                          68                      33                                           (117)           

 

trochinoar                         74                      26                                           (169)                     

chi-kw.=8,197 p<0,000

tsjin spesjalist

Frysktaligen

Frysk                                63                     37                                           (147)                

net-Frysk                           7                      93                                             (511)           

 

trochinoar                         20                      81                                             (658)           

chi-kw.=225,683 p<0,000

Fryskpraters

Frysk                                64                     36                                               (11)               

net-Frysk                          15                      85                                           (214)           

 

trochinoar                         18                      82                                           (225)                     

chi-kw.=16,639 p<0,000

 

Ut tabel 10ab docht bliken dat by 94 persint fan de Frysktaligen dy't Frysk prate tsjin de learkręft op in âlderjűn, de learkręft nei alle gedachten ek Frysk werompraat, mar by de spesjalist yn it sikehűs kriget mar 63 persint fan harren Frysk werom. De oerbliuwende 37 persint fan de Frysktaligen praat ek Frysk as de spesjalist net Frysk werompraat. By it net Frysk praten fan de Frysktaligen is it krekt oarsom: by de learkręft praat 44 persint fan de Frysktaligen net Frysk, ek al kin dy learkręft Frysk weromprate, by de spesjalist is dat 7 persint. De oerbliuwende 93 persint praat nei alle gedachten net Frysk omdat de spesjalist it ek net weromprate kin.


Om in ferklearring foar it hegere oanpart twatalich petear mei in spesjalist as mei in learkręft te finen, moat men sjen nei de oanparten Frysktaligen dy't Frysk prate yn de twa ferskillende situaasjes op de totalen Frysktalige âlden en pasjinten. Fan de âlden praat 75 persint (379 fan de 503) Frysk en fan de pasjinten docht 22 persint (147 fan de 658) dat. It skift Frysktaligen dat Frysk by de spesjalist praat, is aardich wat lytser en dęrmei eksklusiver as datselde skift by de learkręft.

It ferskil yn hichte fan de drompel om Frysk te praten wurdt ek werjűn yn de persintaazjes trochinoar foar it Frysk werom ferwachtsje kinnen: by de learkręft is dat 82 persint, by de spesjalist is dat 20 persint. Dy persintaazjes wike net safolle ôf fan oanparten Frysk taalgedrach by de learkręft (75%) en de spesjalist (22%) en foarmje dęrmei in sterke oanwizing foar de ynfloed fan it yn 'e macht hawwen fan it Frysk fan de oansprutsen persoan op it Frysk taalgedrach fan de respondint en de noarm ta oanpassing by dy syn taalgroepsidentiteit.

 

 

2.2.3 Ferbân tusken earste taal/mei it Fryske as twadde taal en taalgedrach tsjin de baas/sjef en klanten/besikers

De űnderlinge kontakten mei de kollega's haw ik earder al fanwegen de min ofte mear symmetryske ferhâldingen by de ynformele setting yndield, mar de asymmetryske ferhâlding mei de baas of sjef en de klant of besiker wurdt hjir űnder de formele settingen beflapt.

 


Tabel 11           Taalgedrach tsjin de baas/sjef en klanten/besikers neffens earste taal per wenkrite (elk skift mei-inoar 100%)

taalgedrach tsjin baas/sjef en klanten/besikers

Frysk*               Nederlânsk       streektaal**     (n)

baas/sjef/Fryske wenkrite

Frysk                                69                     30                        2                 (432)               

Nederlânsk                      21                      78                        1                   (183)           

streektaal                         32                      59                      10                     (41)           

 

trochinoar                         53                      45                        2                   (656)           

chi-kw. t1=140,445 p<0,000

 

baas/sjef/minder Fryske wenkrite

Frysk                                56                     37                        7                 (145)               

Nederlânsk                       8                      85                        7                   (166)           

streektaal                          9                      57                      33                     (75)           

 

trochinoar                         26                      62                      12                   (386)           

chi-kw. t1=140,846 p<0,000

 

klanten/besikers/Fryske wenkrite

Frysk                                85                     13                       2                 (402)                

Nederlânsk                      39                      54                        7                   (188)           

streektaal                         56                      36                        8                     (36)           

 

trochinoar                         69                      27                        4                   (626)           

chi-kw. t1=131,797 p<0,000

 

klanten/besikers/minder Fryske wenkrite

Frysk                                79                     17                       5                 (131)                

Nederlânsk                      25                      65                      10                   (159)           

streektaal                         43                      30                      27                     (67)           

 

trochinoar                        48                      41                      11                   (357)           

chi-kw. t1=166,085 p<0,000

 


As bygelyks it persintaazje Frysk fan de Frysktaligen mei de kollega's (84%, sj. tabel 7) ferlike wurdt mei de dyselde kategory yn it kontakt mei de baas (of sjef) (de ferlykbere berekkening fan Fryske en minder Fryske wenkrite trochinoar smyt 65% op), dan komt yndie dat persintaazje foar de formele setting leger út. It persintaazje Frysk mei de klanten/besikers (berekkening trochinoar is 83%) sit oars wer likernôch op itselde oanpart as it Fryske taalgedrach mei de kollega's. By beide soarten fan kontakten sil nei alle gedachten de faktor behearsking fan it Frysk by de baas of de klant in grutte ynfloed hawwe. (By dy fraach wie oars, troch it feit dat in respondint in soad ferskillende klanten/besikers hawwe kin, te ferwachtsjen dat de antwurdmooglikheid Frysk čn Nederlânsk of in oare (streek)taal it measte foarkomme soe.) Hjirnei is de respondint frege om de baas syn (graad fan) behearsking fan it Frysk yn te skatten.

 

Tabel 11bis      Ynskatting fan behearsking Frysk fan baas neffens taalgedrach tsjin baas fan Frysktaligen/Fryskpraters (elk skift mei-inoar 100%)

 

baas hat Frysk yn 'e macht

ja                       nee                                        (n)

taalgedrach

Frysktaligen

Frysk                                         91                        9                                  (365)                

net-Frysk                                   15                      85                                    (176)           

 

trochinoar                                  67                      34                                    (541)           

chi-kw.=307,194 p<0,000

 

Fryskpraters

Frysk                                         93                        7                                      (55)               

net-Frysk                                   40                      60                                  (123)           

 

trochinoar                                  56                      44                                  (178)                     

chi-kw.=43,186 p<0,000

ja=Baas kin 'hiel maklik', 'goed' of 'frij aardich' Frysk prate

nee=‘mei lijen’ en ‘hielendal net’

 


By de Frysktaligen hawwe wy ek wer in goede - hast perfekte - oansluting tusken it oanpart fan de bazen dat Frysk prate kin (trochinoar 67%) en it oanpart fan de respondinten (365 fan de 541=68%) dat tsjin him ek yndie Frysk praat. De “normale” gong fan saken dat in petear yn ien taal fierd wurdt, itsij yn it Frysk, itsij yn it Nederlânsk (oansluting by de taalgroepsidentiteit), is ek yn de rolrelaasje superieur-űndergeskikte fan tapassing: de 9 persint fan de Frysktaligen dy't Frysk praat tsjin de baas dy't net Frysk weromprate kin, foarmet 6 persint fan alle Frysktaligen. De 15 persint fan de Frysktaligen dy't net Frysk praat tsjin de baas wylst dy it wol weromprate kin, makket 5 persint fan de folsleine groep út. It grutste ferskil fan de Fryskpraters út de twa oare taalgroepen mei de Frysktaligen sit him yn it legere oanpart dat de Fryske taalkapasiteiten fan de baas benut: fan de Fryskpraters dogge 49 fan de 100 (49%) dat, fan de Frysktaligen 333 fan de 360 (93%). De oansluting tusken it oanpart fan de bazen dat Frysk prate kin (trochinoar 56%) en it oanpart fan de respondinten (55 fan 178=31%) dat tsjin sa’n baas yndie ek Frysk praat, komt sa'n bytsje op de helte fan dy fan de Frysktaligen. It net Frysk prate kinnen fan de baas liket foar de Frysktaligen de grutste barjęre te węzen om yn dy formele setting Frysk te praten. Foar Fryskpraters űnder de net-Frysktaligen binne de kapasiteiten fan de baas om mooglik Frysk prate te kinnen minder fan belang as bygelyks de earste taal fan de net-Frysktaligen of fan de baas. In part fan harren sil - meast yn de minder Fryske wenkrite - streektaal mei inoar prate.

 

2.2.4 Ferbân tusken earste taal/mei it Frysk as twadde taal en taalgedrach op offisjele gearkomste op it wurk per wenkrite

In situaasje op it wurk dy't űnder de formele settings falt, is de offisjele gearkomste. Tagelyk spilet net allinnich it offisjele karakter in rol, mar ek dat der op sa'n gearkomste minsken by binne dy't net Frysk prate kinne. Yn in soad gefallen sil - bewust of űnbewust - dat fan dy gefolgen węze dat de Frysktaligen op sa'n gearkomste oanslute by de taalkar fan de net-Frysktaligen. It kin fansels ek in ynsliten gewoante węze om űnder alle omstannichheden in gearkomste yn de dominante taal te hâlden. Yn tabel 12 binne de útkomsten wer per wenkrite werjűn (dy't per taalgroep ek hjir wer signifikant ferskillend binne).

 

Tabel 12           Taalgedrach op offisjele gearkomste op it wurk

neffens earste taal per wenkrite (elk skift mei-inoar 100%)

taalgedrach op offisjele gearkomste op it wurk

Neder-     Frysk         elk syn        noch                  (n)

lânsk                           eigen          oars

earste taal

Fryske wenkrite

Frysk                                41              47                8               4               (491)               

Nederlânsk                      69              17                9                5               (217)           

streektaal                         58              30               5                7                  (43)

 

trochinoar                         50              37                8                4               (751)           

chi-kw. t1=62,913 p<0,000

 

minder Fryske wenkrite

Frysk                                48              32               10                9               (161)               

Nederlânsk                     79                5              10                5               (194)           

streektaal                         61               6              15              18                  (88)           

 

trochinoar                         65              15              11                9               (443)           

chi-kw. t1=75,030 p<0,000

 

 


Om net ôfwike te wollen fan de algemiene gearkomstetaal wurdt dęr by oansletten: de lege persintaazjes dat ‘elk syn eigen taal’ praat yn sawol de Fryske wenkrite (8%) as de minder Fryske wenkrite (10%) foarmje in oanwizing dat der in foarkar bestiet om in gearkomste yn ien taal te hâlden. Hokker taal at dat is, hinget foar in part ôf fan it oanpart Frysktaligen op sa'n gearkomste. (De taalkar fan de foarsitter en de oanwęzigens fan minsken bűten Fryslân wei spylje nei alle gedachten ek net swak by, mar dęr binne gjin fragen oer steld.) It lei dęrom ek yn 'e reden dat it Fryske taalgedrach per wenkrite ferskille soe. Fan de Frysktaligen praat yn de Fryske wenkrite in mearderheid (Frysk 47 en elk syn eigen 8=55%) de eigen taal op sa'n wurkgearkomste, wylst dat yn de minder Fryske wenkrite in minderheid (Frysk 32 en elk syn eigen 10=42%) is. Fan de Nederlânsktaligen yn de Fryske wenkrite is it in gruttere mearderheid (Nederlânsk 69 en elk syn eigen 9=78%) en yn de minder Fryske wenkrite in noch gruttere mearderheid (Nederlânsk 79 en elk syn eigen 10=89%) dy't it Nederlânsk as gearkomstetaal oanjout. De streektaligen kieze ek yn mearderheid foar it Nederlânsk, sawol yn de Fryske (58%) as yn de minder Fryske wenkrite (61%). It brűken fan de streektaal is net eksplisyt nei frege, mar is nęst 'elk syn eigen taal' űnderbrocht by 'noch oars'. It brűken fan de streektaal kin dęrom in oanwizing (űnder 'noch oars' kin ek Ingelsk of sa falle) oer fűn wurde troch dy beide antwurdkategoryen byinoar op te tellen. Fan de streektaligen praat yn de Fryske wenkrite in lytse minderheid (elk syn eigen 5 en noch oars 7=12%) streektaal en yn de minder Fryske, nei alle gedachten streektalige, wenkrite docht in treddepart (elk syn eigen 15 en noch oars 18=33%) dat. Net werjűn is wer it Fryske taalgedrach fan de Fryskpraters űnder de Frysk- en streektaligen: 22 persint fan harren brűkt mear Frysk yn de Fryske (28%) as yn de minder Fryske wenkrite (6%). De ferskillende oanparten Frysktaligen yn de respektivelike wenkriten en dęrmei de Frysktaligens fan it sosjale netwurk sille nei alle gedachten oantrún węze om dęrneffens by it brűken fan it Frysk oan te sluten.

Hoe’t de mingdtaligens fan in gearkomste útwurket, kinne wy foar in part sjen troch in offisjele gearkomste op it wurk tsjin in ynformelere gearkomste fan pleatslik belang ôf te setten. De lęste gearkomste ferskilt oars op syn minst op twa wizen fan de earste: doarpsgenoaten steane yn prinsipe yn in symmetryske relaasje foar inoar oer en de talige gearstalling is mear bűn oan de wenkrite en dęrom homogener. De útkomsten fan beide kinne boppedat inkeld in foarsichtige oanwizing jaan, omdat se net sűnder mear mei inoar te ferlykjen binne: by pleatslik belang is der net frege nei it taalgedrach fan de respondint (mar de taal of talen fan de gearkomste) en de antwurdkategoryen ferskille fan dy by de fraach oer de wurkgearkomste.


Tabel 13           Taalgedrach op gearkomste pleatslik belang

neffens earste taal per wenkrite (elk skift mei-inoar 100%)

 

taalgedrach op gearkomste pleatslik belang

(meast)    beide         (meast)       noch                  (n)

Frysk        likefolle      Nederlânsk        oars

 

earste taal

Fryske wenkrite

Frysk                                83               6              11               1               (474)               

Nederlânsk                      69              11              18                2               (188)           

streektaal                         74              10              15                 -                  (39)

 

trochinoar                         79                8              13                1               (701)           

chi-kw. t1=16,024 p<0,014

 

minder Fryske wenkrite

Frysk                                22              10               42              26               (119)               

Nederlânsk                        7                4              69              21               (135)           

streektaal                          3               8              55              34                  (74)           

 

trochinoar                         11                 7              56              26               (328)           

chi-kw. t1=34,331 p<0,000

 

Foar alle trije taalgroepen kin fęststeld wurde dat yn de Fryske wenkrite ‘(meast) Frysk’ (respektivelik 83, 69 en 74%) en yn de minder Fryske wenkrite it minst ‘(meast) Frysk’ (respektivelik 22, 7 en 3%) praten wurdt. Foar alle trije skiften giet it om signifikante ferskillen. It Nederlânsk komt yn de minder Fryske wenkrite trochinoar oars net sa heech (56%) as it Frysk yn de Fryske (79%), omdat yn de minder Fryske wenkrite de streektaal ek syn oanpart leveret. Ek op de gearkomste fan pleatslik belang is de middelste antwurdkategory ‘beide talen likefolle’ mei op 'en heechsten tolve persint leech fertsjintwurdige. Dat kin op ’e nij as in oanwizing sjoen wurde dat der in sosjaal-psychologyske driuw bestiet om op in gearkomste ien, de wenstige, taal te praten en dat it oanpart Frysktaligen yn in beskate setting in grutte ynfloed hat op oft it Frysk dy wenstige taal is.

 

2.2.5 Konklúzje oer taalgedrach yn iepenbiere settingen


De Nederlânsktaligen hâlde yn de formele settingen mear oan harren eigen taal fęst as yn de ynformele settingen. Dat dogge dyen meast ek mear as dat de Frysktaligen dat mei harren taal dogge. De Fryskpraters jouwe yn dizze situaasjes minder gau de foarkar oan harren twadde taal Frysk, omdat dyen it Fryskpraten nei alle gedachten mear ôfhingje litte sille fan yn it Frysk oansprutsen wurden; it inisjatyf leit by de oar, en in Frysktalige fan hűs sil earder Frysk prate as immen dy’t it Frysk letter oanleard hat. De persintaazjes Frysk weromferwachtsjen fan de persoan dy’t oansprutsen wurdt en de oanparten Frysk taalgedrach wike net safolle fan inoar ôf by de Frysktaligen en foarmje dęrmei in sterke oanwizing foar de ynfloed fan it yn 'e macht hawwen fan it Frysk fan de oansprutsen persoan op it Frysk taalgedrach fan de respondint en de noarm ta oanpassing by dy syn taalgroepsidentiteit. It patroan fan taalgedrach dat ynhâldt dat in petear yn ien taal fierd wurdt - itsij yn it Frysk, itsij yn it Nederlânsk (oansluting by de taalgroepsidentiteit) - is ek yn de rolrelaasje superieur-űndergeskikte fan tapassing. It grutste ferskil fan de Fryskpraters mei de Frysktaligen sit him yn it legere oanpart fan de earstneamden dat de Fryske taalkapasiteiten fan de baas benut. It net Frysk prate kinnen fan de baas liket dęrfoaroer foar de Frysktaligen wol de grutste barjęre te węzen om yn dy formele setting Frysk te praten. It is mar in relatyf lyts skift Frysktaligen dat Frysk praat tsjin persoanen dy’t net Frysk werom prate.

Ek foar taal op in gearkomste is der in grut ferskil per wenkrite. Foar alle trije taalgroepen kin fęststeld wurde dat yn de Fryske wenkrite (meast) Frysk en yn de minder Fryske wenkrite minder Frysk praten wurdt. It Nederlânsk komt yn de minder Fryske wenkrite trochinoar oars net sa heech as it Frysk yn de Fryske, omdat yn de earstneamde wenkrite de streektaal ek syn oanpart hat. It komt net faak foar dat op in gearkomste beide talen likefolle brűkt wurde. Dat kin op ’e nij as in oanwizing sjoen wurde dat der in noarm bestiet dy’t foarskriuwt dat der op in gearkomste ien, de wenstige, taal praat wurdt en dat it oanpart Frysktaligen yn in beskate setting der in grutte ynfloed op hat oft it Frysk dy wenstige taal is.

 

 

3. Einkonklúzje

 

By de beskriuwing fan it taalgedrach yn Fryslân is útgongen fan űngelikense machtsferhâldingen tusken de taalgroepen yn Fryslân. De Nederlânske taalgroep hat de grutste taalmacht, dy’t makket dat oansluting by it Nederlânsk lang om let ôftwongen wurde kin. It liedt by de Frysktaligen ta in taalhabitus dęr’t in fęst patroan fan taalgedrach by oanleard wurdt: Frysk tsjin Frysktaligen en Nederlânsk tsjin Nederlânsktaligen. Hoe’t dy habitus útpakte foar de ynformele en formele settingen is behannele oan de hân fan de probleemstelling oer it taalgedrach fan de trije taalgroepen yn dy settingen.

Benammen it ‘węr’ hat in grutte rol spile by de beskriuwing, om’t dat foar in grut part gearhong mei ‘tsjin wa’ en de wenkrite.


Achterinoar binne de útkomsten fan de meast fertroulike, lytsskalige situaasjes (famylje en thús) en de situaasjes yn de direkte omkriten fan thús (freone-/kunderűnte, fęst winkelpersoniel, kollega's, ensfh.) oant de iepenbiere, grutskaliger en formelere situaasjes (kontakten mei funksjonarissen mei in hege status en gearkomsten) presintearre. Dat is faak neffens wenkrite útsplitst. Dęrmei is ek besocht om de maatskiplike en geografyske sprieding fan it Fryske taalgedrach yn kaart te bringen. It giet oars by dy lęste sprieding net sa lyk om in suvere geögrafyske fariabele. Wenkrite is fuort ek in yndikator foar de Frysktaligens (it Frysk yn 'e macht hawwen) fan de kontakten yn it sosjale netwurk fan dat gebiet. It die bliken dat de geografyske sprieding (hast) altiten foar signifikante en grutte ferskillen yn de útkomsten soarge, wylst de maatskiplike ferskillen yn formaliteit fan de setting en ek de sosjaal-ekonomyske status fan de respondinten dat (hast) net dienen.

Foar de earstegraads ynformele settingen is konkludearre dat it Frysk dęr persintueel trochinoar net swakker stiet as it Nederlânsk en de streektaal, yn de Fryske wenkrite folle sterker as yn de minder Fryske wenkrite. De al earder konstatearre stabiliteit fan it Frysk[30] hinget gear mei it sterke plak fan Frysk foar de Frysktaligen yn de ynformele settingen thús en buorren (direkte wensituaasje). It is de útfalsbasis foar de lossere en minder frekwinte kontakten bűten dy settingen. De kar fan de Frysktalige foar de taal fan de dominante groep, it Nederlânsk, is dęr lang net wenstich. Yn prinsipe jildt in soartgelikens ferhaal foar it Nederlânsk by de Nederlânsktaligen, mar ek foar de twataligen űnder harren is it benammen yn de twaddegraads ynformele settingen yn de Fryske wenkrite dat foar in substansjeel part it Nederlânsk net de fanselssprekkende taal is. De wurkflier is in moetingsplak dęr't ynformele (frijbliuwend) en formele (oangongen wurkrelaasje) kanten inoar reitsje.Yn tsjinstelling mei in freone-/kunderűnte kin men inoar op it wurk minder maklik űntrinne. Faaks dat dęrom it wurk ek in wichtige setting is foar it oanlearen fan it Frysk.

Foar de iepenbiere settingen liket in minder sterke posysje foar Frysk taalgedrach weilein, omdat it relatyf gruttere oanpart net-Frysktaligen der foar soargje kin dat der in gruttere drompel foar it brűken fan it Frysk leit. Boppedat geane de Fryskpraters űnder de Nederlânsktaligen yn de formele settingen minder gau op it Frysk oer. Ek op in (grutskalige) gearkomste wurdt faak ien, de wenstige, taal praten en dan is it oanpart Frysktaligen fan grut belang foar it brűken fan it Frysk.

De beskriuwing fan it taalgedrach yn Fryslân hat benammen west op grűn fan de teoretyske oannames fan de taalhabitus. Utgongen is ek fan de űngelikense machtsferhâldingen tusken de taalgroepen dy’t ta in noarm fan oanpassing by de taalgroepsidentiteit, by de fiertaal fan in rinnend petear by it ynstitusjonalisearre gebrűk laat hat. De dęrop basearre logika fan de praktyk liedt ta dy taalhabitus fan benammen Frysktaligen dy’t makket dat it Frysk yn ynformele mear en formele settingen minder funksjonearret. Faaks dat de presintearre útkomsten fan dit kwantitatyf rjochte surveyűndersyk ta yngeander, kwalitatyf rjochte űndersyk nei taalgedrach yn Fryslân ynspirearje sil.


Noaten

 

 



[1] Yn de tabellen wurde ôfrűne persintaazjes brűkt. Dęrtroch kin de som fan dy presintearre persintaazjes wolris op 99 of 101 persint útkomme al neigeraden’t der nei űnderen of nei boppen ta ôfrűne wurdt.

     [2]

Tabel 5a/bis     Oerlaap fan taal wenstrjitte/streek en wenkrite (elk skift mei-inoar 100%)

 

 

taal wenstrjitte/streek

 

 Frysk   Neder-     streek-     (n)

lânsk        taal

wenkrite

Frysk                                                   81          18             1      (867)

minder Frysk                                      18          51           31      (424)

 

trochinoar                                           61          28            11    (1291)

 

 

chi-kw.=531,157 p<0,000

 

By de oerlaap fan 81 persint (fan n=867) fan de taal fan de Fryskpratende wenstrjitte mei de Fryske wenkrite giet it om 702 respondinten; 55% fan alle respondinten (702 fan de mei-inoar 1291) wennet dus yn in (meast) Fryskpratende strjitte yn in Fryske wenkrite.



[1].         Gorter en Jonkman 1995a.

[2].        Gorter-en-dy 1984.

[3].         Pietersen 1969.

[4].         Gorter en Jonkman 1995b.

[5].         Myn (net-publisearre) lęzing op it Frysk filologekongres 1996 oer de ynfloed fan maatskiplike noarmen en persoanlike eigenskippen op de taalkar yn Fryslân.

[6].         Jonkman 1999b.

[7].         Euromosaic 1996: 5.

[8].         Sjoch ek Pietersen (1969: 141‑143) oer 'taalmacht'.

[9].         Weber (1976: 28), sjoch útwurking foar taalferhâldingen yn Fryslân Gorter (1993: 225‑240).

[10].      Ferlykje Gorter (1993: 225‑227) oer 'hegemoniale macht'.

[11].      Gorter‑en‑dy 1984: 28‑29.

[12].      Ferlykje ek Jonkman (1993: 118‑119) oer de sprekkers fan it stedsdialekt Leewarders.

[13].      Bourdieu (1991: 66‑89), sjoch ek 'Editors introduction' 10‑25.

[14].       De oantsjutting 'kompetysje' slút moai oan by de taalsituaasje yn Fryslân dy't wol as 'konkurrearjende (of kompetative) twataligens' tusken de dominante taal (Nederlânsk) en de minderheidstaal (Frysk) karakterisearre is. It begryp '(romme) diglossy' of 'funksjonele distribúsje' (Fishman 1972) liket net tarikkend om de taalkar yn Fryslân adekwaat mei te beskriuwen (Gorter 1993: 25‑28 en Jonkman 1993: 23‑28). De klam leit dęrby tefolle op fęstlizzende funksjes foar beide talen, wylst dy beide yn Fryslân krekt mei inoar yn konkurrinsje binne om beskate funksjes.

[15].      Jonkman 1985 en 1989.

[16].      'Konverginsje' (Giles en Coupland 1991).

[17].      Bourdieu 1991: 19‑20.

[18].      Gorter 1993: 167‑174.

[19].       De basis foar it markearringsmodel foar koadewiksel fan Myers‑Scotton (1993) is dat peteardielnimmers beide rjochten en plichten foarinoar oer hawwe. It kiezen foar in beskate taalfariëteit wurdt beskôge as űnderhanneljen oer of it presintearjen fan de rjochten en plichten fan de sprekkers fan wjerskanten. As de balâns tusken beide sprekkers yn lykwicht sjoen wurdt (dat wat oars is as in maatskiplik lykwicht tusken de taalgroepen) en der net ôfwykt wurdt fan de ferwachte en wenstige taal, dan is der sprake fan 'űnmarkearre' taalgedrach. As in sprekker in nije ferhâlding yn rjochten en plichten oangean wol en dęrom ôfwykt fan de ferwachte taal, dan giet it om 'markearre' taalgedrach. Wat de ferwachte taal is, hinget fan de algemiene noarmen ôf yn in maatskippij. Der kin in algemienere noarm bestean foar it taalgedrach yn in beskate petearsituaasje, mar der is romte om dęr fan ôf te wiken.

[20].      Gorter 1997: 75‑78.

[21].      Jonkman 1996.

[22].      Gorter‑en‑dy 1984: 3.

[23].      Gorter en Jonkman 1995a: 5 en 65.

[24].       Gorter en Jonkman 1995a: 16-17 en 1995b.

[25].       Sjoch ek Gorter en Jonkman 1995b.

[26].       Jonkman 1993: 109-115.

[27].       Ferlykje ek Wergea/De Trisken yn Rankenberg en De Jong 1987 en De Jong 1989.

[28].       Jonkman 1999a.

[29].       Sjoch ek Gorter en Jonkman 1995b: 222-225.

[30].       Gorter en Jonkman 1995a en 1995b.

Eigene Webseite von Beepworld
 
Verantwortlich für den Inhalt dieser Seite ist ausschließlich der
Autor dieser Homepage, kontaktierbar über dieses Formular!