taalbelied


Artikels oer en besprekken fan taalpolitike űnderwerpen


- Besprek fan Bertus Mulder, Fryske Taalpolityk, Boalsert 1997.

- Stân fan saken Fryske plaknammen: Oersjoch fan de maatskiplike yntegraasje yn de njoggentiger jierren yn Pompeblęden


In koarte skiednis fan de Fryske taalpolityk yn sosjaal-demokratysk perspektyf

Oer: Bertus Mulder, Fryske taalpolityk. Koperative Utjowerij, Boalsert, 1997. 134 s. Priis: **,**

Reitze J. Jonkman

 

Fryske Taalpolityk fan Bertus Mulder is it earste boekje yn de rige DOKUTEKST, útjűn troch de Koperative Utjowerij. In rige mei teksten fan in synjalearjend, kritysk en dokumintatyf karakter oer wittenskip, polityk, maatskippij, kultuer, taal en literatuer. Yn de foarlizzende samling fan Mulder komme al dy skaaimerken al op it aljemint. De klam leit dęrbij op taal en polityk. De spesifike fyzje fan de auteur op dy twa hie miskien faaks ek wol yn de no frijwat neutrale titel nei foaren komme mocht mei in taheakke lykas '... út in sosjaal-demokratysk perspektyf wei'. Yn it 'Voorwoord' neamt Paul Kalma (Wiardi Beckman Stichting fan de PvdA) de bondel ek in oanfolling op de skiedskriuwing fan de Nederlânske sosjaal-demokrasy. Mei dy taheakke flagge wurdt de lading fan tsien teksten (in lęzing, artikels, boekbesprekken en taspraken) better dutsen, want net allinnich stiet yn it grutste artikel 'De sosjaal-demokrasy en it Frysk: kultuerpolityk yn etappes' (s. 24-57) de ferbining tusken it Frysk en de sosjaal-demokratyske taalpolityk sintraal, ek is dat de 'reade tried' yn de measte oare teksten.

 

De teksten

De earste tekst 'Piter Jelles' (s.13-23) giet oer it gearrinnen fan Fryske taalpolityk en sosjaal-demokrasy yn de persoan fan Piter Jelles Troelstra as foaroanman fan Fryske beweging en foaroanman fan de SDAP. Troelstra hold de Fryske beweging foar dat dy in polityk programma hawwe moast dat prioriteiten steld. Foar Piter Jelles wie dat it űnderwiis: Frysk lęzen en skriuwen leare om fia emansipaasje út in maatskiplike achterstânssituaasje wei te kommen. Dat Fryske stribjen moast wol syn plak binnen de Nederlânske steat hawwe.

            Yn de krekt neamde grutste bijdrage komt Mulder wer werom op Piter Jelles syn stânpunten (ű.o. tsjin in Frysk Fryslân lykas Douwe Kalma foarstie) en de ynfloed dęrfan op it Sosjaal-Demokratysk Frysk Forbân, yn 1928 oprjuchte troch frysksinnige SDAP-ers. Undere ynfloed fan dat Forbân komt it rapport SDAP en it Frysk ta stân, dat ta in partijstânpunt late fan fakultatyf Frysk yn it leger űnderwiis. Mei troch dy stellingname is it Frysk (űnder de neamer fan 'streektaal in levend gebruik') yn 1937 yn de wet opnommen. Nei de oarloch siet de kearn fan it Forbân yn de trochbraak-partij. Mulder skriuwt: "As PvdA-steatelid wie Piebenga de earste dy't yn 1946 yn de Fryske Steaten Frysk prate; hy waard net mear, lykas earder it SDAP-steatelid Sjouke de Zee yn 1915 oerkommen wie, fan de foarsitter ôfhammere." Sa wyt de auteur ek goed de oansluting fan Schurer bij de PvdA, Kneppelfreed en in PvdA-rapport út 1950 bijinoar te bringen yn ferbân mei de lykberjuchtiging fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear. De politikus Mulder ferwurdet de fierdere histoaryske stappen ("etappes") oersichtlik en logysk dy't bijdrage ta fierdere resultaten foar it Frysk (ű.o. erkenning fan Frysk as twadde Rykstaal yn 1970 en deistige Fryske televyzje yn 1994).

            It is lykwols net sa dat dy frysksinnige űntjouwing binnen de partij samar sűnder striid ta stân kommen is. Der wienen faak grutte wjerstannen. Den Uijl wie tsjin in sterke profilearring troch it Frysk yn Fryslân. Dochs net űntefreden oer de resultaten slút Mulder ôf mei: "Winliken wurdt yn Fryslân mei stipe fan de Fryske sosjaal-demokrasy in kultuerpolityk sűnder wjergea yn Nederlân fierd, (...). (...) Der kin mei ferdrach fierder buorke wurde."

            De koarte tekst oer de Kristlik-Demokratyske Uny 'De CDU, it Frysk en de Trochbraak' (s. 58-63) past ek aardich yn it (histoaryske) ferhaal oer Frysk en sosjaal-demokrasy, om't ek frysksinnige minsken út de CDU, lykas Schurer, nęst SDAP-ers bijdroegen hawwe oan de opbou fan de nije partij PvdA.

            Yn de 'Taalverhoudingen in Friesland' (s. 64-73) leit Bertus Mulder oan de hân fan in besprek fan it taalsosjologysk űndersyk Taal yn Fryslân (1984) foar de bűtenwacht (yn it tydskrift Socialisme en Democratie) út wat de Fryske beweging, taal- en sosjale ferhâldingen mei inoar te krijen hawwe. Foar Fryslân negative politike, demografyske en ekonomyske űntjouwings sűnt de 18de ieu hawwe ta marzjinalisearring fan Fryslân laat. De űntjouwing fan de Fryske beweging is in reäksje dęrop. It űndersyk 'Taal yn Fryslân' toande wer ris op 'e nij oan dat de migraasje en de taalmacht fan it Nederlânsk noch hieltiten negatyf op de sosjale taalferhâldingen útwurkje: "Hoe hoger men op de maatschappelijke ladder komt, hoe meer Nederlandstaligen men aantreft, en hoe minder friesgezind de schaarse Friestaligen zijn. (...) Friestaligen vormen een duidelijke meerderheid in de industriële, ambachtelijke en agrarische sector, maar een minderheid in de sfeer van bestuur, kunst en wetenschap." De besprekker fynt it dęrom spitich dat de űndersikers Hechter ("Binnenlânsk koloanialisme") syn ideeën oer de negative útwurking fan ien aparte arbeidsmerk foar de regio en ien aparte foar it hiele lân net yngeander yn de analyze behelle hawwe.

            Yn de taspraak 'Moderne taalpolityk' (s.74-81) bij it fyftichjierrich bestean fan Frysk en Frij sprekt Mulder as deputearre fan kultuer oer de rjuchten dy't troch it provinsjale taalbelied binnen helle binne foar it Frysk yn it űnderwiis, offisjele ferkear en media, rjuchten dy't yn Den Haach te heljen binne. Mar der is in nije bedriging fan mobiliteit en massamedia yn Fryslân sels. Dęrom moat der nij taalbelied komme. De provinsjale Ramtnota leit klam op it Frysk as funksje-eask bij nij oan te nimmen personiel en Frysk yn de media. Troch it Frysk wichtich te meitsjen foar de beropskarjęre wite jo dat jo der wat mei kinne. It skreaune Frysk, boeken en tiidskriften binne ek fan belang om de taalmacht fan it Frysk te fergrutsjen.

            Yn 'Taal is meer dan zakelijke communicatie' (s. 82-87) kriget Hans van den Bergh in reäksje op dy syn publike stelling dat Nederlanners it Frysk en it Nederlânsk mar foar it Ingelsk ynleverje moatte. Mulder wiist op de opkomst fan de demokratisearring dy't der ta late dat it in goed rjucht waard om yn Fryslân Frysk te brűken. Hjir wurdt troch de auteur ek in ferbining lein mei gewoane minsken dy't nei't se trochleard hienen har frijer fielden om Frysk te praten. It giet boppedat om in fęste basis foar it belibjen fan de eigen identiteit yn in grutter wurdende wrâld.

            De taspraak oer it rapport 'Meartaligens yn de basisedukaasje' (s.88-93) stelt oan de oarder dat Frysktaligen har wol minderweardich fiele kinne, om't se tinke dat se har troch har Frysk net goed yn it Nederlânsk uterje kinne. Lesjouwers moatte harren net allinnich Nederlânsk oanleare, mar ek wat oan har sosjale feardichheden yn it Frysk dwaan. Nei alle stúdzje op dit punt moat bij de basisedukaasje hjir lang om let marris in kear beleid fierd wurde.

            Bij besprek fan Durk Gorter syn proefskrift oer Frysk yn it gemeentehűs op It Hearrenfean 'Dűbeltaligens is in pree foar amtner' (s.94-98) wiist de Bertus Mulder op de arguminten tsjin it brűken op fan it Frysk dęre: "verder als Wolvega kom je er niet mee" of "we zijn allemaal inwoners van Nederland." It liedt ta de belangrykste taalgedrachregel dat de Frysktaligen har bij de Nederlânsktaligen of bij de fiertaal fan it petear oanpasse moatte. De Fryske taalpolityk nei 1945 hat faaks wat romte makke yn it gemeentlik apparaat op It Feen, konstatearret de besprekker, mar dy freget him tagelyk ek ôf hoe't de troch Gorter as hegemoniaal oantsjutte oermacht fan it Nederlânsk wat tebekkrongen wurde kin. Likefolle hoe dat ek dien wurdt; de gemeente sil in útsprutsen taalbelied fierd wurde moatte om de klant yn de eigen taal temjitte te kommen.

            Yn de bijdrage 'Lolle Nauta als criticus' (s. 99-114) wurket de sosjaal-demokraat de útspraak út dat beide it begjin en it ôfskie fan Nauta syn meidwaan oan it Fryske literęrbedriuw ferbűn is mei it politike karakter fan de Fryske taalstriid. In minderheidstaal is ferbűn mei oerhearsking en űnderskikking. Yn de tiid nei Kneppelfreed, doe't Nauta yn De Tsjerne debutearre (1954), lit Nauta him ynspirearje troch Schurer dy't de taalstiid yn in sosjalistysk perspektyf set. Skriuwen yn it Frysk is in taalpolitike kar.  As Lolle Nauta syn stribjen om ta in fúzje fan Asyl, Quatrebras en De Tsjerne te kommen yn 1966 mislearret, jout er de (Fryske) literatuer oer. Mulder wol ha dat de eigentlike reden fan de ôfskienimmende kritikus is dat de modernisearring fan de Fryske ekonomy űnderstek docht oan it Frysk. Dat te kearen, hat gjin doel mear.

            De taspraak bij de útrikking fan Gysbert Japicxpriis (1995) 'De iene Tilly is de oare net - is dat wier? -' (s. 115-128) giet oer de (literęre) wierheid yn winner Riemersma syn boek en falt dęrom wat út de toan bij de foargeande teksten.

 

Ofsluting

Yn it 'Neiwurd' (s.125-128) jout de gearstaller-auteur fan Fryske taalpolityk oan dat teksten űnstien binne út it ferlet wei om mear te witen oer it (mindere) plak fan it Frysk yn polityk en maastkippij yn Fryslân. Hij slút ôf mei de betingst om it Frysk in better plak te jaan: it Frysk moat mear taalmacht krije. Lykas ik yn it begjin al oantsjutte, giet it yn dat boekje om teksten dy't in fyzje werjouwe fan in sosjaal-demokraat. De politikus Mulder skriuwt op in dúdlike, hecht trochtimmere en konstatearjende wize syn ideeën op dy't net allinnich it maatskiplik probleem fan de taalstriid sketst, mar ek op in fanselssprekkende toan reedlike oplossingen oanrikt. It is ek gjin niget dat dy oplossingen net fierder problemisearre wurde, omdat de polityk ek in antwurd op problemen hawwe moat. In wol komysk oandwaand foarbyld dęrfan is dat Mulder nei it behanneljen fan Nauta syn defaitistysk oerjaan fan de Fryske taalstriid yn de folgjende sin syn reäksje klear hat: de Fryske PvdA pleite al yn dyselde sechtiger jierren foar regionale radio en televyzje as bestriding fan de hegemony fan de Nederlânsktalige massamedia en, sjochoan, yn 1994 is Omrop Fryslân mei deistige televyzjeútstjoerings begűn..... It ferskillende kearen opkommen foar de Fryske televyzje yn de keazen teksten is oars Mulder syn ynfolling fan prioriteitstellen binnen in polityk programma, in stânpunt dat hij al bij Piter Jelles tsjinkaam.

            Mulder slút ek bij Troelstra oan yn it stânpunt dat it bij de taalstriid om in emansipaasjestribjen út in maatskiplike achterstânssituaasje wei giet. Gauris wurdt ferwiisd nei de maatskiplike tsjinstellingen tusken de strata. De taalstriid is lykwols ek noch om in oare reden in sosjale striid: de Fryske taalgroep is as gehiel in sosjale groep dy't binnen de Nederlânske steat minder yn te bringen hat as de dominante groep. Mulder stipt ferskillende kearen wol oan dat it Frysk űnder druk stiet fan de (hegemoniale) oermacht fan it Nederlânsk, mar dat it Nederlânske bestjoerlik steatsramt dęrmei anneks is wurdt net bot útwurke. Faaks hie in minder partijpolitike oertinking oer oare politike oplossingen yn in tiid fan ôfnimmende ynfloed fan de nasjonale steat - lykas (kulturele) autonomy - wat mear fertelle kinne oer űnderbeljochte kanten fan de emansipaasjeproblematyk. Dęrfoaroer stiet faaks wer dat Bertus Mulder krekt troch syn deeglik en oanhâldend pleit foar in better plak foar it Frysk binnen de PvdA en de Fryske polityk bijdrage kinnen hat oan mear taalmacht foar de minderheidstaal binnen de besteande struktuer.

            Dizze samling fan teksten dy't ta in logyske ienheid omsmijd is makket dęrom net allinnich diel út fan de skiedskriuwing fan de Fryske sosjaal-demokrasy, mar foarmet ek in weardefolle oanfolling op de skiednis fan de Fryske beweging yn it algemien.

 


Stân fan saken Fryske plaknammen

Oersjoch fan de maatskiplike yntegraasje yn de njoggentiger jierren

 

troch Reitze J. Jonkman

 

Ynlieding

Al yn 1953 spriek it Kabinet formeel út dat in gemeenteried it foech hie plaknammen - nęst strjit- en wetternammen - yn it Frysk fęst te stellen. Utsein yn it gefal fan útsűnderingen as Nij Beets, Koufurderrige, De Tike, De Knipe en It Heidenskip waard der foar de tachtiger jierren net fan dat rjocht gebrűk makke. Troch diskusje om de nammejouwing fan de weryndielde gemeenten hinne is der yn 1983 troch de Keamer besletten om gemeenten ek it foech te jaan om de eigen gemeentenamme (yn it Frysk) fęst te stellen. Yn datselde jier ferskynde 'Fan Geunst nei Rjocht', it provinsjale einrapport oer it Frysk yn it offisjele ferkear. It feroarjen fan de provinsjenamme 'Friesland' yn 'Fryslân' waard dęryn as ien fan de mooglikheden om in Frysk taalbelied te fieren neamd. Yn dy tachtiger jierren binne der besluten fallen dy't der ta laat hawwe dat acht gemeentenammen, 31 plaknammen en ien provinsjenamme yn it Frysk fęststeld binne. Stelselmjittich taalbelied op it męd fan de topografyske nammen wie yn it begjin pionierswurk. Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel hawwe mei it offisjele ferfryskjen fan alle plaknammen de foarstap dien. It ynfieren fan de plaknammen yn 1989 hat it paad sljochte foar oare gemeenten as Littenseradiel (1993) en Ferwerderadiel (1999). It is no yn de twadde helte fan de njoggentiger jierren tiid om de stân fan saken oangeande de yntegraasje fan de Fryske plaknammen by ferskillende maatskiplike ynstânsjes lykas banken, KPN, sikefűns te besjen. Op ’e ein folget in oersjoch fan hoe’t it Fryske lân der nei tsien jier plaknammebelied (1989-1999) hinne lizze sil.

 

Buorden en bestannen

Twa foarmen fan taalbelied op it męd fan topografyske nammen moatte hjir űnderskaat wurde. De âldste foarm is it setten fan twatalige of inkeld Frysktalige buorden oan it begjin fan in stęd, doarp of buorskip. Dat is nammebelied dat sűnt de fyftiger jierren fierd wurdt. It oanbringen fan Fryske plaknammen op de kűmbuorden is tsjintwurdich de noarm: op Lemsterlân nei hawwe alle Frysktalige gemeenten Fryske of twatalige buorden by de grinzen fan har plakken pleatst of hawwe it beslút nommen dat ynkoarten te dwaan. Fierders hat It Bilt de Biltske fariant űnder de Nederlânske oanbrocht, bygelyks Vrouwenparochie/Froubuurt. Wat de kombuorden oanbelanget binne de eigen nammen al lang yntegrearre. It offisjeel fęststellen fan Fryske plaknammen is wat oars. By dy jongste foarm fan nammebelied giet it der om dat de Nederlânsktalige fariant út de bestannen fan de gemeentlike administraasje ferdwynt en ferfongen wurdt troch de Frysktalige fariant. It Kabinetsstânpunt fan 1953 stiet nammentlik offisjeel mar ien fariant ta. Is ien kear it beslút nommen om de Fryske plaknammen as dč offisjele yn de boargerlike stân op te nimmen, dan komme automatysk de offisjele nammen ientalich yn paspoart, rydbewiis, úttreksel fan it befolkingsregister, ensfh. Ek is it sa dat de oare oerheden dy offisjele nammen oernimme. It is dęrom begryplik dat it brűken fan de nammen - nei wat oanrinswierrichheden - dęr it earst ta stân kommen is. Nei ferrin fan tiid binne oare ynstânsjes folge.

         Yn earste opslach hawwe de besluten fan de gemeenten Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel nochal wat opfallende reäksjes útlokke. As men no yn de kranten út de tachtiger jierren weromlęst dat in rjochter yn ien fan de rjochtsaken doedestiids it nedich achte dat der ynearsten oranje warskôgingsbuorden (!) fanwegen de plaknammeferoaring pleatst wurde moasten, wol men dat hast net mear leauwe. Tsjintwurdich is men der oan wend dat der ientalich Fryske oantsjuttingen op de ANWB-buorden bij de provinsjale en rykswegen oanjűn steane. It is ien fan de foarbylden dat de plaknammen ek op oare plakken gewoan wurden binne. De ANWB hat tagelyk mei it offisjeel yngean fan de feroaring yn 1989 de hânwizers, de paadwiisbuorden, poddestoelbuorden, kaarten en syn publikaasjes oanpast. Sűnt 1994 is boppedat de ANWB-kaart fan Fryslân twatalich, dęr't de offisjele plaknamme (Fryske of Nederlânske) as earste bij jűn wurdt. Omdat de Topografyske Tsjinst yn Emmen de troch de gemeente fęststelde namme fuort yn syn bestannen opnimt, folgje kaartemakkers al gau: Shell, Euro-atlas, Falkplan, Citoplan en Michelin hawwe yn de jierren nei '89 de nammen ien- of twatalich opnommen op de autokaarten en Wolters-Noordhoff  (foar in part) yn syn atlassen. Nettsjinsteande opmerkingen fan tsjinstanners op dit punt, wienen de plakken yn de gemeenten Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel bij goed kaartlęzen noch altiten poerbęst te finen. Ek it konsekwinte gebrűk fan de Fryske plaknammen op de redaksjonele siden fan de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblęd en de streekblęden hat tige meiholpen oan it wend reitsjen oan de Fryske as offisjele foarmen. Sa njonkenlytsen folgje no ek op de advertinsjesiden de troch de gemeenten fęststelde toponimen.

 

Adressebestannen

Nęst de plakken lykas buorden, kaarten en kranten dęr't de nije nammen konkreet te sjen binne, besteane der noch in hiele soad oare plakken dęr't se as boarne yn opslein binne: de adressebestannen fan publike en partikuliere ynstânsjes. Lykas al sein wienen de boargelike stannen fan de gemeenten de earste bestannen út de publike sektor dy't de nije offisjele nammen opnommen hienen. Net lang dęrnei hawwe de nutsbedriuwen as de NUON en Frigem-súdeast de automatisearre bestannen bij de tiid brocht. Mei de wetlike ynfiering foar alle gemeenten fan de automatisearre Gemeentlike Basisadministraasje foar persoansgegevens (GBA) yn 1994, waard de útwikseling fan de offisjele nammen ek helte makliker. Dyselde bestannen wurde űnder oaren ek levere oan it CBS en it kadaster. Yn it begjin fan datselde jier brocht de direksje fan de Postbank de ynfiering yn de partikuliere sektor in ein fierder troch alle minsken yn Fryslân mei in Fryske plaknamme op it girorekken wie oan te skriuwen dat de Postbank tenei de nammen brűke soenen dy't "door de betrokken gemeenten zelf officieel gehanteerd worden". Der wie gjin plak mear foar űnoffisjele oantsjuttingen lykas Ljouwert en dus, miende de Postbank-direksje, foar gjin inkelde Fryske plaknamme dy’t fan de Nederlânske fariant ôfwykte. Boarnsterhim en de Ried fan de Fryske Beweging hawwe de bank doe dúdlik makke dat de Fryske oantsjuttingen yn Boarnsterhim, Littenseradiel en Tytsjerksteradiel de ‘officieel gehanteerde’ nammen binne en dat de bank by de ynfiering no konsekwint węze moast: Alle Fryske nammen fan alle rekkenhâlders yn de trije behelle gemeenten yntegraal ynfiere. Yn de rin fan dat jier is dat de bank en it dęroan ferbűne ING ek slagge. Soarchfersekerder De Friesland hat baat hân bij dy operaasje, want dy koe yn 1996 gebrűk meitsje fan de korrekte nammen fan de Postbank foar syn eigen adressebestân. Oare banken as de Fryslân Bank, VSB en Credit Lyonnais brűke yn prinsipe de offisjele Frysktalige plaknammen yn har korrespondinsje en adressebestannen. Yn itselde jier dat de Postbank oergong, hat boppedat de Fram - no Veonn - de oantsjuttingen fan de nij fęststelde nammen opnommen yn har busboekjes en oantsjuttingen op de bussen.

         Nei it oergean fan de Postbank en de grutste Fryske soarchfersekerder liket der yn de midden fan de njoggentiger jierren mear romte kommen te węzen foar it opnimmen fan Fryske nammen yn allerhanne oare partikuliere adressebestannen, bygelyks yn dy fan postoarderbedriuwen, reisorganisaasjes en oare grutte organisaasjes. Yn 1996 wie it yllegale Webtel de Telecom ôfdieling fan de PTT foar mei in elektroanysk telefoanboek op ynternet mei dęryn de Fryske plaknammen opnommen. De Gouden Gids kaam yn de rin fan dat jier mei inkeld de offisjele Fryske plaknammen op syn giele siden. No yn 1997 is bekend wurden dat PTT Telecom yn it telefoanboek fan 1998 it foarbyld fan de “giele siden” folgje sil. Oare ynfieringen bij oerheidsynstellingen as it justisjeel ynkassoburo en de belęsting binne noch in kwestje fan tiid. Sa njonkenlytsen liket PTT Post bv mei syn dizze simmer noch dôfhűdich útsprutsen wegering - fanwegen te min draachflak űnder de bewenners - ien fan de lęsten te węzen dy't der noch net bij de tiid is. Sij soargje dęr no ek foar.

 

Standertlist

De Ried fan de Fryske Beweging achtet dęrom 1997 it jier om mei in list út te kommen dęr't de stân fan saken op plaknammemęd sekuer yn werjűn wurdt: Plaknammen yn Fryslân. Mei dy útjefte moat foarsjoen wurde yn it ferlet fan in standertlist mei de offisjele (en semy-offisjele) toponimen fan alle 417 plakken mei in doarps- of stedsstatus. De standertlist jout in aktuëel oersjoch (bijwurke oant en mei Ferwerderadiel) dat net allinnich needsaaklik wurden is fanwegen de neamde plaknammewizigingen, mar ek fanwegen de staveringsferoaring, gemeentlike weryndielingen, gearfoegingen fan plakken, feroarjen fan doarpsstatus, ensfh yn de lęste desennia. De plaknammelist is alfabetisearre op de offisjele fariant (yn de offisjele stavering). As der in semy-offisjele of offisjeuze fariant fan in plaknamme bestiet, wurdt dy tusken heakjes achter de offisjele jűn. De semy-offisjele Fryske wjergader fan It Feen wurdt sa yn de standertlist opnommen: Heerenveen (It Hearrenfean). Semy-offisjele of offisjeuze toponimen binne dy farianten dy’t brűkt wurde op bijgelyks kombuorden. It Feen, Sint Jut, De Sweach, ensfh. Steane der dan ek net yn. Yn it gefal fan It Bilt, East-Kollumerlân, de Stellingwerven en de waadeilannen wurdt boppedat de fariant fan de oanbelangjende streek as twadde foarm opnommen. As in ekstraatsje wurdt op in kaartsje oanjűn hoe't de 36 persint fan de offisjeel Fryske plaknammen oer de 31 gemeenten ferdield binne. It is nammentlik in grut misferstân om te tinken dat der inkeld yn de trije neamde gemeenten offisjeel Fryske plaknammen binne (sjoch kaartsje); ‘Goutum’, ‘Dokkum’ en ‘Stiens’ binne net minder offisjeel Frysk as ‘Burgum’, ‘Mantgum’ en ‘Grou’. It opnommen kaartsje yn Plaknammen yn Fryslân jout dęrmei fuort - ymplisyt - ek oan hokker oanpart fan de plaknammen at noch troch de oanbelangjende gemeenterieden offisjeel ferfryske wurde kinne yn de (heine?) takomst.

Kostenlose Webseite von Beepworld
 
Verantwortlich für den Inhalt dieser Seite ist ausschließlich der
Autor dieser Homepage, kontaktierbar über dieses Formular!